GLAAD Media Award

De GLAAD Media Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1990 ienris yn it jier útrikt wurde troch de Gay & Lesbian Alliance Against Defamation (GLAAD), in homorjochte-organisaasje dy't him taleit op 'e bestriding fan homofoby en diskriminaasje basearre op seksuële oriïntaasje yn 'e Amerikaanske media en keunsten. Hja wurde tawiisd op it mêd fan sjoernalistyk, film, tillefyzje, toaniel, muzyk en reklame, as erkenning foar treflike represintaasjes fan 'e homo-, bi- en transseksuële mienskip op dy terreinen.

GLAAD Media Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar sjoernalistyk, film, tillefyzje,
toaniel, muzyk en reklame
útrikt troch GLAAD
frekwinsje 1x jiers
plak Los Angeles (Kalifornje)
1e útrikking 1990
offisjele webside
www.glaad.org/mediaawards
Aktrise en GLAAD Media Award-winneresse Laverne Cox op 'e útrikkingsseremoanje yn Los Angeles, op 12 april 2014.

De winners wurde útornearre by in stimming troch de mear as 700 leden fan GLAAD, wêrby't útgien wurdt fan fjouwer ûnderskate kritearia: earlike en akkurate represintaasje fan 'e homo-, bi- en transmienskip, ynnovaasje en orizjinaliteit, kulturele impact op 'e mainstream-maatskippij en algemiene kwaliteit. De útkomsten fan 'e stimming wurde dan foarlein oan in faksjuery dy't de úteinlike winners útkiest op grûn fan 'e útslach en de eigen ekpertize. De GLAAD Media Awards wurde tsjintwurdich (2014) útrikt yn tweintich Ingelsktalige en njoggen Spaansktalige kategoryen. Dêrnjonken binne der nochris njoggen bysûndere prizen dy't net-kompetatyf binne en foar in part ek net elts jier útrikt wurde.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

(in) Offisjele webside fan 'e GLAAD Media Awards

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES