Bibelgurdle (Feriene Steaten)

De Bibelgurdle (Ingelsk: Bible Belt) is yn 'e Feriene Steaten in ynformele oantsjutting foar súdeasten en it middensuden fan it lân, dêr't de mearderheid fan 'e befolking der yn religieus opsjoch kristlik-fûnemintalistyske tinkbylden op nei hâldt en yn polityk en maatskiplik opsjoch konservatyf oant uterst konservatyf is. De term 'Bibelgurdle' waard ynsafier bekend foar it earst yn 1924 brûkt yn in artikel yn 'e krante de Chicago Daily Tribune, troch de sjoernalist en polityk kommentator H.L. Mencken. Doe't de namme oansloech, claimde Mencken him yn 1927 as in betinksel fan sines.

De Bibelgurdle yn 'e Feriene Steaten.
Dizze side giet oer de Amerikaanske Bibelgurdle. Foar de Nederlânske Bibelgurdle, sjoch: Bibelgurdle.

De Bibelgurdle omfiemet de Amerikaanske steaten Noard-Karolina, Súd-Karolina, Georgia, Alabama, Mississippy, Arkansas, Tennessee, Kentucky, Missoury, Oklahoma en Teksas, mei dêropta Firginia útsein it noardlikste puntsje, Louisiana útsein New Orleans, de noardlike helte fan Floarida en de súdlike dielen fan Illinois, Indiana en West-Firginia. Under de koloniale perioade (1607-1776) wie de Bibelgurdle in bolwurk fan 'e Anglikaanske Tsjerke. De oergong fan it anglikanisme nei in fûnemintalistysk net-anglikaansk protestantisme fûn yn 'e iuw tusken 1775 en 1875 plak, net as in stadige ferskowing, mar yn 'e foarm fan in rige skoksgewize religieuze revival-bewegings, dy't foar in grut part assosjearre wiene mei it baptisme.

It strange protestantisme fan 'e Bibelgurdle stekt skril ôf tsjin it moderate protestantisme en it roomsk-katolisisme dat beliden wurdt yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten, it religieuze ferskaat om 'e Grutte Marren hinne, de Mormoanske Korridôr yn Utah en súdlik Idaho en de grutdiels sekuliere westkust. It kultuerferskil tusken de Bibelgurdle en oare dielen fan 'e Feriene Steaten kin ek ôflêzen wurden oan 'e hân fan it persintaazje dat ateïsten en agnosten útmeitsje fan 'e befolking fan 'e ûnderskate Amerikaanske steaten. Yn Alabama, djip yn 'e Bibelgurdle, is dat mar 3%, wylst it yn 'e sekulierste steat, Fermont, op 34% leit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

  NODES