Hjalmar Eilif Emmanuel Peterssen (Christiania, 4 septimber 1852 - Lysaker, 29 desimber 1928) wie in Noarsk keunstskilder. Hy makke wurk mei histoaryske-, religieuze- en mytologyske ûnderwerpen, mar skildere ek lânskippen en persoanen.

Petersen troch Christian Krogh

Hy gie nei de skildersskoalle fan Frederick Eckersberg yn Christiania en dêrnei studearre er by Knud Bergslien. Mei Hans Heyerdahl studearre er in skoft yn München. Yn 1871 reizge er troch hiel Europa om de Europeeske skilderkeunst te bestudearjen.

  NODES
os 1