Circuit Gilles Villeneuve
It Circuit Gilles Villeneuve is in strjittesirkwy flakby Montreal yn Kanada.
Circuit Gilles Villeneuve | ||
Sirkwy | ||
Circuit Gilles-Villeneuve (2006) | ||
Lokaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Kebek | |
plak | Montreal | |
Histoarje | ||
type sirkwy | Strjittesirkwy | |
iepene | 1978 | |
arsjetekt | Roger Peart | |
lingte iepening | 4,41 km | |
bochten iepening | 19 | |
ferbouwingen | 4 | |
Hjoed de dei | ||
lingte | 4,361 km | |
bochten | 14 | |
Kaart | ||
It 4,5 km lange Sirkwy hjitte earst Ile de Notre Dame mar krige letter de namme Circuit Gilles Villeneuve ta neitins oan de koereur Gilles Villeneuve. It sirkwy waard oanlein op in keunstmjittich eilân yn de Saint Lawrence. It waard ûntwurpen troch Roger Peart te midden fan marrren en de paviljoenparken fan de Expo 67. It sirkwy rint by de roeibaan dy't brûkt waard foar de Olympyske Spullen fan 1976 del. It sirkwy stiet sûnt de iepening op de kalinder fan de Formule 1.
Dit artikel is in stobbe oer Sportakkommodaasje.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |