In dak of tek (benammen mei reid)[1] is it boppeste diel fan in gebou of in oar bouwurk (lykas in carport of in weranda), dat bedoeld is om beskutting te bieden tsjin fleanend dierte en tsjin waar (yn 't bysûnder tsjin delslach, wyn, kjeld en sinneljocht). Under de term 'dak' wurdt ornaris sawol ferstien de eigentlike ôfdekking fan in bouwurk as it ramtwurk dat dy ôfdekking ûnderstipet. It krekte arsjitektoanyske ûntwerp fan in dak ferskilt fan gebiet ta gebiet, en hinget net inkeld fan 'e yn sa'n regio tradisjonele boustyl ôf, mar wurdt ek sterk beynfloede troch de pleatslike klimatologyske omstannichheden en de beskikbere boumarialen.

Dakken yn 'e Tsjechyske stêd Ololmouc.
Dakken yn it Meksikaanske San Cristóbal de las Casas.
Dakken yn 'e Malagassyske haadstêd Antananarivo.

Der besteane ferskate soarten dakken, dy't yn it foarste plak yndield wurde kinne nei foarm:

  • koepeldak: in dak yn 'e foarm fan in heale bol
  • plat dak: in horizontaal ôfplatte dak, dat faak berikber is fia in treppen en yn gebrûk is foar it drûgjen fan wask, sinnebaaien of it oanlizzen fan in daktún
  • sealdak (of seal): in dak besteande út twa skeane flakken (of dakskylden), dy't yn 'e midden op it heechste punt (in line: de naal) gearkomme
  • skylddak (of wulfdak, wolvedak): in dak besteande út fjouwer skeane flakken (of dakskylden), dy't op it heechste punt gearkomme

Dakken kinne ek yndield wurde nei dakbedekkingsmateriaal:

Underdielen fan in dak kinne wêze:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Roofs fan Wikimedia Commons.
  NODES
os 1