Clive Walter Swift (Liverpool (Merseyside), 9 febrewaris 1936 - Londen, 1 febrewaris 2019) wie in Ingelsk akteur en auteur. Hy studearre Ingelsk oan de Universiteit fan Cambridge.

Telefyzjekarriêre

bewurkje seksje

Swift debutearre yn 1965 yn de BBC-minisearje War of the Roses, mei û.o. David Warner en Ian Holm yn de haadrollen. Datselde jier krige er ek syn earste filmrol: Duffie yn Catch Us If You Can. Twadde helte jierren sechtich spile er noch in stikmannich filmrollen en hie er pear gastrollen yn telefyzjerigen, lykas yn Public Eye (1966) en The Wednesday Play (1969, 1970).

Yn it seizoen 1970-1971 krige er syn earste fêste rol yn in tillefyzjesearje. Hy spile ynspekteur Waugh yn de seisdielige BBC-searje Waugh on Crime.

Yn 1972 wie er Johnny Porter yn de film Frenzy fan Alfred Hitchcock.

Yn de jaren 70 en 80 spile Swift yn films en tillefyzjesearjes, ûnder mear as Richard Bucket yn de searje Keeping Up Appearances (1990-1995).

Fierder hat er yn Peak Practice (1998) spile en wie er yn 2003 te sjen as pastoar Brewer yn de tf-rige Born and Bred en koarter lyn ferskynde er yn in ôflevering fan Doctor Who.

Persoanlik libben

bewurkje seksje

Swift waard berne yn Liverpool as soan fan Lily Rebecca (berne Greenman) en Abram Sampson Swift. Syn âldere broer, David Swift, wie ek akteur. Syn famylje wie joadsk.
Tusken 1960 en 1975 wie Swift troud mei skriuwster Margaret Drabble. Se krigen in dochter en twa soannen. Yn 1976 en 1981 ferskynden der twa boeken fan Swift, oer hoe't it is om akteur te wêzen.

  • Oblomov as de dokter
  • The Right Time
  • From Fact to Fiction – The Orchard as de ferteller
  • Measure for Measure as Escalus
  • Jorrocks's Jaunts and Jollities as Nash
  • The Price of Fear – "Remains to be Seen" as Fred Trebor
  • Friday When It Rains - BBC Radio 4 drama as Dove

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
eth 2
orte 2
see 1
Story 1