Flechtich seksueel kontakt

Flechtich seksueel kontakt is in foarm fan minsklike seksuële aktiviteit dy't los stiet fan eltse relaasje op it mêd fan romantyk of leafde. Ynstee ymplisearret dizze foarm fan seks in ôfwêzigens fan tawijing, fan in emosjonele bân of sels fan bekendheid tusken de dejingen dy't har deroan oerjouwe. Foarbylden fan flechtich seksueel kontakt binne seks yn flechtige relaasjes, anonime seks, onenightstands, friends with benefits ("freonen mei foardielen"), bûtenhoulikse seks, prostitúsje en swinging. Sûnt de yntroduksje fan it ynternet is flechtich seksueel kontakt folle makliker te regeljen wurden troch it bestean fan datingsites. Yn Noard-Amearika stiet de spring break (foarjiersfakânsje) yn it heger ûnderwiis derom bekend dat studinten har dan yn toeriste-oarden yn Floarida en Meksiko, lykas Daytona Beach, Panama City Beach, Cancún en Acapulco, massaal oerjaan soene oan flechtich seksueel kontakt.

Hoe't der tsjin flechtich seksueel kontakt oansjoen wurdt, ferskilt fan lân ta lân, wêrby't de beide ekstremen útinoar rinne fan ferhearliking fan 'e saneamde frije leafde oant it oplizzen fan in swiere finzenisstraf of sels de deastraf. Sokke swiere bestraffings binne foarbeholden oan tige konservative en faak ek strang religieuze maatskippijen, dêr't eltse foarm fan geslachtsmienskip bûten in heteroseksueel houlik in soartgelikense reäksje oproppe soe. Mar sels binnen in frije kultuer lykas Nederlân wurdt der yn ûnderskate dielen fan 'e maatskippij hiel ferskillend tsjin flechtich seksueel kontakt oansjoen. Hjoed de dei is eltse foarm fan seksueel kontakt bûten in heteroseksueel houlik yllegaal yn in stikmannich islamityske lannen: Afganistan, de Feriene Arabyske Emiraten, Iraan, Jemen, Koeweit, de Malediven, Marokko, Mauretaanje, Omaan, Pakistan, Saûdy-Araabje en Sûdaan. Histoarysk gou lykwols itselde yn kristlike Jeropeeske lannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES