De echte foksen (wittenskiplike namme: Vulpini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae). Dizze taksonomyske groep omfettet de skaaien fan 'e foksen (Vulpes), de grutearfoksen (Otocyon) en de waskbearhûnen (Nyctereutes). De grize foksen (Urocyon) hearre lykwols net ta dizze groep, mar foarmje de sustertûke fan 'e grize foksen (Urocyonini).

Echte foksen
In foks (Vulpes vulpes) yn 'e snie.
In foks (Vulpes vulpes) yn 'e snie.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: echte hûndieren (Cynoidea)
famylje: hûneftigen (Canidae)
ûnderfamylje: echte hûneftigen (Caninae)
tûke: echte foksen (Vulpini)
Hemprich & Ehrenberg, 1832

Binnen de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen ûnderskiede de echte foksen har fan 'e echte hûnen (Canini), troch in beheinder ferskaat oan lichemsgrutte, in spitsere snút en gruttere earen yn ferhâlding ta de lichemsgrutte. Echte foksen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Oseaanje en Antarktika. It bekendste lid fan dizze tûke, de foks of reade foks, komt ek yn Fryslân yn it wyld foar. Itselde jildt foar de gewoane waskbearhûn, mar dat is yn Fryslân in eksoat.

De poalfoks (Vulpes lagopus).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
Idea 2
idea 2