Berchtesgaden is in stêd en 'Marktgemeinde yn Beieren yn it suden fan Dútslân, tichteby de Eastenrykske grins, goed 30 kilometer súdlik fan Salzburg en 180 kilometer súdeastlik fan München. Oanbuorjende plakken fan Berchtesgaden binne Bischofswiesen, Markt Schellenberg, Ramsau en Schönau am Königssee. Sûnt de Beierske weryndielingen fan 1 jannewaris 1972 hearre ek de earder selstannige gemeenten Au, Maria Gern en Salzberg by Berchtesgaden.

Berchtesgaden
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
lânkring Berchtesgadener Land
Sifers
Ynwennertal 7.624 (2021)
Oerflak 35,63 km²
Befolkingsticht. 214 ynw./km²
Hichte 572 m
Oar
Postkoade 83471
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 47° 37'N 13° 00'E
Offisjele webside
www.gemeinde.berchtesgaden.de
Kaart
Berchtesgaden (Beieren)
Berchtesgaden

Berchtesgaden wurdt fakentiden assosiearre mei de ferneamde 'Watzmann', mei 2.713 meter de op twa nei heechste Dútske berch (nei de 'Zugspitze' en de 'Hochwanner'), dy't ûnder berchklimmers bekend stiet om de 'Ostwand' en de djippe 5,2 km² gletsjermar 'Königssee'. In oare hege berch is de 'Kehlstein' mei 1.835 meter, dêr't Martin Bormann it Kehlsteinhaus ("Adolf Hitler's teehûs") op boude.

Tichteby Berchtesgaden leit de Obersalzberg, dat Hitler foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich yn in unbidich nazy-kompleks feroare. Dêr lei ek syn favorite ferbliuw de 'Berghof', dy't er folle faker brûkte as it Kehlsteinhaus.

De skiednis fan it plak giet werom op 1102, doe't it gebiet neamd waard fanwegen de rykdom oan sâltôfsettings. In grut part fan de wolstân fan Berchtesgaden wie ôfkomstich fan de sâltminen, dy't de stêd útgroeie lieten ta in 'markt'.

 
Stift en markt Berchtesgaden (1643)

Berchtesgaden waard it haadplak fan in geastlik gebiet, dat ûnderdiel wie fan it Beierske hartochdom. Keizer Freark Barbarossa liet yn 1156 de grutte fan it stift fêstlizze en garandearre it gebiet de soevereine rjochten op it bosk en de folslein rjochten op it winnen fan sâlt en metaal. Oant it Reichsdeputationshauptschluss yn 1803 wie de stêd in ûnôfhinklike prins-proasdei.

Nei de sekularisaasje en it ein fan it bewâld fan de prins-proasdij wiksele Berchtesgaden yn sân jier tiid fjouwerris fan lân. Sûnt 1803 hearde Berchtesgaden op oanwizing fan de Frânsen by it nije Karfoarstendom Salzburg ûnder Habsburgersk bewâld, nei de Frede fan Pressburg yn 1805 foel Berchtesgaden ûnder it nije keizerryk Eastenry en sûnt 1809 foar in hoart by Frankryk. Nei de nije weryndieling fan Europa yn 1810 waard Berchtesgaden as it haadplak fan it Berchtesgadener Land tegearre mei Salzburg by it Keninkryk Beieren yndield. Oars as Salzburg, dat yn 1816 wer by Eastenryk yndield waard, bleau Berchtesgaden definityf ûnder Beiersk bewâld.

 
250pxWatzmann
Caspar David Friedrich


Al gau waard Berchtesgaden in populêre bestimming foar de Beierske keninklike famylje, dy't faak de Königsse besocht en in keninklik jachthûs yn 'e stêd hie. Hja lieten it kleaster fan de koarhearen útwreidzje ta in keninklik paleis. It toerisme kaam op en in tal keunstners kamen nei it gebiet om te helpen by it opsetten fan de "Malereck" oan de igge fan de Königssee. De stêd, de omkriten en it útsjoch op it Watzmann-massyf wiene populêre motiven foar de skilders. Yn de jierren 1820 makke Carl Rottmann al in tal skilderijen fan de Berchtesgadener Alpen. Ek it skilderij Watzmann (1824-1825) fan Caspar David Friedrich is in bekend wurk. Oare gasten wiene bygelyks de Beierske skriuwer Ludwig Ganghofer en de de Noarske skriuwers Jonas Lie en Henrik Ibsen.

Berchtesgaden wie suver katolyk, mar nei't jimmeroan mear protestantske gasten de stêd besochten en dêr in twadde hûs krigen, waard yn 1899 njonken de al trije katolike tsjerken ek in protestantsk-lutherske tsjerke boud.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Stiftstsjerke mei de residinsjegebouwen
  • Stiftstsjerke Sint-Peter en Sint-Jehannes de Doper;
  • It riedshûs (1873-1875);
  • Sint-Andréastsjerke (13e iuw, ferbou 1480, barok ynterieur);
  • Beafeartstsjerke Us Leaffrou oan de Anger
  • Keninklik Slot Berchtesgaden (it eardere koarhearenstift dat letter ferboud waard ta residinsje fan de proast en sûnt 1810 yn eigendom wie fan it Beierske keningshûs);
  • Dokumintaasjesintrum Obersalzberg
  • Haus der Berge (ynformaasjesintrum Nasjonaal Park Obersalzburg)

Nazy-bolwurk

bewurkje seksje
 
Hitler's bombardearre hûs (17 septimber 1948)

Al yn de jierren 1920 hold Adolf Hitler fekânsje yn de kontrijen fan Berchtesgaden. Sûnt 1928 hierde Hitler it Haus Wachenfeld, dat er yn 1933 oankocht en fuort dêrnei fer- en útboude ta syn 'Berghof'. Doe't ek oare belangrike nazy's lykas Hermann Göring, Joseph Goebbels, Martin Bormann, Heinrich Himmler en Albert Speer it gebiet besochten, begûn de partij lân op 'e Obersalzberg op te keapjen en op te easkjen.

Nei't de nazy's de macht oernamen, ferklearre it nije rezjym de Obersalzberg, hjoeddedei in diel fan Berchtesgaden, ta Führersperrgebiet mei de Berghof as sintrum. Berchtesgaden en omkriten (Stanggass) wiene de bûtenpost foar de Dútske Rykskânselarij. Dat makke it gebiet ek belangryk foar de alliearden om it te oermasterjen. De alliearde loftoanfal op 25 april 1945 trof lykwols allinne de Obersalzburg; Berchtesgaden sels hie der net in soad fan te lijen.

 
It Earnenêst

Reliken út de nazytiid binne noch jimmeroan yn de omkriten te sjen, alhoewol't mar in pear gebouwen goed bewarre binne. Dat is bygelyks it 'Kehlsteinhaus' (troch in Frânsk diplomaat ek it Earnenêst neamd), in ûntwerp fan Martin Bormann, in teehûs dat lykwols net in soad troch Hitler brûkt waard. De bombardeminten fan 1945 ferneatigen de hûzen fan de nazylieders en nei de kriich waard de resten dêrfan romme.

De 'Berchtesgadener Hof', dêr't ferneamde nazy's útfanhûzen mar ek minsken as Neville Chamberlain en David Lloyd George, oerlibbe de kriich en waard neitiid brûkt troch de Amerikanen. Yn 1995, in heale iuw nei it ein fan de Twadde Wrâldkriich en fiif jier nei de Dútske ienwurding, waard it rekréaasjesintrum ûnder president Bill Clinton oerdroegen oan de Beierske oerheid yn ferbân mei besunigings op de Amerikaanske definsjebegrutting, dy't laten ta it sluten fan bases. Dêrnei waard de Berchtesgadener Hof sletten en stie it leech, oant it yn 2006 ôfbrutsen waard. Hjoeddedei stiet dêr in museum, it 'Haus der Berge'.

Ek de 'Platterhof' (it eardere 'Pension Moritz'), dêr't Hitler yn 1925 yn in blokhut wurke oan 'Mein Kampf', bleau nei de kriich bewarre. De Platterhof waard nei de oarloch bekend as it 'Generale Walker Hotel' en die tsjinst as in resort foar it Amerikaanske leger, mar it waard yn 2000 foar it measte ôfbrutsen. In oar gebou dat bewarre bleau is it eardere SS-haadkertier 'Hotel Zum Türken', mei in ûndergrûnsk bunkersysteem.

Oare nazy-arsjitektuer yn Berchtesgaden binne it grutte treinsstasjon en it postkantoar.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en/of Einzelnachweise, op dizze side.


  NODES
Done 1
see 3