Charles-Ferdinand Ramuz

Charles-Ferdinand Ramuz (Cully (ûnder Lausanne), 24 septimber 1878 - Pully, 23 maaie 1947) wie in Switserske, Frânsktalige skriuwer en dichter.

Charles-Ferdinand Ramuz
skriuwer
Ramuz ôfbylde op it biljet 200 Switserske frank
Ramuz ôfbylde op it biljet 200 Switserske frank
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Switsersk
berne 24 septimber 1878
berteplak Cully
stoarn 23 maaie 1947
stjerplak Pully
wurk
sjenre Roman, poëzy, koart ferhaal
bekendste
  wurk(en)
La Grande Peur dans la Montagne
Histoire du soldat
jierren aktyf 1903-1947

Hy studearre filosofy oan de Universiteit fan Lausanne. Fan 1903 oant 1914 wenne er yn Parys. Fanwegen de Earste Wrâldkriich gie er werom nei syn heitelân. Yn 1927 waard er ûnderskieden mei de Gottfried-Keller-Priis.

Ien fan syn bekendste wurken is it melodrama Histoire du Soldat, dat troch Igor Stravinski op muzyk set is.

Ramuz' hold, oars as oare Switserke skriuwers, fêst oan de op de sprektaal fan Frânsk-Switserske boeren inte skriuwstyl. Dat kaam him te stean op de nedige wjerstân yn de literêre rûnten fan Parys. Yn 1926 kamen foar- en tsjinstanners fan de skriuwer yn ferset yn in bondel essays mei de titel Pour ou contre C. F. Ramuz (1926). De skriuwer reagearre dêrnei yn 1929 mei de apology Lettre à Bernard Grasset. Dêryn sette er, foar it Skoallefrânsk dat yn de measte Frânske romans de boppetoan fiert, syn eigen taalfariant oer: it Iepenloftfrânsk.[1]

Publikaasjes

bewurkje seksje
 
It grêf fan Ramuz en syn dochter Marianne Olivieri-Ramuz (1913-2012) op it begraafplak fan Pully.

In karút:

  • Le petit village (poëzy) (1903)
  • Aline (1905)
  • Jean-Luc persécuté (1909)
  • Aimé Pache, peintre vaudois (1911)
  • Vie de Samuel Belet (1913)
  • Raison d'être (1914)
  • Le Règne de l'esprit malin (1917)
  • La Guérison des malades (1917)
  • It libretto fan Histoire du Soldat (1918) (fertaald troch Martinus Nijhoff as De Geschiedenis van de Soldaat, 1930)
  • Les Signes parmi nous (1919)
  • Salutation paysanne (1919)
  • Terre du ciel (1921)
  • Présence de la mort (1922)
  • La Séparation des races (1922)
  • Passage du poète (1923)
  • L'amour du monde (1925)
  • La Grande Peur dans la montagne (1926)
  • La Beauté sur la terre (1927)
  • Adam et Eve (1932)
  • Derborence (1934)
  • Questions (1935)
  • Le Garçon savoyard (1936)
  • Taille de l'homme (1937)
  • Besoin de grandeur (1937)
  • Si le soleil ne revenait pas... (1937)
  • Paris, notes d'un vaudois (1938)
  • Découverte du monde (1939)
  • La guerre aux papiers (1942)
  • René Auberjonois (1943)
  • Nouvelles (1944)

Keppelingen om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES
Note 1
os 1