Christchurch (Nij-Seelân)
Christchurch (útspr.: ['kɹai̭sʧɜ:ɹʧ], likernôch: "kraist-tsjeurtsj"; Maöary: Ōtautahi) is de grutste stêd op it Sudereilân fan Nij-Seelân, en it haadplak fan 'e omlizzende regio Canterbury. It leit op 'e Flakte fan Canterbury, oan 'e eastlike kust fan it Sudereilân, oan 'e mûning fan 'e rivier de Avon, fuort benoarden it Banks-skiereilân. De stêd waard yn 1850 stifte troch Ingelske kolonisten, dy't harren nije wenplak ferneamden nei it Christ Church College fan 'e Universiteit fan Oxford. Mei in befolking fan goed 388.000 yn 2018 is Christchurch de op twa nei grutste stêd fan Nij-Seelân, nei Auckland en de haadstêd Wellington. Bûten Nij-Seelân stiet de stêd benammen bekend om 'e ferwoastgjende ierdbeving fan Christchurch, fan 2012, en om 'e terroristyske oanslaggen yn Christchurch yn 2019.
Christchurch Ōtautahi | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nij-Seelân | |
Eilân | Sudereilân | |
Regio | Canterbury | |
Terr. autoriteit | Christchurch | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 388.400 (2018) | |
Oerflak | 1.426 km² | |
Befolkingsticht. | 272,4 / km² | |
Stêdekloft | 404.500 (2018) | |
Hichte | 20 m | |
Oar | ||
Stifting | 1850 | |
Tiidsône | UTC –12 | |
Simmertiid | UTC –13 | |
Koördinaten | 43°31′48″N 172°37′13″W | |
Offisjele webside | ||
www.ccc.govt.nz | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn Nij-Seelân.
|
Geografy
bewurkje seksjeChristchurch leit yn 'e regio Canterbury, rûchwei yn 'e midden fan 'e eastkust fan it Sudereilân fan Nij-Seelân. It is sitewearre oan 'e eastlike útein fan 'e Flakte fan Canterbury en oan 'e súdkant fan 'e Pegasusbaai, fuort benoarden it Banks-skiereilân, dat yn eastlike rjochting útstiket yn 'e Stille Oseaan. De stêd wurdt trochsnien troch ta rivieren: de Avon en de Heathcote. Yn it suden en súdeasten wurdt de beboude kom fan Christchurch ôffrede troch de fulkanyske heuvelskeanten fan 'e Port Hills, dy't tagelyk de noardlike begrinzing fan it Banks-skiereilân foarmje. Yn it noarden folget de stedsgrins de rin fan 'e rivier de Waimakariri. Foarstêden dy't ta de stêdekloft fan Christchurch hearre, binne û.o. Akaroa, Leeston, Lincoln, Lyttelton en Templeton.
Skiednis
bewurkje seksjeArgeologysk fynsten dy't yn 1876 yn in grot by Redcliffs oantroffen waarden, bewize dat de krite fan Christchurch omtrint 1250 kolonisearre waard troch de earste Maöary. Yn 'e sechstjinde iuw waarden dy iere bewenners ferdreaun of mooglik assimilearre troch de Waitaha, in stamme dy't doe fan it Noardereilân nei de eastkust fan it Sudereilân migrearre. Letter waarden de Waitaha op harren beurt út 'e krite fan Christchurch ferdreaun troch de Ngāti Māmoe, dy't neitiid wer ûnderwurpen waarden troch de Ngāi Tahu. Dy lêste stamme wie yn it besit fan 'e eastein fan 'e Flakte fan Canterbury doe't de earste Jeropeeske kolonisten it gebiet berikten.
Dat barde yn it foarjier fan 1840, doe't in groep Jeropeänen ûnder lieding fan in Herriott en in McGillivray him op it plak fan Christchurch nei wenjen sette. De earste kolonisaasje wie lykwols om 'e nocht, en de kolonisten teagen binnen in pear jier wer fuort. Yn 1848 waard yn Ingelân de Canterbury Association oprjochte om 'e Flakte fan Canterbury te kolonisearjen. Op 'e earste gearkomste fan dy feriening, op 27 maart fan dat jier, waard besletten dat de te fêstigjen delsetting 'Christchurch' ("Tsjerke fan Kristus) komme soe te hjitten. Wêrom krekt is net ûnbekend. Der wurdt wol sein dat de stêd nei Christchurch yn Dorset ferneamd is, of nei de Katedraal fan Canterbury, mar de ferzje fan it ferhaal dy't almeast foar wier oannommen wurdt, is dat it neamd is nei it Christ Church College fan 'e Universiteit fan Oxford, dêr't John Robert Godley, ien fan 'e foaroanlju fan 'e Canterbury Association, studearre hie.
De earste 792 Ingelske kolonisten, de saneamde Canterbury Pilgrims, sylden mei de Earste Fjouwer Skippen nei Nij-Seelân ta. Dy skippen wiene de Randolph, de Charlotte Jane, de Sir George Seymour en de Cressy. De Charlotte Jane berikte as earste de bestimming, op 16 desimber 1850. Dêr troffen de Ingelske kolonisten it boerespultsje fan 'e Bruorren Dean oan, dy't har yn 1843 yn 'e ferlitten gebouwen fan it earste besykjen ta kolonisaasje nei wenjen set hiene. Op harren fersyk waard de rivier dêr't Christchurch oan kaam te lizzen de Avon neamd, nei de rivier mei deselde namme yn Skotlân, dy't ûntsprong by de pleats fan harren pake, yn Ayrshire.
Christchurch is ien fan mar fjouwer stêden yn 'e wrâld dy't mei ferdrach pland binne neffens de plattegrûn fan in sintraal plein, fjouwer bykommende pleinen dêromhinne en in ring fan parken dy't de binnenstêd fan 'e bûtenwiken skiedt. De oare stêden mei krekt sa'n opbou binne: Philadelphia yn Pennsylvania, Savannah yn Georgia, en Adelaide yn Súd-Austraalje. Om't de haven fan Christchurch fanwegen sânbanken foar de kust net berikber wie foar gruttere skippen, waard al yn 1849 úteinset mei de oanlis fan in wei fan 'e plande delsetting nei Port Cooper, dat letter Lyttelton kaam te hjitten. Dy wei moast lykwols oer de Port Hills hinne rinne, en dat wie dreger as dat men ferwachte hie. De wei einige dêrom by de heuvels en gie dêr oer yn in paad dat sa steil wie dat men der ôfstiigje en it hynder by de leie liede moast. Sadwaande waard dat paad it Bridle Path ("Leiepaad") neamd.
Guod dat te swier of bombidich wie om op lêstdieren oer it Bridle Path fan en nei Christchurch ferfierd te wurden, waard yn 'e haven fan Port Cooper oerladen op lytse lichte sylskipkes en oer in ôfstân fan 13 km om 'e kust hinne fearn nei Ferrymead. Sadwaande wie de earste spoarline yn Nij-Seelân yn 1863 de Ferrymead Railway, dy't fan Ferrymead nei Christchurch late. Fanwegen de swierrichheden mei it ferfier oer de Port Hills, waard yn 1867 de Lyttelton Railway Tunnel troch de heuvels boarre, sadat ek tusken Christchurch en Lyttelton in spoarferbining ûntstie.
Underwilens hie Christchurch op 31 july 1856 by Keninklik Beslút stedsrjochten krigen. It is sadwaande de âldste stêd fan Nij-Seelân. Fan 1853 oant 1876 wie Christchurch de haadstêd fan 'e provinsje Canterbury. Gebouwen yn 'e stêd rekken skansearre by ierdbevings yn 1869, yn 1881 en yn 1888. Yn 1947 fûn yn Christchurch de slimste brân út 'e skiednis fan Nij-Seelân plak, doe't yn 'e binnenstêd it warehûs Ballantyne's ôfbrânde. Dêrby kamen 41 minsken om. Yn 1964 waard troch de Port Hills, tusken Christchurch en Lyttelton, de Lyttelton Road Tunnel oanlein foar autoferkear.
Yn 1974 waarden yn Christchurch de British Commonwealth Games holden. Oare eveneminten dy't yn 'e stêd organisearre waarden, wiene it WK cricket foar froulju fan 1982; Cricket World Cup fan 1992; it WK netbal fan 1999, it WK cricket foar froulju fan 2000; it WK atletyk fan 2011 en de Cricket World Cup fan 2015.
Op 4 septimber 2010 waard Christchurch troffen troch in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter, dy't grutte materiële skea oanrjochte, mar aldergeloks gjin deaden easke. Dat wie de earste fan in rige ierdbevings dy't de stêd oant en mei 2012 teheisteren. It hichtepunt dêrfan wie de ierdbeving fan 6,3 op 'e skaal fan Richter fan tiisdei 22 febrewaris 2011, dêr't 185 deadlike slachtoffers by foelen. Hoewol't de ierdbeving minder krêftich wie as dy fan septimber 2010, wied er folle yntinser, en de skea bedroech NZ$20-30 miljoen. De ChristChurch Katedraal rekke slim skansearre en ferlear syn toerpjuts. It meastepart fan 'e deaden foel lykwols doe't it CTV Building fan 'e lokale omrop ynstoarte. Neitiid wiene der noch lange tiid neiskokken te fielen, wêrfan't de swierste foarfoel op 13 juny 2011. Tsjin septimber 2013 wiene der, as gefolch fan 'e ierdbevings, al 1.500 gebouwen yn Christchurch hielendal of foar in diel sloopt. Der waard lykwols fuortendaliks úteinset mei in ambisjeus plan foar de weropbou, dat yn 'e hiele stêdekloft tsjin 2028 50.000 nije huzen opsmite moat.
Yn febrewaris 2017 waard Christchurch bedrige troch in pear boskbrannen yn 'e Port Hills. Der baarden 11 huzen ôf en 20,8 km² lân rekke troch de brân ferwoastge. Ek moasten mear as tûzen minsken tydlik út harren wenten evakuëarre wurde. Yn 2019 kaam Christchurch wer wrâldwiid yn it nijs doe't op 15 maart fan dat jier 50 minsken fermoarde waarden by twa terroristyske oanslaggen op in pear moskeeën yn 'e stêd: it Linwood Islamic Centre en de Al Noor-moskee. De dieder wie in Australyske man mei islamofobe en rasistyske motiven.
Bestjoer
bewurkje seksjeChristchurch wurdt bestjoerd troch in keazen boargemaster en in gemeenteried dy't bestiet út sechstjin gemeenteriedsleden. Dy hawwe allegear ien fan 'e sechstjin wards fan Christchurch as kiesdistrikt.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Christchurch stipet op trije pylders: lânbou, yndustry en toerisme. De lânbou om 'e stêd hinne bestiet út fetweiderij fan fleiskij, molkfeehâlderij en de bou fan weet en koarn. Yn 'e stêd sels binne in protte bedriuwen fêstige dy't yndirekt fan 'e agraryske sektor ôfhinklik binne. Fierders is Christchurch it op ien nei grutst yndustrysintrum fan Nij-Seelân (nei Auckland). De stêd hie fan âlds frijwat swiere yndustry, benammen op it mêd fan 'e makkelei fan stiel. Ear't de fabrikaazje fan klean fierhinne út Nij-Seelân wei nei Aazje oerbrocht waard, wie Christchurch ek mear as in iuw it sintrum fan 'e Nijseelânske kleanyndustry. Sûnt de ein fan 'e 1980-er jierren hawwe har in protte hightech- en softwarebedriuwen yn 'e stêd fêstige.
It toerisme is de trêde grutte sektor fan 'e pleatslike ekonomy. Toeristen dogge Christchurch benammen oan fanwegen de arsjitektuer, de neite ta de skyresorts yn 'e Súdlike Alpen, en om't de stêd wol as de poarte ta Antarktika fungearret. Sawol Robert Falcon Scott as Ernest Shackleton begûnen harren Antarktyske ekspedysjes yn Christchurch. Tsjintwurdich foarmet de stêd foar Nij-Seelân, Austraalje en de Feriene Steaten it begjinpunt fan 'e befoarriedingsrûte fan 'e Basis Scott en de Basis McMurdo op Antarktika.
Christchurch hjoed-de-dei
bewurkje seksjeIn protte gebouwen yn Christchurch binne yn neogoatyske styl set en de stêd hat in soad parken en plantsoenen. De stêd komt jin dêrtroch Britsk oan, en dêrfandinne wurdt Christchurch ek wol "de meast Ingelske stêd bûten Ingelân" neamd. Dêrnjonken is ek de Maöary-kultuer dúdlik yn 'e stêd oanwêzich. Gebouwen yn Christchurch dy't it besjen wurdich binne, binne û.m. de ikoanyske anglikaanske ChristChurch Katedraal, de roomske Katedraal fan it Sillich Sakremint en de modernistyske Christchurch Art Gallery, in museum foar de eksposysje fan keunst.
De stêd hat yn totaal mear 2.300 km oan wegen, wêrfan 360 km ûnferhurde wegen en 26 km autosneldyk. De trije autosneldiken yn 'e stêd binne de Christchurch Northern Motorway, de Christchurch Southern Motorway en de Christchurch-Lyttelton Motorway. Hoewol't de stêd iepenbier ferfier hat yn 'e foarm fan stedsbussen (dy't pleatslik de "Metro" neamd wurde) mei dêropta yn 'e binnenstêd ek trams, is de auto it dominante ferfiermiddel. Troch de loft is Christchurch te berikken fia de Ynternasjonale Lofthaven Christchurch, dy't ek as befoarriedingsbasis tsjinnet foar it Antarktyske programma fan Nij-Seelân, de Feriene Steaten en Itaalje.
Der binne fjouwer universiteiten fêstige yn Christchurch of ien fan 'e foarstêden. Dat binne: it Ara Ynstitút fan Canterbury, de Universiteit fan Canterbury, de Lincoln Universiteit en de Universiteit fan Otago, Christchurch. De pleatslike skouboarch is it Court Theatre, dat iepene waard yn 1971. Fierders is de Horncastle Arena de op ien nei grutste evenemintehal fan Nij-Seelân, dêr't 5.000 of 8.000 minsken yn kinne, ôfhinklik fan 'e yndieling. Dêr wurde geregeldwei sporteveneminten en muzykfestivals holden. De grutte seal fan it Stedhûs fan Christchurch kin 2.500 minsken hâlde.
Fierders hat Christchurch in kasino, en foar útfierings fan klassike muzyk kin men telâne yn it Christchurch Music Centre. De stêd omfiemet in grut tal parken en tunen, en wurdt dêrom ek wol The Garden City ("De Túnstêd") neamd. It grutste park is Hagley Park, yn it sintrum fan 'e stêd, dêr't gauris sportwedstriden op it mêd fan golf, cricket, netbal en rugby holden wurde, en ek muzykfestivals yn 'e iepen loft. Fuort njonken Hagley Park leit de ferneamde botanyske tún fan 'e stêd, de Christchurch Botanic Gardens. Dy hat in oerflak fan 30 ha, en waard iepene yn 1863.
Susterstêden
bewurkje seksjeChristchurch hat sân susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.
Demografy
bewurkje seksjeChristchurch hie yn 1981 in befolking fan 282.000 minsken. Yn 1991 wie dat oantal omheech gien oant 296.000 en yn 2001 oant 324.000. Yn 2006 hie de stêd 348.000 ynwenners en yn 2013 341.000. Neffens offisjele gegevens fan 'e Nijseelânske oerheid wiene der yn juny 2018 388.400 ynwenners. Dêrmei wie Christchurch de grutste stêd fan it Sudereilân en de op twa nei grutste stêd fan Nij-Seelân, nei Auckland en de haadstêd Wellington. De befolkingstichtens fan Christchurch bedroech yn 2018 272,4 minsken de km² en wie dêrmei frij leech, mar dat komt om't ta it grûngebiet fan 'e gemeente Christchurch ek in grut gebiet bûten de beboude kom heart. As stêdekloft, dus mei alle foarstêden meirekkene, hie Christchurch yn 2018 in befolking fan 404.500 minsken.
De etnyske opbou fan 'e befolking fan Christchurch, wie by de folkstelling fan 2013 sa: 83,9% blanken; 9,4% Aziaten; 8,5% Maöary; 3,1% (oare) Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. As men dy persintaazjes optelt, komt men boppe de 100% út, mar dat komt om't de minsken by de folkstelling mear as ien etnisiteit opjaan koene. De blanken bestiene benammen út Angelsaksyske Nijseelanners (77,9% fan 'e totale stedsbefolking), en dêrnei út etnyske Ingelsen (0,9%) en Nederlanners (0,8%). Fan 'e Aziaten wiene de Sinezen (3,6%) de grutste groep, folge troch de Ynjers (1,5%), Filipino's (1,0%), Koreänen (1,0%) en Japanners (0,7%). Fan 'e Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs wiene de Samoänen (1,8%) de grutste groep.
Berne yn Christchurch
bewurkje seksje- Dolce Ann Cabot (1862-1943), sjoernaliste en feministe
- Hugh Acland (1874-1956), sjirurch
- Ngaio Marsh (1895-1982), misdieskriuwster en toanielregisseur
- Kathleen Browne (1905-2007), keunstskilderesse
- Peter Beaven (1925-2012), arsjitekt
- Bob Parker (1953), boargemaster fan Christchurch ûnder de ierdbeving fan 2011
- Nicky Wagner (1953), politika
- Lianne Dalziel (1960), minister en boargemaster fan Christchurch ûnder de terroristyske oanslaggen fan 2019
- Petra Bagust (1972), nijslêzeresse
- Bic Runga (1976), sjongster
- Ladi6 (wiere namme: Karoline Tamati) (1982), rapper en sjongster
- Brooke Williams (1984), aktrise
- Nathan Cohen (1986), roeier
- Brooke Duff (1991), sjongster
- Sophie Pascoe (1993), Paralympysk swimster
- Anjali Thakker (1993), iishockeyster
Stoarn yn Christchurch
bewurkje seksje- Churchill Julius (1847-1938), earste anglikaanske aartsbiskop fan Nij-Seelân
- Dolce Ann Cabot (1862-1943), sjoernaliste en feministe
- Ursula Bethell (1874-1945), dichteresse
- Ngaio Marsh (1895-1982), misdieskriuwster en toanielregisseur
- Margaret Mahy (1936-2012), berneboekeskriuwster en bibletekaresse
- Jim Anderton (1938-2018), premier fan Nij-Seelân
Klimaat
bewurkje seksjeChristchurch hat in tuskenbeiden seeklimaat, mei mylde simmers en koele winters. Yn jannewaris, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22,4 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 10,7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41,6 °C op ferskate dagen yn febrewaris 1973 en –7,1 °C op 18 july 1945. Christchurch kriget jiers trochinoar 622,9 mm delslach. It snijt der yn trochsneed trije kear yn 'e winter, hoewol't der ek jierren foarby geane dat der gjin flokje falt. De wyn kin simmerdeis út it noardwesten wei de foarm fan hjitte föhn oannimme, dy't soms oanboazet ta stoarm en dan rûnom skea oan gebouwen tabringt. Fierders hat Christchurch yn 'e winter by helder en blakstil waar te krijen mei smogfoarming.
Trivia
bewurkje seksje- De matrisidale film Heavenly Creatures (1994) fan regisseur Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Melanie Lynskey en Kate Winslet, spile yn Christchurch.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|