Giovanni Pico della Mirandola

Giovanni Pico della Mirandola, greve fan Mirandola (útspr.: [ʤo'vani 'piko 'dɛla mi'randola], likernôch "dzjovanny piko della mirandola"; Mirandola, 24 febrewaris 1463Florâns, 17 novimber 1494), wie in Italjaansk filosoof út 'e Renêssânse. Hy is ferneamd om 'e foarfallen út 1486, doe't er 23 jier wie, en doe't er foarstelde om 900 eigenbetochte stellings oangeande godstsjinst, filosofy, natuerlike filosofy en tsjoenderij te ferdigenjen tsjin in elk dy't mei him yn debat gean woe. Dêrta skreau er it boek Oratio de Hominis Dignitate ("Taspraak oer de Minsklike Weardichheid"), dat wol 'it manifest fan 'e Renêssânse' neamd is. Syn synkretistyske oertsjûgings brochten Pico de Mirandola lykwols kear op kear yn oanfarring mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, wylst syn gedoente mei de mûnts Girolamo Savonarola him behelle yn 'e politike ynstabiliteit fan 'e Florentynske Republyk. Uteinlik waard er mei 34 jier ûnder noch altyd net alhiel opheldere omstannichheden fergiftige.

Giovanni Pico della Mirandola
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Giovanni Pico della Mirandola,
   greve fan Mirandola
nasjonaliteit Modeensk
berne 24 febrewaris 1463
berteplak Mirandola (Modena)
stoarn 17 novimber 1494
stjerplak Florâns (Florâns)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Emyljaansk
wurk
taal Latyn
sjenre filosofy, teology, oare non-fiksje
perioade Renêssânse
streaming neoplatonisme
bekendste
  wurk(en)
Oratio de Hominis Dignitate
De Animae Immortalitate
jierren aktyf 14831494
offisjele webside
gjint

Pico della Mirandola waard yn 1463 berne yn Mirandola, yn 'e neite fan Modena, as de jongste soan fan Fransiskus I, greve fan Mirandola en Concordia (1415-1467) en dy syn frou Julia, dochter fan Feltrino Boiardo, greve fan Scandiano. It Hûs Pico della Mirandola wenne doe al sûnt minskewitten op it Kastiel fan Mirandola, dat sûnt 1414 ta it ûnôfhinklike hartochdom Modena hearde. Hja wiene nau besibbe oan 'e ferneamde Sforza-, Gonzaga- en Este-dynastyen fan Milaan, resp. Mantua en Ferrara.

Mei't er as neikommerke berne waard doe't syn âlden al 23 jier troude wiene, hie Pico della Mirandola twa folle âldere bruorren, dy't him beide oerlibben: Galeotto I, greve fan Mirandola en Concordia (1442-1499), dy't nei syn heite dea de dynasty fuortsette, en Antonio Pico della Mirandola (1444-1501), dy't in generaal yn Keizerlike leger waard. De Pico's della Mirandola soene neitiid as hartoggen oer Mirandola hearskje oant se yn 1708 as bûnsgenoaten fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV ferslein waarden troch keizer Joazef I fan it Hillige Roomske Ryk, wêrnei't Mirandola anneksearre waard troch hartoch Ronald fan Modena. De manlike line fan 'e Pico's della Mirandola soe yn 1747 yn ballingskip útstjerre.

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Pico della Mirandola wie in foarlik bern mei in útsûnderlik goed ûnthâld. Hy learde al tige jong Latyn en mooglik ek Gryksk. Syn mem hie him foarbestimd foar in wurkpaad yn 'e geastlikheid, en sadwaande waard er 1477 nei Bologna stjoerd om tsjerklik rjocht te studearjen. Nei it hommels ferstjerren fan syn mem yn 1480 briek Pico della Mirandola syn stúdzje ôf, en sette ynstee útein mei in nije stúdzje filosofy oan 'e Universiteit fan Ferrara. Yn dyselde snuorje brocht er in koart besyk oan Florâns, dêr't er yn 'e kunde kaam mei de klassikus Angelo Poliziano, de dichter Girolamo Benivieni en wierskynlik ek de jonge dominikaner mûnts Girolamo Savonarola. De rest fan syn libben bleau Pico della Mirandola goed befreone mei alletrije, nettsjinsteande Savonarola syn asketyske en anty-humanistyske opfettings.

Fan 1480 oant 1482 learde Pico della Mirandola fierder oan 'e Universiteit fan Padua, dat doedestiden in wichtich sintrum fan it aristotelisme yn Itaalje wie. Tsjin dy tiid wied er al floeiend yn Latyn en Gryksk, mar yn Padua studearre er ek Hebriuwsk, Arabysk en Arameesk ûnder de Joadske dosint Elia del Medigo. Yn syn tiid te Padua skreau Pico della Mirandola sonnetten yn it Latyn, dy't er letter yn syn libben ûnder ynfloed fan Savonarola ferneatigje soe. Nei't er yn 1482 syn stúdzje te Padua beëinige hie, brocht er de folgjende fjouwer jier thús yn Mirandola troch, dat er as útfalsbasis brûkte foar besiken oan humanistyske sintra yn hiele Itaalje. Yn 1485 besocht er ek de Universiteit fan Parys, en it wie nei alle gedachten dêr dat er mei it wurk oan syn 900 stellings úteinsette en it idee opfette om dy yn it iepenbier te ferdigenjen.

Untwikkeling fan ideeën

bewurkje seksje

Yn novimber 1484 gie Pico della Mirandola wer nei Florâns, dêr't er diskear yn 'e kunde kaam mei Lorenzo de' Medici, de hearsker fan 'e Florentynske Republyk, dy't him neitiid oan syn dea ta beskermje soe, en teffens mei de filosoof Marsilio Ficino, by wa't er yn 'e lear gie. Fia Ficino rekke Pico della Mirandola bekend mei de Hermetica, it wurk fan 'e Grykske skriuwer út 'e lette Klassike Aldheid Hermes Trismegistos. Koarte tiid letter reizge Pico della Mirandola troch nei Rome, dêr't er fan doel wie om in kongres mei wittenskippers út hiele Jeropa te organisearjen om oer syn 900 stellings te debattearjen. Underweis hold er ho yn Arezzo, dêr't er behelle rekke yn in frijaazje mei de frou fan in neef fan Lorenzo de' Medici, dy't him op in hier nei it libben koste. Pico della Mirandola besocht om mei syn minneresse út te naaien, mar waard pakt en yn it tichthûs smiten troch har lulke man. Inkeld de tuskenkomst fan Lorenzo de' Medici sels rêde him doe fan 'e deastraf.

Neitiid brocht Pico della Mirandola, dy't by it ynsidint yn Arezzo ferwûne rekke wie, ferskate moannen troch yn Perugia, om op te betterjen. Wylst er dêr tahold, krige er op ûndúdlike wize ferskate âlde teksten yn 'e hannen (û.m. fan Ezra, Soroäster en Melchior), dy't er sels as "Galdeesk-kristlik" omskreau. Teffens waard er yn Perugia yntrodusearre yn 'e kabbala, de joadske mystyk, dy't him fassinearre. Sels seach Pico della Mirandola yn syn ferbliuw yn Perugia en syn ûntdekking fan 'e âlde teksten en de kabbala dêre de hân fan God, sa't er oan syn freon en learmaster Ficino skreau.

Hoewol't er in produkt fan it humanisme wie, kin Pico della Mirandola yn beskate opsichten beskôge wurde as in reäksje tsjin it poere humanisme, mei't er allegeduerigen de troch him as bêste beskôge Midsiuwske en islamityske tinkers, lykas Averroës en Avisenna, ferdigene, bygelyks yn in lang, ferneamd rekke brief út 1485 oan Ermolao Barbaro. Pico della Mirandola syn gedachteguod wie benammen basearre op 'e ideeën fan Plato, krekt sa't dat mei syn learmaster Ficino it gefal wie, mar likegoed behold er in djip respekt foar Aristoteles. Hy besocht aloan en mar wer om 'e skoallen fan Plato en Aristoteles mei-inoar te fermoedsoenjen, om't er stiiffêst leaude dat se deselde ideeën ferkundigen en dêr inkeld oare terminologyen foar brûkten. Dat wie nei gedachten de reden dat syn freonen him Princeps Concordiae ("Foarst fan Harmony") neamden, in wurdspiling op 'e titel 'foarst (eins greve) fan Concordia', dy't yn it besit fan syn famylje wie.

In selde soarte fan ideeën hie Pico della Mirandola ek oer godstsjinst. Sa wied er fan miening dat alle learde lju net inkeld Latyn en Gryksk leare en de Bibel en de lear fan it Westerske kristendom bestudearje moasten, mar dat se teffens Hebriuwsk leare en de Talmûd en de Hermetica bestudearje moasten. Hy leaude nammentlik dat dy persiis deselde boadskip as it Alde Testamint ferkundigen, allinnich yn oare wurden. Elts nij ûnderwerp dat op syn paad kaam, besocht er fan alle kanten te besjen, om der in sa objektyf mooglik byld fan te krijen, wat feitliks in wittenskiplike oanpak is dy't sterk wjerklang fynt yn 'e moderne tiid. Yn it ferlingde dêrfan beskôge Pico della Mirandola ferskillende religyen, lykas it kristendom en it joadendom, as ferskillende sjenswizen op deselde wierheid. It wie sok synkretisme dat him yn oanfarring mei de Roomsk-Katolike Tsjerke bringe soe.

Swierrichheden mei de Tsjerke

bewurkje seksje

Yn 1486 foltôge Pico della Mirandola syn Oratio de Hominis Dignitate ("Taspraak oer de Minsklike Weardichheid") as ynlieding ta syn 900 stellings. Dêrop reizge er nei Rome ta mei de bedoeling om syn plan ta wurklikheid ta meitsjen en syn stellings yn it iepenbier te ferdigenjen tsjin in elk dy't mei him yn debat gean woe. Yn desimber fan dat jier publisearre er syn stellings ûnder de titel Conclusiones Philosophicae, Cabalasticae et Theologicae, en tagelyk bea er in reiskostefergoeding oan om potinsjele debatpartners nei Rome te lokjen. Yn febrewaris 1487 griep paus Innosintius VIII lykwols yn en lei it debat stil. Der waard doe in pauslike kommisje ynsteld om 'e 900 stellings te beoardieljen op otterdoksy.

Hoewol't Pico della Mirandola alle oanklachten tsjin syn wurk besocht te wjerlizzen, waarden trettjin fan syn stellings feroardiele as ketterij. Pico della Mirandola stimde deryn ta om 'e stellings yn te lûken, mar feroare net fan miening oer harren jildichheid. Sadwaande publisearre er yn 1489 syn Apologia J. Pici Mirandolani, Concordiae Comitis, wêryn't er de stellings jitris ferdigene. Doe't de paus dat hearde, liet dy troch de ynkwisysje in tribunaal ynstelle, dat Pico della Mirandola twong om 'e Apologia èn syn stellings yn te lûken. De paus ferklearre oangeande de 900 stellings dat dy "[...] foar in diel kettersk binne, foar in diel út ketterij fuortkomme; ferskaten binne alderskandalichst en oanstjitjaand oan fromme earen; de measten dogge neat oars as de flaters fan heidenske filosofen te werheljen [...] oaren binne yn steat om 'e bretalens fan 'e Joaden oan te fiterjen; en in stikmannich, ta einbeslút, beare ta de 'natuerlike filosofy' te hearren, mar begeunstigje wittenskippen dy't it katolike leauwe en it minsklik ras fijannich binne."

Dêrop flechte Pico della Mirandola nei Frankryk ta, dêr't er arrestearre waard op befel fan Filips II, hartoch fan Savoaye, dy't dêrta in fersyk krigen hie fan 'e pauslike nunsius. Pico della Mirandola waard yn Vincennes yn it tichthûs smiten, mar fanwegen de tuskenkomst fan ferskate Italjaanske foarsten (dy't allegear dêrta oanset wiene troch Lorenzo de' Medici) liet kening Karel VIII fan Frankryk him frij en waard paus Innosintius bepraat om Pico della Mirandola nei Florâns gean te litten, dêr't er ûnder de fâdij fan Lorenzo de' Medici libje koe. Pico della Mirandola waard lykwols pas yn 1493, nei't Rodrigo Borgia ûnder de namme Aleksander VI ta paus keazen wie, ûntdien fan 'e sinsuer en frijheidsbeheinings dy't him troch de paus oplein wiene.

Lêste jierren en dea

bewurkje seksje

Nei dizze foarfallen sette Pico della Mirandola him nei wenjen yn in filla by Fiesole, dy't him ta beskikking steld waard troch Lorenzo de' Medici. Hoewol't er djip oangrepen wie om't er besefte dat er mar amperoan ûntsnapt wie oan 'e brânsteapel, swarde er syn synkretistyske ideeën nea ôf. Wol fermoedsoene er him mei Savonarola, fan wa't er geandewei de kwestje fan syn 900 stellings fan ferfrjemde rekke wie. Op syn oanstean nûge Lorenzo de' Medici Savonarola út en kom yn Florâns.

Yn Fiesole skreau Pico della Mirandola noch ferskate wurken, wêrûnder de Heptaplus Id Est de Dei Creatoris Opere (1489) en De Ente et Uno ("Oer Wêzen en Ienheid", 1491). Bekender is syn Disputationes Adversus Astrologiam Divinicatrium ("Traktaat tsjin Foarsizzende Astrology"), dat pas nei dea publisearre waard. In oare doedestiden opsjochjaande tekst wie De Omnibus Rebus et de Quibusdam Aliis ("Oer Alles Dat Bestiet en Noch Wat Deropta"), dat lykwols net bewarre is, mar neamd wurdt yn Thomas More syn Utopia. De Animae Immortalitate ("Oer de Unstjerlikens fan de Siel") waard pas yn 1541 yn Parys publisearre. Yn dat wurk wreide Pico della Mirandola út oer ien fan syn 900 stellings: "In deadssûnde fan einige doer fertsjinnet net in ivige, mar inkeld in einige straf." (Dat wie ien fan 'e trettjin stellings dy't paus Innosintius VIII as kettersk beskôge.) Pico della Mirandola syn brieven ferskynden ek postúm, ûnder de titel Aureae ad Familiares Epistolae.

Nei it ferstjerren fan Lorenzo de' Medici, yn 1492, ferfear Pico della Mirandola nei Ferrara, al besocht er ek doe noch geregeldwei Florâns. Underwilens joech de politike ynstabiliteit yn 'e Florentynske Republyk romte oan Savonarola, dy't him ûntjûn hie ta in reäksjonêr en fûleindich tsjinstanner fan 'e Renêssânse. Dêrtroch kaam er yn botsing mei it Hûs de' Medici, mei as gefolch dat úteinlik net hysels, mar de De' Medici út Florâns ferballe waarden. Savonarola syn oanboazjende ynfloed soe liede ta in algehiele ferneatiging fan Florentynske renêssânsistyske literatuer en keunst, mar likegoed sleat Pico della Mirandola him by Savonarola syn beweging oan. Hy krige it yn 'e plasse dat er mûnts wurde moast, swarde syn eardere belangstelling foar âlde teksten út oare tradysjes as dy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ôf, ferbaarnde al syn eigen poëzij en joech syn jild wei.

 
It samle wurk fan Pico della Mirandola (Opera Omnia), yn in edysje út 1601.

Yn 1494 waarden Pico della Mirandola en syn freon Angelo Poliziano ûnder mysterieuze omstannichheden fergiftige. Der waard fan grute dat Pico della Mirandola syn eigen siktaris derefter siet, om't dy de ynfloed fan Savonarola freze hawwe soe en fûn dat syn master him tefolle by Savonarola syn ideeën oansletten hie. Moderne histoarisy spekulearje dat Lorenzo syn opfolger, Piero de' Medici, opdracht jûn hie ta de moard. Pico della Mirandola waard begroeven yn Florâns, ûnder in tsjerketsjinst dêr't Savonarola yn foargie. Yn 2007 waarden de stoflike omskotten fan Pico della Mirandola en Poliziano opgroeven en ûndersocht troch in tiim fan wittenskippers dat ûnder lieding stie fan Giorgio Gruppioni, in heechlearaar antropology oan 'e Universiteit fan Bologna. Yn 2008 waard bekendmakke dat de beide mannen foar it neist stoarn wiene oan fergiftiging mei arsenikum.

  • 1486 – Oratio de Hominis Dignitate
  • 1486 – Conclusiones Philosophicae, Cabalasticae et Theologicae
  • 1489 – Apologia J. Pici Mirandolani, Concordiae Comitis
  • 1489 – Heptaplus Id Est de Dei Creatoris Opere
  • 1491 – De Ente et Uno
  • 14?? – De Omnibus Rebus et de Quibusdam Aliis
  • 14?? – Disputationes Adversus Astrologiam Divinatricem
  • 1499 – Aureae ad Familiares Epistolae (brieven)
  • 1541 – De Animae Immortalitate

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography and further reading, op dizze side.

  NODES