Carl Wilhelm Vollgraff

Carl Wilhelm Vollgraff (Haarlim, 5 juny 1876Zeist, 20 oktober 1967) wie in Nederlânske heechlearaar Grykske taal- en letterkunde en archeolooch.

Carl Wilhelm Vollgraff
Wilhelm Vollgraff yn kostúm fan in Leienske Maskerade.
Wilhelm Vollgraff yn kostúm fan in Leienske Maskerade.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 5 juny 1876
stoarn 20 oktober 1967
wurkpaad
berop/amt archeolooch, heechlearaar
offisjele webside
Profyl DBNL

Libben en wurk

bewurkje seksje

Vollgraff wie in soan fan de heechlearaar Latyn, Johannes Christoph Vollgraff (1848–1920). Hy begûn syn stúdzje klassike letteren yn Brussel, wêrnei't er yn Utert, Göttingen en Berlyn (Wilamosinen) tahold en studearre. Nei syn promoasje yn 1901 mei in proefskrift oer Ovidius, ferbleau er sawat trije jier oan de Frânske skoalle yn Athene dêr't er ûnder oaren mei archeologyske opgravingen dwaande wie yn Argos.

Yn 1903 waard Vollgraff privaat-dosint oan de Ryksuniversiteit Utert yn 'de Grykske en Romeinske mytology en yn de topograpy fan Grikelân'. Fan 1905 oant 1908 wie er konservator foar it Museum fan Aldheden (yn Utert) fan it Provinsjaal Genootschap dêr't er him dwaande hâlde soe mei Romeinske archeology. Yn 1908 waard er heechlearaar Grykske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't er oant 1917 bleau; op 31 oktober 1908 hold er syn ynaugurele rede De wederontdekking en wederopbouw der oudheid. Follgraff ûndersocht it yn 1914 fûne Skriuwplankje fan Tolsum en publisearre yn 1917 syn befiningen oer dy (nei't efterôf bliek) âldste weromfûne tekst yn Nederlân. Yn 1917 ferhuze er nei Utert foar inselde learstoel oan de Utertske universiteit dêr't er bleau oant syn emeritaat yn 1946. Yn 1935 en 1936 wie er de rektor magnifikus fan dy universiteit. Yn de perioade fan 1917 oant 1923 wie er ek bestjoerslid fan de Vereniging van Terpenonderzoek en hy wie lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen.

Vollgraff die tusken 1933 en 1935 argeologyske opgravingen op it Domplein yn Utert dêr't him de oerbliuwsels befine fan it Romeinske kastellum Traiectum en (ier)midsiuwske tsjerken. It kastellum Fletio dat tichteby leit yn Vleuten, waard om 1940 hinne troch him ûndersocht.

Nei it ferstjerren fan syn earste frou Marie von Hösslin, dochter fan Konstantin von Hösslin, troude Vollgraff op 'en nij yn 1947 mei de archeologe Anna Roes.

Yn 1929 waard op it Domplein in tal stikken sânstien oantroffen dy't in midsiuwsk grêf ôfdutsen. De ynskripsjes dêrop waarden dêrnei troch Vollgraff ûndersocht. Hy kaam ûnder mear ta de konklúzje dat de Romeinske namme foar Utert doe Albiobola wie. Syn lêzing late al gau ta flinke krityk. Oant hjoed-de-dei is it net dúdlik wat de ynskripsjes krekt betsjutte.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Albiobola

  • M.H. Stafleu (red.) (1993), Archeologische en Bouwhistorische Kroniek van de Gemeente Utrecht 1926-1972, Gemeente Utrecht/SPOU, blz. 51-59, ISBN 9054790105
  • T.J. Hoekstra en S.L. Wynia, 'Dan zullen velen juichen'. Geschiedenis van twintig jaar conflicten over het Domplein te Utrecht (1929-1949), yn: Jaarboek Oud-Utrecht 1997, Casparie, Utrecht, siden 125-168 (noat 25), ISBN 9071108155
  NODES