Ferlinge draachtiid

In ferlinge draachtiid is in biologysk ferskynsel dat by ferskate bistesoarten foarkomt en dat bedoeld is om derfoar te soargjen dat jongen yn 'e geunstichste jiertiid te wrâld komme (yn 'e regel yn 'e maityd of oan it begjin fan 'e simmer), sadat se in sa grut mooglike kâns hawwe om oant folwoeksenens te oerlibjen. As de pearing bygelyks hjerstmis of oan 'e ein fan 'e simmer plakfynt, en de eigentlike draachtiid duorret mar in moanne of seis wiken, dan kin in ferlinge draachtiid meitsje dat de jongen dochs pas it oare jiers yn 'e maityd smiten wurde. In ferlinge draachtiid komt benammentlik foar by martereftigen, lykas de wezeling, harmeling, stienmurd en beamotter. Ek by de otter wurdt it bestean fan in ferlinge draachtiid fermoede.

  NODES