In dialekt is in yn prinsipe sprektalige taalfoarm dy't troch in mienskip, gewoanlik yn ien plak of regio konsintrearre, sprutsen wurdt en dêryn dúdlik ôfwykt fan oare besibbe taalfoarmen. Der wurdt wol sein dat in taal ûngelikense dialekten hat, mar it better te sizzen dat meardere dialekten mei-inoar in taal foarmje.

Sa hat bygelyks yn Fryslân hast elts doarp in eigen spraak, en wat minder jildt dat ek foar eltse stêd. Benammen sûnt de Twadde Wrâldoarloch, de folgjende yndustrialisearring en tanommen mobiliteit fan 'e befolking binne de doarpsdialekten yn it neigean rekke. De regio en ek wol it Standertfrysk hat de taal fan it doarp beskieden en better kin sadwaande praten wurde fan regiolekten. Yn it ferline hat de dialektology al dy doarpstalen ta kloften fan besibbe dialekten gearfette: Klaai-, Wâldfrysk, Súdwesthoeksters, eilanners. En it Frysk omfiemet úteins dizze farianten. Net-Fryske farianten waarden gearfette as Stedsk of it Biltsk en wer oare as Stellingwerfsk.

Guon fan de net Fryske kloften binne wer sa sterk besibbe oan oare farianten bûten Fryslân dat se mei dy-en in gruttere talige mienskip foarmje. Dêryn is it Oertsjongersk (Stellingwerfsk) wer in dialekt fan it Nedersaksysk.

It ûntstean en it útstjerren fan dialekten stiet yn ferbân mei it ferminderjen of fergrutsjen fan it kontakt tusken gebieten of groepen minsken. By isolearre groepen binne de dialekten fierder útelkoar rûn. Dizze ûntwikkeling kin sa fier gean dat de dialekten ta aparte talen wurde. Sa ûntstienen út it Germaansk ûnder oaren de aparte talen Frysk, Saksysk en Frankysk. Oarsom wurdt de spraak fan minsken mei mear kontakt geandewei lyksoartiger.

Standerttaal

bewurkje seksje

Bysûnder dêrby is de standerttaal, in dialekt keazen, of gearstald, as standertferzje fan de taal. Dit begûn troch in maatskiplik, ekonomysk en polityk machtige stêd of in feodale hearsker dy't foar syn administraasje en as symboal fan syn macht in fêste taalfoarm fanneden wie en dizze oplizze koe oan dy't fan him ôfhinklik wie. De moderne steat naam dizze standert oer en lei har op oan syn ûnderdanen of steatsboargers, ek om optimale kommunikaasje mooglik te meitsjen. It Frysk is lykwols in útsûndering om't it net troch in steat droegen wurdt.

In standerttaal ûntwikkelt him krekt as oare dialekten, dat wêr de standerttaal as de definysje fan in taal sjoen wurdt, kinne oare dialekten dy't harren oars ûntwikkelje ta aparte talen wurde.

By genôch kontakt ûntstiet lykwols tusken groepen dy't elkoar net goed begripe kinne ek sûnder in standerttaal in kultuertaal. Meast hat in kultuertaal in hegere status as de eigen spraak, dat yn it gebiet fan in kultuertaal ferminderje faak de dialekten, at der kontakt bliuwt. Dat betsjut lykwols net dat de dialekten daalks útstjerre; it duorret meast generaasjes ear't in dialekt ferdwynt, en ek dan bliuwt der noch in substraat oer yn de kultuertaal.

  NODES
Done 1