Franz Schubert
Franz Peter Schubert (Wenen, 31 jannewaris 1797 — Wenen, 19 novimber 1828) wie in Eastenryksk komponist. Hy skreau sa'n 600 lieten, njoggen symfonyen, liturgyske muzyk (û.o. missen), operas, wat gelegenheidsmuzyk, in protte keamermuzyk en muzyk foar solo-piano. Hy wurdt spesjaal te binnen brocht út reden fan syn orzjinele meloadyske en harmoanyske stikken.
Syn muzyk is by syn libben net sa populêr wurden en hy moast troch de tiid komme mei stipe fan syn freonen. Earst nei syn dea makke syn wurk opgong. Franz Schubert wurdt no beskôge as ien fan de grutste komponisten út de Westerske muzyktradysje.
Jeugdjierren
bewurkje seksjeFranz Schubert waard berne yn Himmelpfortgrund, in bûtenwyk fan Wenen, no Wien-Alsergrund, as soan fan in ûnderwizer, dy't it mei 19 bern út twa houliken net breed hingje litte koe. Mei acht jier krige Franz fioelelessen fan syn heit en sjongles fan Michael Holzer. Yn de famyljekroanyk skreau Schubert syn heit, dat Holzer him faker as ien kear mei triennen yn de eagen fersekere dat er noch nea sa'n bêste learling hân hie: 'At ik him wat nijs bybringe woe, wist er it al'.
Franz song sa moai, dat hy waard oannaam as 'Sängerknabe' by de Weenske hofkapel. Hjir krige dêr ûnder oaren les yn harmony fan hofkapelmaster Salieri. Ek doe't er oant lûdferoarjen wie hat Salieri Franz noch jierrenlang fergees les jûn. Om't er net yn (militêre) tsjinst woe, waard er helpûnderwizer oan syn heite skoalle.
Komponist
bewurkje seksjeNei't er op 19 oktober 1814 syn earste masterlike liet 'Gretchen am Spinnrade' skreaun hie, kaam er ta folsleine ûntjouwing fan syn kompositoarysk kinnen yn 1815, it meast fruchtbere jier fan syn libben. Fjouwer opera's, twa symfonyen, 144 lieten - ûnder oaren 'Erlkönig' en 'Heidenröslein' -, twa missen, in strykkwartet en twa pianosonates, wiene it resultaat.
Yn 1816 wie Schubert gadingmakker foar de baan fan muzyklearaar oan de normaalskoalle yn Leibach. Hy woe ek trouwe mei syn jeugdfreondinne Therese Grob, mar dat mocht doe net út reden dat de wet foarskreau dat men in húshâlding ûnderhâlde moatte koe en dat koe er op dat stuit net. Salieri skreau lykwols in wat toar tsjûchskrift, dat Schubert tafallich yn hannen krige. Doe wie it dien mei Salieri en syn lessen. De sollisitaasje waard ek neat, wierskynlik omdat er gjin les jaan koe yn it bespyljen fan alle blaasynstruminten.
Yn de hjerst fan 1817 wie de wetlike termyn dat Schubert yn tsjinst roppen wurde koe oer. Hy naam fuortendaliks ûntslach as helpûnderwizer (1818). Hy moast no troch de tiid komme mei it jaan fan muzyklessen. Syn nije frijheid late lykwols net ta al tefolle ynspiraasje. Yn de simmer fan dat jier en yn 1824 gie er mei as pianolearaar nei de bûtenpleats fan de famylje fan greve Johann Karl Esterhazy yn Hongarije. Dêr hie er de meast soarchleaze tiid fan syn libben.
Werom yn Wenen wenne er faak by ferskillende freonen. Hy komponearre fan moarns seis oant middeis ien oere, sûnder skoft. Jûns moete er syn freonen yn it kafee. Yn 1820 waard foar it earst in Singspiel fan Schubert útfierd: 'Die Zwillingsbrüder'. It publyk rôp om Schubert, mar hy wegere te ferskinen út reden fan syn earmoedige klaaiïng.
Oant 1821 wiene mar in pear fan Schubert syn lieten printe, mar dat jier soarge syn freon Ignaz Sonnleithner dat der in útjefte klear kaam fan 17 ôfleverings mei Schubert's lieten. 'Erlkonig' ferskynde as opus 1, seis jier nei't it skreaun wie. De krityk wie net ienstimmich, mar it die wol safolle fertuten dat Schubert syn skulden ôfbetelje koe.
Delgong
bewurkje seksjeOp seker stuit wie Schubert sa ûnferstannich en ferkeapje alle eigendomsrjochten foar 800 gûne oan de útjouwer dy't de administraasje fan syn lieten fersoarge, wylst it de foargeande twa jier 2000 gûne opsmiten hie. Schubert waard slim siik (syfilis?) troch it feit dat er, ûnder ynfloed fan syn freon Schober, en út wanhope oer syn tsjinslaggen, nei publike froulju ta gie. Ut dy tiid stammet syn 'Rosamunde' muzyk en de lietesyklus 'Die schöne Müllerin'. It measte dêrfan hat er yn it sikehûs skreaun.
Yn 1824 hierde Schubert foar it earst yn syn libben in eigen keamer, dêr't er noch mear jildkrapte troch krige. Yn 1825 waard him wurk as twadde hoforganist oanbean, mar hy wegere: 'De steat moat my ûnderhâlde, sadat ik frij en soarchleas komponearje kin' fûn er. Faaks wie er doe te skruten om proefspylje te doaren, want in jier letter sollisitearre nei in baan as hofkapelmaster - lykwols om 'e nocht. Wol waard der no regelmjittich wurk fan him printe, mar tsjin in fierstente lege priis.
Yn 1827 kaam it plak fan kapelmaster oan it Kärtnertorteater frij. Schubert sollisitearre wer, mar troch yntriges mislearre dat op 'en nij. Ludwig van Beethoven syn oardiel oer Schubert's wurk:' Wier, yn Schubert wennet in godlike fonk', feroare net folle oan Schubert's geastlike tastân op dat stuit. Yn de lietesyklus 'Die Winterreise' dy't yn dy snuorje skreaun is, kin men in beskaat deadsferlangen beharkje.
De earmoed dy't Schubert ferneare moast waard hieltyd slimmer. At er sneins op besite by syn âlden wie, bidle er by syn styfmem om wat jild foar iten. Op 26 maart 1828 joech Schubert op eigen risiko in konsert dêr't allinnich wurk fan him spile waard. It wie in grut súkses. Fan de opbringst kocht Schubert in piano, nei't er jierrenlang ien hiere moatten hie, en hy betelle syn skulden der fan ôf.
Op 4 novimber 1828 gie Schubert nei Sechter om him op te jaan as learling yn strang kontrapunt, ek al fielde er him net goed. In wike letter die bliken dat er plaktyfus hie; hy stoar oan de gefolgen dêrfan nei in swiere deastriid mei 31 jier. Grillparzer, in bekend Eastenryksk dichter út dy tiid, makke syn grêfskrift: 'De dea bedobbe hjir in ryk besit, mar noch moaiere ferwachtingen'.
Wurk (karút)
bewurkje seksjeWurk foar orkest
bewurkje seksjeSymfonyen
bewurkje seksje- Symfony yn D-grut, D 2b, Fragmint
- 1813 Symfony Nr. 1 yn D-grut, D 82
- Adagio - Allegro vivace
- Andante
- Menuetto. Allegretto
- Allegro vivace
- 1814-1815 Symfony Nr. 2 yn Bes-grut, D 125
- Largo - Allegro vivace
- Andante
- Menuetto. Allegro vivace
- Presto vivace
- 1815 Symfony Nr. 3 yn D-grut, D 200
- Adagio maestoso - Allegro con brio
- Allegretto
- Menuetto. Vivace - Trio
- Presto vivace
- 1816 Symfony Nr. 4 "Die Tragische" yn c-lyts, D 417
- Adagio molto - Allegro vivace
- Andante
- Menuetto: Allegro vivace
- Finale: Allegro
- 1816 Symfony Nr. 5 yn Bes-grut, D 485
- Allegro
- Andante con moto
- Menuetto - Allegro molto
- Allegro vivace
- 1817-1818 Symfony Nr. 6 yn C-grut (De lytse symfony yn C-grut), D 589
- Adagio - Allegro
- Andante
- Scherzo: Presto - Più lento
- Finale: Allegro moderato
- Symfony yn D-grut, D 615, Fragmint
- Symfony yn D-grut, D 708a, Fragmint
- 1821 Symfony yn E-grut, D 729, Fragmint
- 1822 Symfony Nr. 8 "Die Unvollendete (De ûnfoltôge)" yn b-lyts, D 759, Fragmint,
- Allegro moderato
- Andante con moto
- 1825 Symfony (Gmunden/Gasteiner Symfony), D 849, Fragmint (wei wurden)
- Symfony yn D-grut, D 936a, Fragmint
- 1825-1826 Symfony Nr. 9 yn C-grut "De grutte symfony yn C-grut", D 944
- Andante - Allegro ma non troppo
- Andante con moto
- Scherzo: Allegro vivace
- Finale: Allegro vivace
Uvertueres
bewurkje seksje- Uvertuere yn D-groot, D 2a
- Uvertuere zu "Der Teufel als Hydraulicus", D 4
- Uvertuere yn D-grut, D 12
- Uvertuere yn D-grut, D 26
- Uvertuere yn Bes-grut, D 470
- Uvertuere yn D-grut, D 556
- Uvertuere yn D-grut, D 590
- Uvertuere yn C-grut, op. 170, D 591
- Uvertuere yn e-lyts, D 648
- Uvertuere by "Rosamunde, Fürstin von Zypern", D 732
- Uvertuere by "Alfonso und Estrella", op. 69 Nr. 1, D 759A
Fokale muzyk
bewurkje seksjeLietesykly
bewurkje seksje- 1823 Die schöne Müllerin, lietesyklus op gedichten fan Wilhelm Müller (1794-1827), foar tenor en piano, op. 25, D 795
- Das Wandern
- Wohin?
- Halt!
- Danksagung an den Bach
- Am Feierabend
- Der Neugierige
- Ungeduld
- Morgengruss
- Des Müllers Blumen
- Thränenregen
- Mein!
- Pause
- Mit dem grünen Lautenbande
- Der Jäger
- Eifersucht und Stolz
- Die liebe Farbe
- Die böse Farbe
- Trockne Blumen
- Der Müller und der Bach
- Des Baches Wiegenlied
- 1825 Fräulein vom See, lietesyklus, nei Walter Scott, The Lady of the Lake, Op. 52 no. 6, D 839
- 1827 Winterreise, op. 89, D 911
- Gute Nacht
- Die Wetterfahne
- Gefror'ne Thränen
- Erstarrung
- Der Lindenbaum
- Wasserflut
- Auf dem Flusse
- Rückblick
- Irrlicht
- Rast (twa ferzjes)
- Frühlingstraum
- Einsamkeit (twa ferzjes)
- Die Post
- Der greise Kopf
- Die Krähe
- Letzte Hoffnung
- Im Dorfe
- Der stürmische Morgen
- Täusching
- Der Wegweiser
- Das Wirtshaus
- Mut
- Die Nebensonnen
- Der Leiermann (twa ferzjes)
- 1828 Schwanengesang, lietesyklus nei gedichten fan Ludwig Rellstab (1799-1860), Heinrich Heine en Johann Gabriel Seidl (1804-1875), D 957
- Liebesbotschaft (Ludwig Rellstab)
- Kriegers Ahnung (Ludwig Rellstab)
- Frühlingssehnsucht (Ludwig Rellstab)
- Ständchen (Ludwig Rellstab)
- Aufenthalt (Ludwig Rellstab)
- In der Ferne (Ludwig Rellstab)
- Abschied (Ludwig Rellstab)
- Der Atlas (Heinrich Heine)
- Ihr Bild (Heinrich Heine)
- Das Fischermädchen (Heinrich Heine)
- Die Stadt (Heinrich Heine)
- Am Meer (Heinrich Heine)
- Der Doppelgänger (Heinrich Heine)
- Die Taubenpost (alternatyf: D 965a) (Johann Gabriel Seidl)
Losse lieten
bewurkje seksje- 1928 Die Forelle (Christian Friedrich Daniel Schubart)
- Fryske oersetting: De Forel (fert. Bennie Huisman, 2007)
Bibliografy
bewurkje seksje- Peter Clive: Schubert and His World: A Biographical Dictionary, Clarendon press, 1997, 310 s., ISBN 978-0-19-816582-8
-
It bertehûs fan Schubert - no: Nussdorfer Strasse 54 yn it 9e distrikt fan Wenen (Alsergrund).
-
It hûs dêr't Schubert stoarn is
-
It grêf fan Schubert op it sintrale begraafplak yn Wenen
-
Schubertiade - postúme werjefte fan Julius Schmid
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Nederlandse Schubert Stichting mei wiidweidige biografy
- Katalogus fan komposysjes troch Franz Schubert
- Notes on Franz Schubert fan pianist Bart Berman
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Franz Schubert fan Wikimedia Commons. |