Fiskerij is in sammelnamme foar alle minsklike aktiviteiten mei as doel organismen út it wetter te heljen, lykas fisken, weak- skaal- en skulpdieren, sûchdieren, algen en wieren.

In fiskersboat yn de haven fan Stellendam.
Fiskersboat yn Grikelân
Fiskersboat
In fisker yn de Yndiaask dielstaat Kerala

It doel hjirfan is foar it meastepart fiedselfoarsjenning (direkte en yndirekte fiedselfoarsjenning) en diels as produksjegrûnstof (foar ûnder oare lym).

De fiskerij kin brûkt wurde as boarne fan ynkomsten of as fiedingsmiddel, de saneamde beropsfiskerij, of as rekreaasje, de sportfiskerij.

Yn in relatyf grut oantal lannen is de fiskfangst in grutte boarne fan ynkomsten. It oandiel dat de fiskerij middels dierlike aaiwiten oplevert is ± 18%, dit kin yn treddewrâldlannen wol oprinne oant mear as 30%.

Yndieling binnen de fiskerij

bewurkje seksje

De fiskerij is yn de dielen nei:

  • It miljeu dêr't fiske wurdt: swiet-, brak- of seewetterfiskerij of yn in fiskkwekerij.
  • Geografyske lizzing fan it fiskgebiet: see- kust- rivierfiskerij ensfh.
  • Nei de soarte fisken dêr't op fiske wurdt: hjerring, platfisk, iel ensfh.
  • It soarte fisktúch: aktyf, bg. Boomkor, trawl, seinen. Of passyf, bg. fleet, hoekwant, fûke, angel ensfh.
  • Nei it brûkersdoel: Yndustry- of befolkingsfiskerij.
  • Nei de technologyske ûntwikkelingsfaze: yndustriële, semi-yndustriële en ambachtlike fiskerij.

Oerbefisking is in earnstich probleem yn in soad seeeën wrâldwiid. De lannen binnen de Europeeske Uny hawwe saneamde fiskkwoata ôfsprutsen, wêrby't alle jierren bepaald wurdt hoefolle fisk der troch elk lân fongen wurde mei.

Fiskkweek wurdt hieltiten wichtiger binnen de fiskerij.

By de fiskerij wurde materialen brûkt lykas netten en fûken.

Nederlânske fiskerij

bewurkje seksje

De Nederlânske fiskerij is op ferskate wizen yn te dielen:

  • Profesjonaliteit:
    • beropsfiskers
    • sportfiskers
  • Fangstgebiet:
    • djipseefiskerij (de oseanen, mei friestrawlers)
    • noardseefiskerij (benammen mei grutte boomkorkotters)
    • kustfiskerij (benammen mei saneamde Eurokotters)
    • binnenfiskerij (Iselmar en binnenwetters)
  • Fisksoarte:
    • de platfiskfloat
    • de rûnfiskfloat
    • de garnalefloat
    • de skulpdierfiskerij (moksels, oesters, kokkels etc.)

De wichtichste fiskersplakken fan Nederlân binne: Breskens, Arnemuiden, Flissingen, Yrseke, Brúnisse, Toalen, Stellendaam, Goedereede, Ald doarp, Skeveningen, Katwyk, De Helder, Aldeskild, De Oever, Urk, Harns en Sâltkamp. Wichtige havens binne fierder IJmuiden, Colijnsplaat en Lauwerseach.

Ein juny, begjin july wurdt yn Peazens-Moddergat elts jier de Dei fan de Fiskerij holden.

Besibbe ûnderwerpen

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES