Bologna, is in Italjaanske stêd mei 387.971 ynwenners[1] yn Noard-Itaalje. De stêd is de haadstêd fan it stedsgewest mei deselde namme en fan de regio Emylje-Romanje. De stêd leit oan de foet fan de Apeninen tusken de rivieren de Reno en de Savena.

Bologna
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Emylje-Romanje
Stedsgewest Bologna
Sifers
Ynwennertal 387.971 (jannewaris 2023)
Oerflak 140 km²
Befolkingsticht. 2800 ynw/km²
Hichte 54 m
Offisjele webside
Bologna – offisjeel webstee
Kaart
Bologna (Itaalje)
Bologna
Lizzing fan Bologna yn Itaalje
Dizze side giet oer de Italjaanske stêd Bologna. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bologna (betsjuttingsside).

Bologna is ôfgeand op it ynwennerstal de sânde stêd fan Itaalje en it hert fan ien fan de agglomeraasjes yn dat lân. De totale omfang fan de metropool leit om en by de 1 miljoen ynwenners. De telling is basearre op de agglomeraasje Bologna-Modena, twa metropoalen dy't hast oaniensletten binne. De Universiteit fan Bologna is mei har oprjochting yn 1088 de âldste universiteit fan Europa. Dêrneist stiet de stêd bekend om syn grutte, fierhinne bewarre bleaun histoaryske binnenstêd, nettsjinsteande de ferstedsking oan de ein fan de 19e iuw en de Twadde Wrâldkriich. Dit is mei te tankjen oan de renovaasje oan de ein fan de jierren 60.

De stêd hat in pear bynammen: “la rossa” (“de reade”, omreden fan de reade bakstiennen gebouwen yn de histoarysk binnenstêd, neffens guon ek fanwegen de fanâlds sosjalistyske sinjatuer), “la dossa” (“de gelearde”, in ferwizing nei de foaroansteande universiteit) en “la grassa” (“ de fette ”, mei it each op de kulinêre kultuer) en “la turrita”. De woarst mortadella en de tradisjonele Italjaanske saus, Bolognesesaus foar by de pasta hawwe harren oarsprong yn Bologna.

Bologna wie yn 2000 de "kulturele haadstêd fan Europa" en yn 2006 de "muzikale haadstêd fan Europa" en is sûnt in "UNESCO City of Music".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. jannewaris 2023

Wikipedy:NL

  NODES