Elzas

regio yn Frankryk
Elzas
Flagge fan de Elzas
(Details)
Wapen fan de Elzas
Lizzing fan de Elzas yn Frankryk
Haadstêd Straasburch
Arrondisseminten 13
Kantons 75
Gemeenten 903
Departeminten Bas-Rhin (67)
Haut-Rhin (68)
Oerflakte 8280 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

1.734.145 (1999)
209 ynw/km²
Folksliet {{{folksliet}}} {{{folksliet}}}
webstee {{{webstee}}}

De Elzas (Frânsk: Alsace, Dútsk: Elsaß of Elsass) wie fan 1982 oant 2016 in bestjoerlike regio fan Frankryk. It gebiet leit op de lofterigge fan de Ryn en wurdt yn it westen begrinzge troch Loataringen. De Elzas is ûnderferdield yn de departeminten Haut-Rhin en Bas-Rhin. De haadstêd is Straasburch. Sûnt 1 jannewaris 2016 makket it gebiet diel út fan 'e nije bestjoerlike regio fan it Grutte Easten.
Alhoewel't de iennige offisjele taal it Frânsk is, wurdt yn 'e Elzas ek noch in eigen Dútsk dialekt sprutsen, it Elzassysk.

La Petite France, Straasburch

De namme "Elzas" kaam foar it earst yn dokuminten foar yn de achtste iuw. It komt fan it Aldheechdútske wurd Alisaz of Elisaz, dat "frjemd plak" of "plak oan de oare kant" betsjut. Fan Dútske kant wei sjoen betsjut it dus dat it it plak oan de oare kant fan de Ryn wie.

Iere Skiednis

bewurkje seksje

Sa'n 1500 f.Kr. kamen Gallyske Kelten yn it gebiet, wat no de Elzas is, te wenjen. De Elzas as Ryndelling, dat tusken de Fogezen en it Swarte Wâld leit, is in fruchtber gebiet. De Kelten libben dêr benammen fan de lânbou en fiskerij. Sa'n 50 f.Kr. kamen de Germaanske Triboken dêr te wenjen en hja ferdreaune de Kelten. Justjes letter ûnderwerpte Julius Caesar harren ûnder it Romeinske gesach. It gebiet waard ûnderbrocht yn de Romeinske provinsje Germania Superior.

Frankyske tiid

bewurkje seksje

Oan 'e ein fan de Romeinske tiid kamen de Germaanske Alemannen (ek wol Swaben neamd) yn de Elzas te wenjen. De Alemannen libben benammen fan de lânbou en harren Germaanske sprake foarme de basis fan de hjoeddeiske dialekten dy't sprutsen wurde oan de Bopperyn: Elzassysk, Swabysk en Switserdútsk. Yn 496 fersloech de Frankyske kening Klovis de Alemannen yn de Slach by Tolbiak en dêrmei kaam it gânse Alemannyske gebiet ûnder Frankysk bewâld. Mei it ferpartsjen fan it Frankyske Ryk neffens it Ferdrach fan Ferdun yn 843 kaam de Elzas by it Midfrankyske Ryk. Dat ryk waard yn 855 by it Ferdrach fan Prüm ferparte en de Elzas rekke by it keninkryk Loataringen. Nei it Ferdrach fan Ribemont yn 880 kaam Loataringen, en dus ek de Elzas, by it Eastfrankyske Ryk, of ek it Dútske Ryk neamd, dat him letter ûntjaan soe ta it Hillige Roomske Ryk. Dêr soe it sa'n tûsen jier lang by hearren bliuwe. De Elzas waard by it Hartochdom Swaben foege en waard fannijs wer feriene mei it oare gebiet fan de Alemannen.

Yn it Hillige Roomske Ryk

bewurkje seksje

De Elzas kende in bloeitiid yn de tolfde en trettjinde iuw, benammen ûnde de Hohenstaufen. Bestjoerlik rekke de Elzas ûnderferparte yn ferskate biskoplike en aadlike hearlikheden neffens it feodaal stelsel dat yn de rest fan it Hillige Roomske Ryk ek geande wie. De biskoppen fan Straasburch wiene ien fan de machtichsten. Keizer Freark II joech de biskop fan Straasburch it foech oer de gânse Elzas. Greve Rudolf fan Habsburch kaam der tsjin yn ferwar en hy krige it foech oer de Elzas fan Freark syn opfolger Koenraad IV. Straasburch waard in wichtich ekonomysk sintrum en yn 1292 wisten de boargers it foech fan de biskop oer te nimmen en Straasburch waard doe in frije Ryksstêd. It waard it ekonomysk en bestjoerlik mulpunt fan it gebiet. Oare stêden lykas Colmar en Hagenau ûntjoechen harren ek op ekonomysk mêd en waarden ek frije Ryksstêden ûnder it ferbûn fan de Dekapolis, in ferbûn fan tsien stêden.
Oan de ein fan de fjirtjinde iuw rekke de ekonomy fan de Elzas, lykas yn de rest fan Jeropa, yn it neigean. Strange winters, minne rispingen en de Swarte Dea droegen der oan by. De Joaden krigen de skuld dêrfan, dat ta de pogroms fan 1336 en 1339 late. Yn 1349 waarden Elzassyske Joaden beskuldige fan it fergiftigjen fan de boarnen mei de pest dat ta it bloedbad yn de Pogrom fan Straasburch late. Joaden mochten ynearsten net yn de stêd wenje. Jûns om tsien oere mochten der gjin Joaden binnen de stedsmuorren befine.

 
Temple Saint-Etienne de grutte kalvinistyske tsjerke yn Mulhouse

Yn de fyftjinde iuw en ûnder de Renessânse kaam der fannijs in bloeitiid. Kultureel sjoen hearde de Elzas by it Rynlân en rekke dus yn de ban mei de tsjerkeherfoarmingstriid yn it Dútske Ryk. Mei de Reformaasje keazen de Elzassyske stêden foar it luteranisme. Yn it suden wie men mear rjochte op Switserlân en dêr krigen it kalvinisme en zwinglianisme mear oanhing mei as sintrum Mühlhausen (Mulhouse), dy't yn 1515 lid waard fan de Switserske Konfederaasje. Benammen Straasburch bleau in wichtich yntellektueel sintrum, dêr't al dy streamings lang njonken inoar libje koene. Sosjale, religieuze en ekonomyske rebûljes brocht de befolking fan it plattelân ta harren oan te sluten by de Boere-oarloggen, dy't útbrutsen yn de midden en súdlike Dútske lannen. Dy waarden troch de adel hurd delslein. Nei de Tritichjierrige Kriich yn 1648 waard de Elzas foar in part wer katolyk. Untfolking troch oarloggen fan guon parten waard wer opfongen mei de komst fan kolonisten út oare gebieten wei, lykas Frânskpratende katoliken út Loataringen en Dútskpratende Mennoniten út Switserlân.
It suden fan de Elzas, Sundgau dat hjoed-de-dei it departemint Haut-Rhin is, kaam yn 1648 mei de Frede fan Westfalen yn Frânske hannen. De Frânsken stribben dernei harren gebiet oant de Ryn út te wreidzjen en om de Elzas bûten Habsburchske hannen te hâlden. Yn 1681 foel Straasburch ûnder Frânske foech en oan de ein fan de achttjinde iuw rekke de gânse Elzas ûnder Frânsk bestjoer. De Elzas krige in autonome status en foel bûten it Frânske dûane en belestingsgebiet, dat de Fogezen noch hieltyd as grins hie. Ek it protestantisme, dat yn de rest fan Frankryk ûnderdrukt waard, waard yn de Elzas tastien, alhoewol't de Katedraal fan Straasburch, dy't fan 1524 oant 1681 lutersk wie, fannijs as katolyk yn gebrûk naam waard.

Fan Frankryk nei Dútslân en werom

bewurkje seksje
 
Loadewyk XIV ûntfangt de kaai fan Straasburch yn 1681

It bestjoer nei de Frânske Revolúsje fierde in sintralistysk bestjoer yn en ferparte de Elzas yn departeminten. Benammen yn de stêden rekke de boargerij mear ferfrânske, wylst op it plattelân noch hieltyd Dútske dialekten sprutsen waard.
Nei't Frankryk de Frânsk-Dútske Kriich yn 1870 ferlern hie, moast Frankryk de Elzas mei it noarden fan Loataringen oan it nije Dútske Keizerryk ôfstean. It Rykslân Elzas-Loataringen (Reichsland Elsaß-Lothringen) waard ynearsten fanút Berlyn bestjoerd. Yn 1911 waard Elzas-Loataringen in lykweardige Dútske steat. It Frânsk waard stadichoan út it bestjoer en ûnderrjocht sluten. Dêrmei ferfearen sa'n 100.000 Frânsktaligen nei Frankryk.
Nei de Earste Wrâldkriich neffens it Ferdrach fan Versailles yn 1919 kaam de Elzas wer by Frankryk. In soad Dútsers kamen net yn oanmerking foar Frânsk steatsboargerskip en hja moasten it lân ferlitte. De ferfrânsking yn bestjoer en ûnderrjocht rôp en soad ferset op, om't in soad Elzassers gjin Frânsk koene. De oerheid yn Parys joech net yn en sa waard it stribjen fan autonomy populêr. Dat waard troch de Frânske oerheid ôfwiisd en as lânferrie sjoen.
Mei de Dútske ynfal yn juny 1940 waard Elzas as in part fan Nazy-Dútslân ynlive. Dat waard net troch alle Elzassers ôfwiisd. De Elzassers waarden sjoen as Dútske steatsboargers en hiene dus tsjinstplicht by de Wehrmacht. In soad flechten nei Frânsk gebiet en dûkten ûnder, mar de measten waarden oppakt en twongen. Einlings waard de ynliving by Dútslân troch de measte Elzassers as in besetting sjoen.

Yn 1945 waard de Elzas troch Frânske troepen befrijd en kaam it foargoed by Frankryk. Mear Elzassers besochten dêrom neitiids Frânsk te wurden en harren Dútske dialekt net mear oan harren bern troch te jaan. Oant de sechtiger jierren bestie der noch in Dútsktalige printinge fan de Elzassyske kranten. Mar de generaasje dy't de Dútske skriuwtaal op skoalle leare hawwe moatten en foar wa it Frânsk in frjemde taal wie, stoar stadichoan út. Foar de jonge generaasje waard it Dútsk in frjemde taal en fan Dútsktalige media makken hja gjin gebrûk mear fan. De iennige offisjele taal yn de Elzas is sûnt 1945 it Frânsk en is sûnt dan ek de meast sprutsen taal. Dútsk wurdt fakultatyf as "frjemde taal' yn it ûnderrjocht oanbean. Op it plattelân wurdt benammen troch de âlde generaasje noch Dútske dialekten, Rynfrankysk yn it noarden en Nederalemannysk yn it suden, sprutsen. Fan kulturele ferbining mei de Dútske streken oan de oare kant fan de Ryn is hast gjin sprake mear, mar is noch wol te sjen yn Dútske, faak ferfrânske, nammen fan de plakken. Ek de tsjerklike arsjitektuer en hûzebou liket in soad op dy fan de Rynlân en Baden.

De regio Elzas wie ûnderferparte yn de departeminten Haut-Rhin en Bas-Rhin. De haadstâd fan de regio wie Straasburch. De regio waard by de regionale weryndieling fan 1 jannewaris 2016 opheft en waard tafoege oan de nije gruttere regio it Grutte Easten (Grand Est).

 
Alde sintrum fan Colmar

Wichtige plakken yn de Elzas binne mei harren oarspronklike nammen:

De ekonomy fan de Elzas bestiet benammen út:

  • wynbou, benammen wite winen sa as Riesling en Sylvaner
  • hop rispinge en brouwerij ( de helte fan it Frânske bier is komt út de Elzas, benammen út de omkriten fan Straasburch)
  • boske-ûntwikkeling
  • auto yndustry (Mulhouse en Molsheim, it thús fan de Bugatti Auto's)
  • toerisme
  • fosfaatminen

De Elzas wie fan oarsprong in part fan it Hillige Roomske Ryk en part fan de Dútske kultuer. Sûnt de santjinde iuw gie it ferskate kearen fan Dútslân nei Frankryk en earslings, dat ta fermingen fan kultueren late, dêr't tradisjonele parten lykas de koken en arsjitektuer en benammen it plattelân mear Dútsk is en moderne ynstituten folslein Frânsk is.

 
De Rot-un-Wiss

Der is opskuor oer it erkennen fan de Elzassyske flagge. De oarspronklike flagge is de Rot-un-Wiss; de Read en Wyt, dy't gauris brûkt waard op de wapens fan Elzassyske stêden (Straasburch, Mulhouse en Sélestat) en ferskate Switserske stêden, benammen yn de omkriten fan Basel. De Dútske dielsteat Hessen brûkt in flagge dy't liket op de Rot-un-Wiss. It tsjut it Germaanske ferline fan de streek oan, mar wie yn 1949 ferfongen troch in nije flagge, dy't de feriening fan de twa departeminten oantsjutten. Dy flagge hat hielendal gjin histoaryske ferbining mei de streek. Dy flagge wie lykwols ferfongen mei in oaren-ien, dy't ek de twa departeminten werjoegen. It stie yn it ramt fan it ferfrânskjen fan de streek en de Rot-un-Wiss is hieltyd noch net troch Parys erkend.

Neffens in ûndersyk yn 1999 hat de mearderheid fan de befolking Frânsk as memmetaal, 39% (500.000) en 16,2% (208.000 Dútsk of in Elzassysk-Dútsk dialekt). It ûndersyk telde 548.000 folwoeksen sprekkers fan it Elzassysk, dat nei Oksitaansk de grutste minderheidstaal fan Frankryk is. Nettsjinsteande nimt it gebrûk dêrfan ôf. Ien op de fjouwer bern kinne it prate en ien op de tsien bern brûke it regelmjittich.

De Elzas is oer it algemien mear leauwende as de rest fan Frankryk. It grutste part fan de Elzas is Roomsk-Katolyk, wylst in grut part ek protestantsk is. De luterske tsjerke fan de Elzas is de twadgrutste yn Frankryk.

Iten en drinken

bewurkje seksje
 
Flammeküche

De Elzassyske keuken bestiet út:

  • Bäckeoffe: trije soarten marinearre fleis mei ierdapels yn wite Elzassyske wyn
  • Choucroute garnie: soerkoal mei ferskillende soarten bargefleis
  • Coq au Riesling: hoanne yn saus fan wite Rieslingwyn
  • Flammeküche of Tarte flambée: tinne pizza's belein mei rjemme, tsiis en spek
  • Kugelhopf: in soarte boffert mei rezinen
  • Munster: de tsiis fan de Elzas
  • Spätzle: soarte fan daaitroedeltsjes
  • Tarte aux Brimbelles: Blebberbeitaart
 
             Frankryk
 
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen
  ·   ·  
  NODES
mac 2
os 6
web 2