It Finlânsweedsk (Sweedsk: finlandssvenska; Finsk: suomenruotsi) is de beneaming foar 'e Sweedske dialekten dy't sprutsen wurde troch de Finlânsweden, de Sweedsktalige minderheid yn Finlân. It ferskil tusken it Sweedsk sa't it yn Finlân sprutsen wurdt en it Sweedsk fan Sweden, is foaral de útspraak, de taalmeldij en de oerdúdlike ynvloed fan it Finsk op 'e Finlânsweedske dialekten.

Gebieten dêr't in grut part fan 'e Finske befolking it Sweedsk as memmetaal ha

It Sweedsk is de memmetaal foar likernôch 265.000 ynwenners fan Finlân, foaral yn 'e regio's Easterbotten, Varsinais-Suomi en Uusimaa (5,1% fan 'e befolking, konsintrearre yn de kustgemeenten). Op 'e Ålâneilannen (mei likernôch 25.000 ynwenners) dy't bestjoerlike autonomy hawwe, wurdt troch 94% fan é befolking it Sweedsk as memmetaal sprutsen.

It Sweedsk is (mei it Finsk) ien fan 'e offisjele talen fan Finlân. De measte plakken oan 'e kust en in stikmannich wichtige plakken yn it binnenlân hawwe twa offisjele nammen, ien yn it Finsk en ien yn it Sweedsk. Sa hjit Helsinki yn it Sweedsk fan Helsingfors. De gemeenten binne ferdield yn ientalich Sweedsken, ientalich Finsken en twataligen.

Fan de gemeente Hammarland en de gemeente Korsnäs wurdt sein dat dy it heechste persintaazje Sweedsksprekkers yn de wrâld hawwe, hoewol't dêr gjin offisjele statistiken fan binne.

  NODES