Fokker D.XXI


Rol Jager
Makker Fokker
Untwerper Erich Schatzki
Earste flecht 27 maart 1936
Yn tsjinst 13 novimber 1940
Ut tsjinst 1948
Farianten 5
Tal makke 148 (53 fan type D.XXI-1)
Brûkers Nederlân, Finlân, Denemark

De Fokker D.XXI (of D.21) wie in lytse jachtfleanmasine (jager) dy't troch Fokker ûntwikkele en boud waard yn de jierren 30 fan de 20e iuw.
Yn 1988 boude Fokker nochris in eksimplaar foar it Militêr Loftfeart Museum te Soesterberch (sjoch foto ynfoboks).

Fokker D.XXI (FR-110) yn in Finsk loftfeartmuseum
Twa Finske Fokker's D.XXI

De D.XXI wie ornearre foar it ûnderskeppen fan fleanmasines. It tastel waard ûntwurpen foar it ML-KNYL, mar dy keas foar Amerikaanske tastellen. Doe waard de D.XXI oanskaft troch de LuVA, de Loftfeartôfdieling fan it Nederlânske leger; de earsten kamen yn 1938. De D.XXI waard ek levere oan Denemark en Finlân. Finlân boude it type ek yn lisinsje en brûkte it mei súkses yn de Winterkriich. Guon Finske piloaten hellen mei harren D. XXI's de Aas-status. Spanje krige ek lisinsjerjochten (Hispano Aviacion), mar der binne nea Spaanske tastellen boud.

Yn de maaiedagen fan 1940 wie de folle moderner Messerschmitt Bf 109, dy't hurder koe en swierder bewapene wie, de wichtichste tsjinstanner fan de D. XXI. Troch de bettere manûvrearberens fan de Fokker koe er dochs partij biede.

De romp bestie út in rek fan metalen buizen; it foarste part wie beklaaid mei metaal en it efterste diel mei linnen. De wjokken wiene beklaaid mei hout (sa't alle Fokkers hiene). It ûnderstel koe net ynlutsen wurde en hie fearren yn de poat; de tsjillen hiene wol streamline kappen.

Technyske feiten

bewurkje seksje
 
Fokker D.XXI:
Feiten
Lingte    8,20 m
Spanwiidte    11,00 m
Wjokoerflak    16,20 m²
Hichte    2,95 m
Oandriuwing    1 × luchtkuolle Bristol Mercury VIII 9-silinder-stjermotor fan 830 HK (619 kW)
Heechste faasje    460 km/o
Fleanberik    930 km
Bemanning    ien fleander
Tsjinstplafond    11.350 m
Leechgewicht    1450 kg
Fleangewicht    2050 kg
Bewapening    fjouwer F.N.-Browning M36-7,92-mm masinegewearen

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Warbirds ynformaasje oer dit type

  NODES
chat 1