It doksaal of it lektoarium (fan Latynske lectorium, fan lector; lêzer) is in stiennen of houten ôffreding yn in gruttere midsiuwske kleaster- en kollegiale tsjerken, dy't it koer ôfskiedt fan de romte foar it tsjerkefolk, it tsjerkeskip.

Doksaal fan Easterein
Lokaasje fan it doksaal (yn it read) yn de tsjerke

Untwikkeling

bewurkje seksje

Yn de ier-kristlike tiid stie de ambo, dêr't de skriftlêzings plakfûnen, yn de apsis. Mei de ûntwikkeling fan it koer yn de kristlike boukeunst ûntstie der in grutte romte tusken de apsis en it tsjerkeskip, dêr't ek de muontsen plak nimme koene. Dêrmei ferskode ek it plak fan de ambo. Om it hillichste diel fan de tsjerke ôf te sluten ûntstie it koerhek en fanút it koerhek ûntstie yn de romaanske tiid it doksaal.

It doksaal is djipper as in koerhek en hat in tribune, dy't brûkt waard om út de Hillige Skrift te lêzen. Ek koe it doksaal brûkt wurde troch it koar of om it tsjerkefolk te segenjen of om in piipoargel op te setten.

As de tsjerke in koeromgong hie, dan waarden ek dêr de romten tusken it koer en de omgong mei ôffredings fan maaswurk, smei-izer of hout ôfsletten. Sa ûntstie der in tsjerke yn in tsjerke foar de geastliken, dêr't it koerstuolte, de sit foar de biskop en de abt en it heechalter stie.

It doksaal fûn syn hichtepunt yn de gotyk. Doksalen waarden fersierd mei byldhoukeunst, hilligen en fresko's en bekroand mei de krusige Kristus mei oan wjerskanten Marije en Jehannes. Somtiden wiene doksalen hielendal ticht mei inkeld in tagong nei it koer en oan wjerskanten alters, mar it kaam ek foar dat in bôgegalery it tsjerkefolk dochs wat sicht joech op it koer.

Mei de ynfiering fan de reformaasje folge yn de kalvinistyske gebieten in oanpassing fan de tsjerken. By de werynrjochting wie it doksaal oerstallich en folge yn 'e regel de sloop. Yn de katolike gebieten soarge in feroarjende fyzje op de liturgy en de yntrede fan de barok letter yn de kontrareformaasje foar in nije weach fan it ôbrekken fan doksalen. Sadwaande binne der yn de protestantske gebieten en dan benammen yn de lutherske en anglikaanske tsjerken mear doksalen bewarre bleaun dan yn roomske tsjerken. Doe't de neogotyk him oantsjinne krige ek it doksaal wer omtinken en binne se somtiden wer rekonstruëarre of fan nije bylden foarsjoen.

Yn Fryslân is it doksaal fan de protestantske Martinytsjerke fan Easterein bewarre bleaun. It renêssânse doksaal waard krekt foar de reformaasje oplevere en is beskildere mei bibelske foarstellings.

Yn de easterske tsjerken ûntwikkele it ierkristlike koerhek him ta de ikonostaze, dy't ek tsjintwurdich noch yn eltse otterdokske tsjerke it hillichste diel fan de tsjerke ôfskiedt.

Ofbylden doksalen

bewurkje seksje
  NODES
OOP 1
os 3