Australyske Aborizjinals

De Australyske Aborizjinals binne de âldst-bekende bewenners fan Austraalje.

Manlju op it eilân Bathurst, 1939
Uluru of Ayers rock

De religieuze ideeën fan 'e Aborizjinals konsintrearje har om it trochgeande bestean fan machtige geasten dy't op ierde libben yn 'e Dreamtiid, dy't bestie foar de komst fan 'e minsken. Dy geasten skoepen alle fasetten fan 'e natoer en wienen de foarâlden fan alle libbene dingen. Se namen ferskillende foarmen oan, mar holden en droegen har sa't ek minsken dat dogge en ûnder harren omswalkings lieten se op beskate plakken tekens efter dy't sjen lieten dat sy dêr lâns kommen wienen. Nettsjinsteande harren boppenatoerlikens stienen dizze geasten bleat oan ferâldering en úteinlik moasten se wer weromkeare nei de slieptastân dêr't se oan it begjin fan 'e tiden út wekker wurden wienen. Dêr bliuwe se as ivige krêften dy't de nijbernen libben ynblaze en natoerlike foarfallen beynfloedzje.

De spirituële enerzjy fan eltse geast-foarfaar floeit oer it paad dat er yn 'e Dreamtiid gongen is en is it sterkst op plakken dêr't er fysyk bewiis fan syn oanwêzigens efterlitten hat, lykas yn in beam, in heuvel of in klaaipanne. Dêrom binne sokke plakken foar de Aborizjinals hillich. Ien fan 'e grutste hillige plakken is de bekende reade rotsberch yn sintraal Austraalje dy't de Aborizjinals Uluru neame en de blanken Ayers Rock.

Elts libben wêzen, minske, bist en plant, leauwe de Aborizjinals fan dat it twa sielen hat: in stjerliken en in ûnstjerliken. De lêste makket diel út fan in beskate geast-foarfaar en keart nei de dea werom nei de hillige plakken fan dy foarfaar, wylst de stjerlike siel gewoan yn it neat weiwurdt. Eltse persoan is dus spiritueel ferbûn mei de hillige plakken dy't assosjearre wurde kinne mei syn of har geast-foarfaar. It is dêrom ek in persoanlike plicht om te helpen by it fersoargjen fan 'e hillige plakken, de needsaaklike rituëlen út te fieren en de lieten te sjongen dy't ferhelje fan 'e omswalkings fan 'e foarfaar op ierde yn 'e Dreamtiid. Troch dat te dwaan, wurdt de oarder dy't dy foarfaar skepen hat, befêstige en yn stân holden.

De hillige plakken fan 'e Aborizjinals binne net lykas kristlike tsjerken, dy't desanktifiëarre wurde kinne foar't se ôfbrutsen wurde. Ek kinne se net kocht of ferkocht wurde. Oare Austraaljers fine dat mar dreech te begripen, om't sy lân sjogge as eat dat it eigendom is fan ien persoan, wylst de Aborizjinals lân sjogge as eigendom fan 'e mienskip. Aborizjinals leauwe boppedat dat it ferneatigjen of skea tabringen oan in hillich plak net allinne de libbenen sels bedriget, mar ek de geasten dy't dat plak bewenje en de foarfaar dêr't it mei ferbûn is. It is yn harren fysje in ûnferantwurdlike en gefaarlike die dêr't elts woltinkend persoan de morele plicht om hat en ferset him der ta it uterste tsjin.

De namme Aborizjinals komt fia it Ingelske Aboriginal, lânseigen, fan it Latynske ab origine, fan it begjin.

  NODES