Gemeentefrij gebiet
In gemeentefrij gebiet is in gebiet dat net regearre wurdt troch in gemeente, mar troch in hegere bestjoerslaach.
Yn lannen lykas Austraalje, Kanada en de Feriene Steaten komt dizze foarm ornaris foar. Lannen lykas Belgje, Eastenryk, Finlân, Frankryk (útsein guon oerseeske parten), Itaalje, Nederlân, Noarwegen, Poalen, Sweden en Switserlân binne alhiel ferdield yn gemeentes. Yn Dútslân binne der in pear gemeentefrije gebieten.
Yn Nederlân hawwe der yn it ferline ek wol gemeentefrije gebieten west, lykas de polders yn it Iselmar. Ek de Waadsee wie sa'n gebiet, dêr't it ûnwis wie by hokker gemeente jin ynskreaun wêze moasten at dêr immen op in boat berne wie. Sa'n bern moast by wet by it befolkingsregister yn De Haach ynskreaun wurde.