Britsk Filmynstitút

It Britsk Filmynstitút (Ingelsk: British Film Institute), ôfkoarte ta BFI, is in Britske organisaasje dy't de filmyndustry en tillefyzje yn it Feriene Keninkryk oanfiterje en preservearje wol. It is in stifting dy't nauwe bannen ûnderhâldt mei en in protte subsydzje ûntfangt fan 'e Britske oerheid. It Britsk Filmynstitút is erkend as in goeddiedichheidsorganisaasje, dy't in lotterij eksploitearret om filmproduksje, filmdistribúsje en edukaasje te finansieren. Dêrnjonken hat it ynstitút yn Londen twa bioskopen yn besit. Ien fan 'e wichtichste besteansredens foar de organisaasje it Nasjonaal Argyf fan it Britsk Filmynstitút, dat it grutste argyf oangeande film en tillefyzje fan 'e wrâld is. It Britsk Filmynstitút is fierders ferantwurdlik foar de organisaasje fan û.m. it BFI Filmfestival fan Londen.

Britsk Filmynstitút
British Film Institure
algemiene ynformaasje
ôfkoarting BFI
nasjonaliteit Britsk
type org. stifting
wurkmêd film en tillefyzje
haadkertier Londen (Ingelân)
off. taal Ingelsk
oprjochte 1933
orgaan Sight & Sound
aktyf yn it Feriene Keninkryk
offisjele webside
bfi.org.uk

It Britsk Filmynstitút waard yn 1933 oprjochte as in private ynstelling, dy't lykwols oant 1965 subsidiëarre waard troch de Privy Council en it Britsk Ministearje fan Finânsjes en sûnt 1965 troch de ferskate ministearjes dy't yn it Feriene Keninkryk foech oer kultuer hân hawwe. Yn 1948 waard it ynstitút yngeand herfoarme, nei't it Radcliffe Rapport oanrikkemandearre hie dat it him tenei talizze moast op 'e wurdearring fan filmkeunst ynstee fan him sels mei de produksje te bemuoien. Sadwaande waard it tafersjoch oer de produksje fan edukative films oernommen troch it Nasjonaal Komitee foar Fisuele Helpmiddels (NCVA), wylst de Britske Filmakademy (BFA) it tafersjoch oer de kommersjele filmproduksje yn it Feriene Keninkryk krige.

Fan 1952 oant 2000 finansierde it Britsk Filmynstitút it wurk fan nije en eksperimintele filmmakkers fia de BFI Production Board. Yn 1983 ûntfong it Britsk Filmynstitút in keninklik hânfêst, dat yn 2000 oanpast en by de tiid brocht waard. Datselde jiers naam de Filmried fan it Feriene Keninkryk (UKFC) de ferantwurdlikheid oer om beurzen ta te kennen oan begjinnende en eksperimintele filmmakkers. As in selsstannich en registrearre Britsk goed doel wurdt it Britsk Filmynstitút tsjintwurdich regulearre troch de Goeddiedichheidskommisje foar Ingelân en Wales en troch de Privy Council.

Aktiviteiten

bewurkje seksje

It Britsk Filmynstitút besit wrâlds grutste filmargyf, it Nasjonaal Argyf fan it BFI, dat foarhinne de Nasjonale Filmbibleteek (1935-1955), it Nasjonaal Filmargyf (1955-1992) en it Nasjonaal Film- en Tillefyzje-argyf (1993-2006) hiet. It omfettet mear as 50.000 fiksjefilms, mear as 100.000 dokumintêres en oare non-fiksjefilms, en likernôch 625.000 tillefyzjeprogramma's. Foar it meastepart is dy kolleksje fan Britske makkelei, mar der sitte ek wichtige bûtenlânske wurken fan 'e oer de hiele wrâld tusken.

 
De London IMAX-bioskoop.

It Britsk Filmynstitút eksploitearret de BFI Southbank-bioskoop (foarhinne it National Film Theatre) en de London IMAX-bioskoop, dy't beide oan 'e súdlike igge fan 'e rivier de Teems yn Londen steane. BFI Southbank funksjonearret as it grutste filmhûs fan it Feriene Keninkryk, mei't der films fan oer de hiele wrâld fertoand wurde dy't net yn kommersjele bioskopen draaie. Yn London IMAX, dat it grutste bioskoopskerm fan it Feriene Keninkryk hat, wurde resinte populêre lange en koarte films fertoand mei gebrûk fan 'e nijste bioskooptechnology.

Filmfestivals

bewurkje seksje

It Britsk Filmynstitút is de organisaasje efter ferskate filmfestivals dy't yn Londen holden wurde. Dêrby giet om it 'algemiene' BFI Filmfestival fan Londen, it op homo's, lesbiënnes, biseksuelen en transseksuelen rjochte BFI Flare: LGBT-Filmfestival fan Londen, en it op 'e jongerein oriïntearre Filmfestival fan de Takomst. De bedoeling fan it ynstitút is om mei dizze eveneminten it publyk mei films yn oanrekking te bringen dy't se oars net sjoen hawwe soene, en sa de filmyndustry oan te fiterjen.

It Britsk Filmynstitút biedt in breed skala fan edukative inisjativen oan, yn 't bysûnder om film- en mediastúdzjes yn it ûnderwiis te ûnderstypjen. Ein 2012 krige it ynstitút fan it Britsk Ministearje fan Underwiis jild om it BFI Film Academy Network op te setten, dat rjochte is op lju út 'e leeftydskategory tusken de 16 en 25 jier.

Oare aktiviteiten

bewurkje seksje

It Britsk Filmynstitút publisearret in eigen orgaan, it moanneblêd Sight & Sound. It ynstitút bringt fierders sels films út op dvd en blu-ray, en ek jout it boeken oer films en tillefyzje út. It beheart de Nasjonale Bibleteek fan it BFI mei útjeften oer film en tillefyzje, dy't fungearret as in analoge database, en teffens de digitale BFI Film & TV Database en Summary of Information on Film and Television (SIFT), dy't fia it ynternet tagonklik binne. SIFT is byldbibleteek mei sa'n 7 miljoen foto's fan films en tillefyzje. Fierders is it Britsk Filmynstitút ek aktyf as ko-produsint fan nije films, dokumintêres en tillefyzjeprogramma's dy't byldmateriaal út it Nasjonaal Argyf fan it BFI brûke.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
iOS 9
OOP 5
os 9
web 2