In band (útspr.: [bɛnt], likernôch: "bent"), fan it Ingelske band (útspr.: [bæ:nd], likernôch: "bênd"), is in groepke muzikanten dat popmuzyk spilet of ymprovisearret, mei-inoar optredens fersoarget en faak ek eigen muzyk publisearret yn 'e foarm fan albums en/of singles. De term 'band' ymplisearret dat alteast guon fan 'e leden fan sa'n muzykgroep muzykynstruminten bespylje; is dat net it gefal, dan sprekt men earder fan in popgroep as fan in band.

In band.

De meast foarkommende opstelling fan in band dy't popmuzyk spilet, bestiet út in gitarist (faak de lead-gitarist neamd), in basgitarist en in drummer. Dêropta kinne der noch bespilers fan oare ynstruminten wêze, lykas in synthesizer of in saksofoan . As de band gjin popmuzyk, mar jazz spilet, sjocht men faker in opstelling mei in piano, drumstel, trompet, saksofoan en kontrabas, wylst men yn 'e countrymuzyk faak ien of mear gitaren, in drumstel, in fioele en in pedaalstielgitaar brûkt, mei fral yn 'e bluegrass faak ek in banjo derby. De beneaming 'band' wurdt ek wol brûkt om in dûnsorkest oan te tsjutten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.


  NODES