Gial Ackbar, better bekend as admiraal Ackbar, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Mon Calamari fan 'e planeet Mon Cala en in admiraal fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk. Admiraal Ackbar waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Letter wied er ek te sjen yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars en de films Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) en Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy.

Gial Ackbar
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Mon Calamari
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt admiraal
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mon Mothma
Lando Calrissian
prinsesse Leia
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1983

Star Wars-betinker George Lucas wie oarspronklik fan doel om fan admiraal Ackbar in minske te meitsjen, mar doe't er ienris besletten hie dat it in bûtenierdsk wêzen wurde moast, liet er Richard Marquand, de regisseur fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, syn uterlik útkieze út in rige mooglike ûntwerpen. Marquand keas foar in ûntwerp troch Nilo Rodis-Jamero, tsjin 'e beswieren fan oare leden fan 'e filmcrew yn, dy't dat ûntwerp healwiis of lilk fûnen. Lucas sels wie net alhiel tefreden oer hoe't it personaazje der út kaam te sjen en beskôge it as in kompromis. Ackbar syn foarnamme, Gial, waard pas yn april 2012 bekendmakke.

Mei syn opfallende salmkleurige hûd, hannen mei swimfluezzen tusken de fingers, hege foarholle en grutte fiskeftige eagen waard Ackbar yn Return of the Jedi reälisearre troch it gebrûk fan òf in marionet mei mar in heal lichem, òf in kostúm foar in akteur dat it hiele lichem bediek. Poppespiler Tim Rose, dy't oarspronklik oare personaazjes spile, frege oft er net ek Ackbar spylje koe nei't er de marionet sjoen hie. De dialooch fan Ackbar waard ynsprutsen troch stimakteur Erik Bauersfeld, dy't it aparte stimlûd daliks ymprovisearre nei't er in foto fan it personaazje sjoen hie. Bauersfeld spriek Ackbar syn tekst ek yn foar Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), mar stoar foar't Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) filme waard. Dêryn waard de rol oernommen troch Tom Kane, dy't Ackbar syn stim earder ynsprutsen hie foar ferskate fideospultsjes.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

De eftergrûn fan Ackbar is fêstlein yn ferskate Star Wars-romans en oare wurken út 'e mediafranchise. Hy is in Mon Calamari fan 'e planeet Mon Cala, dy't hast hielendal oerdutsen is mei wetter. De Mon Calamari libje dêr yn reuseftige driuwende stêden. Ackbar klimt op ta de lieder fan in lytsere stêd, dy't 'Koraaldjipten' hjit. Letter wurdt er oansteld as de kommandant fan 'e Keninklike Garde. In jier nei't de boasaardige keizer Palpatine de macht grypt en de Galaktyske Republyk ûnder fuotten helle hat, falle troepen fan it nije Galaktysk Keizerryk Mon Cala oan. Nettsjinsteande it besykjen fan 'e Mon Calamari om 'e frede te bewarjen, ferneatigje de Keizerlike troepen ferskate driuwende stêden en wurdt de hiele befolking ta slaaf makke.

Ackbar wurdt neitiid as tolk en tsjinner ynset troch de Keizerlike kommandant, grut-moff Wilhuff Tarkin. Fan him docht Ackbar temûk in grut diel fan syn taktyske kennis op. Hy wurdt befrijd by in mislearre besykjen fan leden fan it Rebelleferbûn om Tarkin te ûntfieren. Troch de skat oan kennis dy't Ackbar oer Tarkin syn militêre operaasjes hat en dy't er no trochjout oan 'e rebellen, is de mislearring fan 'e ûntfiering gjin folslein fiasko. Ackbar jout him neitiid by de Mon Calamari-Eksodusfloat, in bûnte kloft romteskippen, benammen keapfarders, dy't oan 'e Keizerlike ferovering fan Mon Cala ûntkommen binne. Hy bepraat de oare frije Mon Calamari om harren by it Rebelleferbûn oan te sluten, en de grutte Mon Calamari-krusers (eins omboude keapfardijskippen) binne in grutte fersterking foar de rebellefloat. Neitiid klimt Ackbar op troch de rangen oant Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn, him ta admiraal beneamt.

Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it trêde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy, fiert Ackbar mei generaal Lando Calrissian it befel oer de rebellefloat dy't in oanfal docht op 'e twadde Deadsstjer, in reuseftich romtestasjon anneks massaferneatigingswapen. Dêrfoar moat in lytse kommando-ienheid fan 'e rebellen, oanfierd troch prinsesse Leia en Han Solo, de generatorfasiliteit op it oerflak fan 'e boskmoanne Endor útskeakelje, dy't it enerzjyskyld foar de Deadsstjer opwekket. It docht lykwols bliken dat de hiele brot in falstrik is, opset troch Darth Vader en keizer Palpatine om foar iens en foar altyd mei de rebellen ôf te weven. De superlaserkanonnen fan 'e noch net ôfboude Deadsstjer binne nammentlik al operatyf en iepenje it fjoer op 'e rebellefloat, wylst de kommando-ienheid opwachte en finzen nommen wurdt.

Ackbar, dy't de oanfal liedt fanôf syn flaggeskip, de Thús Ien, hat as earste troch dat it in mûklaach is. Hy wifket oer de fraach oft er syn float weromlûke moat om yn 'e hyperromte te ûntkommen, mar Lando, dy't fertrouwen hat yn syn freon Han, hellet him oer om hoek te hâlden. Ackbar giet akkoart mei Lando syn foarstel om 'e stjerreslachskippen fan 'e Keizerlike float fan deunby oan te fallen, mei't de superlaserkanonnen fan 'e Deadsstjer dan net tsjin harren ynset wurde kinne sûnder ek de Keizerlike float te ferneatigjen. De rebellen lije swiere ferliezen, mar de Ewoks, de lânseigen bewenners fan Endor, komme de kommando-ienheid te help en befrije Han-en-dy, sadat de generatorfasiliteit dochs noch útskeakele wurde kin. Dat klearret it paad foar in wraam op 'e Deadsstjer troch de X-wjukjagers en Y-wjukjager-bommesmiters fan it Rebelleferbûn, dy't dan de iepen struktuer fan it romtestasjon binnen fleane en de reäktorkearn ferneatigje kinne. Neitiid soarget in keatlingreäksje foar de ûntploffing fan 'e Deadsstjer.

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), de earste film fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt in pinsjonearre Ackbar troch prinsesse Leia bepraat om him by it Ferset tsjin 'e Earste Oarder te jaan, in organisaasje dy't fuortkommen is út 'e gearklofte restanten fan it Galaktysk Keizerryk. Hy nimt de rang fan admiraal wer oan en tsjinnet mei Leia, dy't no generaal is, as ien fan 'e wichtichste militêre lieders fan it Ferset. Yn dy hoedanichheid is er yngeand belutsen by de planning fan in oanfal op it nije massaferneatigingswapen fan 'e Earste Oarder, de Stjerredeaderbasis. Letter sjocht er mei Leia út in basis fan it Ferset op 'e planeet D'Qar ta op 'e súksesfolle útfiering fan 'e oanfal.

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) hat Ackbar de lieding oer de ûntromming fan 'e Fersetsbasis op D'Qar en jout er de romteskippen fan it Ferset opdracht om yn 'e hyperromte te springen om oan 'e Earste Oarder te ûntkommen. TIE-jagers fan 'e Earste Oarder, ûnder lieding fan Kylo Ren, efterfolgje de Fersetsfloat en iepenje it fjoer op 'e brêge fan 'e stjerrekruser Raddus, it skip dêr't Ackbar en oare lieders fan it Ferset har op befine. Dat soarget foar in grutte ûntploffing dy't alle opfarrenden it fakuum fan 'e romte yn sûcht. Ackbar komt om mei alle oaren, útsein Leia, dy't harsels rêde kin troch de Krêft te brûken.

Populariteit

bewurkje seksje

Admiraal Ackbar is yn 'e trije Star Wars-films dêr't er yn te sjen is, yn totaal 3 minuten en 30 sekonden yn byld. Yn Return of the Jedi hied er mar fjirtjin regels dialooch. Nettsjinsteande dat ûntjoech er him ta ien fan 'e populêrste personaazjes út 'e franchise. Syn útrop: "It is in falstrik!" út Return of the Jedi is ien fan 'e bekendste, meast oanhelle sitaten út 'e hiele Star Wars-franchise. In protte fans wiene teloarsteld oer syn hommelse dea yn The Last Jedi, dy't se abrupt en nonsjalant fûnen. Yn The Last Jedi hat er gjin lêste wurden, mar yn 'e stripadaptaasje fan 'e film liet striptekener Gary Whitta him sizze: "Ynslach fan torpedo's oansteande. It hat in ear west om mei jimme allegearre te tsjinjen." Whitta sei dêroer dat it him fertrette dat Ackbar yn 'e film sa hommels en gau omkaam, dat hy woe him "in bytsje in momint jaan foar't er stoar."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono
  NODES
USERS 1