Australysk Haadstedsk Territoarium

It Australyske Haadstedsk Territoarium (Ingelsk: Australian Capital Territory), ek yn it spraakgebrûk gauris ôfkoarte ta ACT, is ien fan 'e beide selsbestjoerende binnenlânske territoaria fan Austraalje. It omfiemet in lytse enklave yn it súdeasten fan it Australyske fêstelân, dy't folslein omjûn wurdt troch de steat Nij-Súd-Wales. De iennichste stêd en fierwei de grutste delsetting yn it territoarium is de Australyske federale haadstêd Canberra. Mei 0,03% fan it nasjonaal grûngebiet is it ACT fierwei it lytste Australyske gewest. It is lykwols ek it tichtstbefolke gewest. Neffens gegevens út 2012 hie it ACT doe goed 373.000 ynwenners, wat delkomt op 1,0% fan 'e totale Australyske befolking, en wêrmei't it in gruttere befolking hat as it Noardlik Territoarium, hoewol't dat mear as 600 kear sa grut is.

Australysk Haadstedsk Territoarium
Australian Capital Territory
flagge wapen
Ingelsk: For the King, the law and the people
("Foar de kening, de wet en it folk")
lokaasje yn Austraalje
algemien
ôfkoarting ACT
lân Austraalje
status territoarium
haadstêd Canberra
grutste stêd Canberra
sifers
ynwennertal 373.100 (2012)
befolkingstichtens 160 / km²
oerflak 2.358 km² (ynkl. wetter)
2.280 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC+10 (S.T. UTC+11)
webside www.act.gov.au

De namme fan Australysk Haadstedsk Territoarium is gjin útlis brek. Oarspronklik hiet it gebiet it Territory for the Seat of Government, it "Territoarium foar de Regearingssit", en letter stie it noch in hoart bekend as it Federal Capital Territory, it "Federaal Haadstedsk Territoarium".

 
In lânkaart dy't de lizzing fan it Australysk Haadstedsk Territoarium en it Jervis Bay Territoarium oanjout.

It ACT hat in oerflak fan 2.358 km², wêrfan't 2.280 km² út lân bestiet en 77,6 km² út wetter. Dêrmei is it fierwei it lytste Australyske gewest. De territoarium grinzget oan alle kanten oan 'e steat Nij-Súd-Wales, dêr't it út fuortkommen is. Oan 'e easkant wurdt de grins foarme troch it spoar fan Goulburn nei Cooma; yn it suden troch de wetterskieding fan 'e Naas Creek, yn it westen troch de wetterskieding fan 'e rivier de Cotter, en yn it noardeasten troch de wetterskieding fan 'e rivier de Molonglo. It ACT omfettet fierders noch in smelle stripe lân oan 'e (east)kust fan Nij-Súd-Wales, op it Beecroftskiereilân, oan 'e noardkant fan 'e Jervisbaai (net te betiizjen mei it Jervis Bay Territoarium).

It ACT leit yn it súdeasten fan Nij-Súd-Wales, foar in part yn en foar de rest fuortby it Grutte Skiedingsberchtme. It diel yn 'e bergen wurdt grutdiels beslein troch it Nasjonaal Park Namadgi. Njonken dat gebiet en de federale haadstêd Canberra omfiemet it ACT ek in stik plattelân dêr't lânbou bedreaun wurdt en dêr't ferskate doarpen lizze. De grutste rivieren yn it territoarium binne de Naas en de Murrumbidgee, en it heechste punt is Bimberi Peak, mei in hichte fan 1.912 m.

Doe't der oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw serieus praten waard oer de omfoarming fan 'e ûnderskate Britske koloanjes op it Australyske kontinint ta ien bestjoerlike entiteit, waard troch guon koloniale folmachten fuort al oanjûn dat dan de oprjochting fan in federaal territoarium needsaaklik wêze soe, mei't it net sa wêze koe dat ien fan 'e Australyske steaten mear macht hawwe soe as de oaren, simpelwei om't de federale haadstêd op it grûngebiet fan dy steat lizze soe. Doe't de Australyske Federaasje yn 1901 oprjochte waard, lei men yn kêst 125 fan 'e grûnwet fêst dat der sa gau mooglik in federaal territoarium stifte wurde soe. Yn 1911 stie Nij-Súd-Wales dêr in stik lân foar ôf, en yn 1913 waard Canberra útroppen ta de nije federale haadstêd fan Austraalje. It regear hold lykwols noch oant 1927 syn sit yn Melbourne, mei't der doe pas genôch foarsjennings yn Canberra oanlein wiene om 'e haadstêd ek wier-wier dêrhinne oer te bringen.

 
In fytspaad troch it plattelân fan it ACT.

Yn 1915 stie Nij-Súd-Wales ûnder de Jervis Bay Territory Acceptance Act noch in stik gebiet ôf, diskear oan 'e kust, dat it Jervis Bay Territoarium waard. It wie de bedoeling om it ACT dêrmei in tagong ta de see te jaan, en 73 jier lang fungearre it gebiet as in soarte fan depindânse fan it ACT. It haadstedsk territoarium waard yn dy tiid streekrjocht troch it Australyske federale regear bestjoerd. Pas yn 1988 krige it selsbestjoer. Doe waard mei-iens it Jervis Bay Territoarium bestjoerlik losmakke fan it ACT. Jervis Bay waard in apart territoarium, dat sûnt bestjoerd wurdt troch de Australyske minister dy't ferantwurlik is foar de territoaria, op 't heden de minister fan Binnenlânske Saken.

 
Boerd oan 'e grins fan it ACT.

It ACT hat noch in lytse stripe lân beholden op it Beecroftskiereilân, besteande út in part fan 'e noardlike kust fan 'e Jervisbaai (net te betiizjen mei it Jervis Bay Territoarium, dat oan 'e súdkant fan 'e baai leit). Dat diel fan it ACT is in eksklave dy't omjûn wurdt troch de steat Nij-Súd-Wales en de Tasmansee. It is nijsgjirrich dat dit gebiet sels wer in Nijsúdwelske eksklave omjout, te witten de fjoertoer fan Point Perpendicular, dy't op 'e súdlike punt fan it Beecroftskiereilân stiet. Dat stikje grûn wurdt fan 'e rest fan Nij-Súd-Wales skaat troch it stikje ACT-lân.

It ACT hat in ienkeamerich territoriaal parlemint, de Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly), fan 17 sitten. It territoarium wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint (chief minister). It selsbestjoer is lykwols in stik beheinder as dat fan 'e Australyske steaten, en oant 2011 koe it federale regear sûnder pardon lykfol hokker wet dy't troch it parlemint fan it ACT oannommen wie, neatich ferklearje. Sûnt 2011 is dêr in mearderheid yn 'e beide keamers fan it federale parlemint foar nedich. Yn it federale Australyske parlemint, ek yn Canberra, wurdt it ACT yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 2 fan 76 sitten (2,6%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 2 fan 150 sitten (1,3%).

 
It parlemintsgebou fan it ACT.

De ekonomy fan it ACT wurdt dominearre troch de tsjinstesektor, en dan fral troch de federale oerheidstsjinsten. Bûten Canberra wurdt der op it plattelân fan ACT dien oan feehâlderij (fan skiep en melkfee), en ek oan wynproduksje en lytsskalige ferbou fan oare gewaaksen. Yn Tidbinbilla stiet it Canberra Deep Space Communication Complex, in fasiliteit fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA.

 
Utsjoch oer Canberra by nacht.

Neffens gegevens út 2012 hie it Australysk Haadstedsk Territoarium doe 373.100 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 160 minsken de km². Dêrmei wie it ACT fierwei it tichtstbefolke fan alle Australyske gewesten. Fan 'e befolking fan it ACT wennet de oergrutte mearderheid yn 'e federale haadstêd Canberra. Oare plakken yn it ACT binne: Williamsdale, Naas, Uriarra, Tharwa, Hall en Tidbinbilla.

Om't it op in hichte fan 650 m boppe seenivo leit, hat it ACT, oars as it grutste part fan Austraalje, fjouwer dúdlik faninoar ûnderskate jiertiden. De simmers binne hjit en drûch, en de winters kâld mei geregeldwei froast en út en troch mist. De measte hegere bergen yn it súdwesten fan it territoarium binne in diel fan 'e winter mei snie bekape. Swierwaar komt yn it simmerhealjier, tusken oktober en maart, gauris foar, en de jierlikse delslachhoemannichte is 623 mm. Rekôrtemperatueren yn it ACT wiene 42,8 °C op 11 jannewaris 1939 te Acton, en –14,6 °C op 11 july 1971 oan 'e rivier de Gudgenby.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


 
              Austraalje
 
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
  ·   ·  
  NODES
Done 1
see 4