Flagge fan Easternijtsjerk

De flagge fan Easternijtsjerk is de flagge fan it doarp Easternijtsjerk, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.

Flagge fan Easternijtsjerk

De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.

De beskriuwing fan de flagge is:

Flechtskean ferdiele fan read en blau; op it midden in wite springende wynhûn fan trije fjirde flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Easternijtsjerk.

  • Twadieling: ferwiist nei de lizzing fan it doarp by de eardere grins fan East- en West-Dongeradiel.
  • Wynhûn: oernommen út it wapen fan de famylje Sjoarda dat in stins bewenne by it doarp.
  • Kleurstelling: oernommen út de wapens fan Eastergoa en Dongeradiel.
  NODES