Fokker S.14 Machtrainer


Rol Trener
Makker Fokker
Untwerper Fokker
Earste flecht 19 maaie 1951
Yn tsjinst 1955
Ut tsjinst 1967
Tal makke 21
Brûkers Keninklike Loftmacht (Nederlân)
Farianten Machtrainer MkII

De Fokker S.14 "Machtrainer" wie strieltrener dy't tusken 1955 en 1967 by de Nederlânske Loftmacht tsjinne hat. It fleantúch hie in luchtynlit yn de noas fan de romp en wie útrisd mei Martin-Baker sjitstuollen. Ynstrukteur en learling sieten neist elkoar, in ûngewoane opstelling foar dizze kategory treners. De fleanders mochten graach oer de S.14 meidat er noflik fleach en meidat er in legere lâningsfaasje hie as de measte strieljagers út de tiid; dat hie mei te krijen mei de rjochte fleugel mei syn grutte oerflak.

Fokker S-14 Mach Trainer yn it militêre loftfeartmuseum Soesterberg

De Fokker S.14 fleach foar it earst op 19 maaie 1951. It is it earste troch Fokker boude strielfleantúch en it earste strielfleantúch yn de wrâld dat as trener ûntwurpen waard; oars as bygelyks de Lockheed T-33, dy't in 2-sits fariant ôflaat fan de P-80 Shooting Star wie.

De iennichste bestellingen foar de S.14 kamen fan de Nederlânske loftmacht dy't totaal 20 ûntfong. Dy krigen de nûmers L-1 o/m L-20. It earste tastel fan dy rige waard 3,5 jier nei de earste flecht fan it prototype ôflevere.

Yn 1952 wiene de lisinsjerjochten oan Fairchild tasein. Sy hopen dat se it fleantúch oan de US Air Force slite koene. Dy hie lykwols gjin ferlet meidat se om 1955 hinne de Cessna T-37 Tweet- trainer ta foldwaan krigen hie.

Yn 1958 binne der in stikmannich modifikaasjes op it prototype (PH-XIV) trochfierd. Hy krige yn it plak fan de Rolls-Royce Derwent-strielmotor in Rolls-Royce Nene Mk.3-motor. Dit wizige prototype hie de oantsjutting machtrainer Mk II. De kisten foar de KLu wiene allegear útrist mei RR Derwent 8-motoren

Tsjinsterioade by de Keninklike Loftmacht

bewurkje seksje

Yn it foarste plak wiene de S.14's ornearre foar it fertroud meitsjen fan de piloaten mei it fleanen fan strielfleantugen. Guonts waarden ek foar promoasjedoelen brûkt. De L-4 makke yn 1955 omgong troch de Feriene Steaten. Op ien fan dy flechten stoarte it tastel del en ferlear de bekende tsetpiloat Gerben Sonderman fan Drachten it libben.

Ek hat ris in S.14 meidien oan de race tusken Londen en Parys, yndertiid in bekend ferskynsel yn de loftfeart.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje
Mjitten Feiten
Bemanning 2
Langte 13,3 m
Spanwiidte 11,89 m
Hichte 4,67 m
Fleugeloerflak 31,3 m²
Gewicht leech 3765 kg
Startgewicht 5532 kg
Klimfaasje 942 m/m
Heechste faasje 781 km/o
Tsjinstplafond 11.125 m
Fleanberik 965km
Oandriuwing 1 Rolls Royce Derwent fan 1.575 kN driuwkrêft
Bommen 4 x 11.4 kg oefenbommen
  • Uijthoven, René L., "Twenty-One Worldbeaters:Fokker's S.14 Machtrainer". Air Enthusiast, nû. 103, jannewaris/febrewaris 2003, siden52–57. Stamford, UK: Key Publishing. ISSN 0143-5450.
  NODES