Berend de Vries (Emden, 31 desimber 1883 - Emden, 25 jannewaris/25 novimber 1959)[1] wie in Eastfrysk skriuwer en dichter.

Berend wie in soan fan in skipskaptein; gie yn Emden nei skoalle en waard amtner by de (Seekabel)-Post en Telegrafytsjinst. Ut reden fan sûnens giet er mei 44 jier al mei pensjoen, dat hy kin him dan hielendal oan de skriuwerij oerjaan.

De Vries wie in lyrikus dy't yn it Nederdútsk en Heechdútsk skreau oer see en kust. Syn poëzij fûn ek yngong yn Fryslân. Ferskillende fan syn ferzen waarden oerset yn it Frysk, ûnder oaren troch Obe Postma en Marten Sikkema.

Hy waard ûnderskieden mei it Verdienstkreuz am Bande (1958) en him waard yn 1958 it eareboargerskip fan de gemeente Borkum ferliend.[2]

Wurk (karút)

bewurkje seksje
  • 1932: Schipp ahoi, Balladen und Gedichte, Hamburch
  • 1953: Dat Schipp Mannigfual, Gedichte und Balladen, Aurich
  • 1958: De Fahrt na't Witte Aland, ferhalen, Hamburch

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Vries, Berend de.

  1. Ferskillende boarnen jouwe ferskillende datums, wylst it dúdlik om ien en deselde persoan giet.
  2. (dú) de Vries – Dichter der Insellandschaft|work=heimatverein-borkum.de
  3. (dú) Klaus-Groth-Priis (archivearre)
  NODES
os 2