Bell YFM-1 Airacuda

Bell Airacuda


Rol Jachtfleanmasine
Makker Bell Aircraft
Untwerper Bob Woods
Earste flecht 1 septimber 1937
Yn tsjinst 23 febrewaris 1940
Ut tsjinst 1942
Tal makke 13
Brûkers United States Army Air Corps

De Bell YFM-1 Airacuda wie in swiere Amerikaanske jachtfleanmasine, ûntwurpen en makke troch de Bell Aircraft Corporation mids jierren tritich fan 20e iuw. It wie de earste miltêre fleanmasine dy't Bell produsearre. Oarspronklik waard it ûntwerp oantsjut mei "Bell Model 1". De Airacuda hie wol moderne eigenskippen, mar ek in protte lekken en brekken dy't makken dat it tastel oan 'e grûn holden waard.

De Airacuda wie Bell Aircraft's antwurd op de fraach nei in "bomber destroyer" en jachtkruser. Hoewol't der ien squadron mei dit tastel foarme waard, binnen der njonken it prototype mar 12 produksjemodellen makke yn trije ferzjes dy't in bytsje fan elkoar ferskilden. It squadron wie operasjoneel fan 1938 oant 1940.

De Airacuda hie in bemanning fan fiif persoanen wat hiel ûngewoan wie foar in jachtfleantúch. It prototype XFM-1 (USAAC searjenûmer 36-351) waard útrist mei twa Allison V-1710-13 sûgermotors, mar de folgjende njoggen krigen YFM-1 V-1710-23-motors. De motors dreaune in triuwpropeller oan, dy't mei in eksplosyf ôfsmiten wurde koe yn gefal fan need en de bemanning yn de gondel foar de motors, dy't it 37-mm-Madsen-masinekanon bestjinne, de gelegenheid joech út it tastel te springen sûnder troch de propeller fermeald te wurden. De navigator koe twa 7,62-mm-MG yn de romp op ôfstân betsjinje en de radiotelegrafist/boardskutter betsjinne de oare ien as twa 12,7 masinegewearen.

De trije lêst makke YFM-1A's krigen in noastsjel. Trije YFM-1s krigen sterkere motors en dêrnei mei YFM-1B oantsjut.

Alles meiïnoar moat it tastel as in mislearre ûntwerp beskôge wurde: te swier, te stadich, ekstreem ynstabyl om de dwers-as (stampe) en op ien motor praktysk net te behearskjen; de motors wiene tige gefoelich foar te hjit wurden.

De Airacuda wie ek oanhelle mei in kompleks en net te betrouwen elektrysk syteem en wie it iennichste tastel ea boud mei in APU dy't de brânstofpompen en alle elektryske systemen oandreaun. Dat systemen dy't gewoanwei stroom krije fan de dynamo fan de motors moasten it by dit tastel fan ien generator hawwe. Yn it gefal dat dy stikken rekke (en dat barde gauris) die neat it mear: de piloat hie NO fuel pressure, NO vacuum, NO hydraulic pressure, NO gear, NO flaps and NO ENGINES.

Der waard mear as ien kear besocht om dy swierrichheden op te lossen, mar de Airacudaproduksje waard foar de Twadde Wrâldoarloch mei stoppe.

Technyske gegevens

bewurkje seksje
 
In YFM-1A
YFM-1 Airacuda
Langte 14,0 m
Spanwiidte 21,3 m
Hichte 3,90 m
Oandriuwing twa Allison-V-1710-13,
12-sylinder-V-motor mei turbo's en 800 kW by de start
Topfaasje 446 km/o
Krúsfaasje 393 km/o
Klimfaasje 1480 ft/min (7,5 m/s)
Fleanberik 1510 oant 2880 km
Bemanning 5
Tsjinstplafond 9300 m
Gewicht leech 6200 kg
Maks. fleangweicht 8190 kg
Bewapening twa 37-mm-M4 masinekanonnen, twa 7,62-mm-MG en twa 12,7-mm-MG;
20 14-kg-bommen

Besibbe ûntwerpen

bewurkje seksje
  NODES