Goeseftigen
De goeseftigen (Latynske namme: Anseriformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae). Ta dit skift hearre likernôch 180 libbene soarten, wêrûnder de guozzen, de swannen en de einen. Utsein 1 soarte fan 'e spaltpoatgoesfûgels (Anseranatidae) en 3 soarten razerfûgels (Anhimidae) hearre alle libbene soarten goeseftigen ta de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae).
goeseftigen | ||
In ekstergoes (Anseranas semipalmata). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | goeseftigen (Anseriformes) | |
Wagler, 1831 | ||
Skaaimerken
bewurkje seksjeAlle goeseftigen binne sterk oanpast oan in libbenswize oan it wetteroerflak, en wurde sadwaande gauris wetterfûgels neamd; se hearre lykwols net ta de taksonomyske groep fan 'e wetterfûgels (Aequornithes), dy't û.m. de earrebarren, reagers, ginten, pillekanen en pinguins omfiemet. Goeseftigen binne nau besibbe oan 'e hineftigen (Galliformes), dêr't de pauwen, fazanten en hinnen ta hearre. Mei dy groep foarmje de goeseftigen it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), wylst hast alle oare fûgels ta it sustertakson dêrfan behearre, de nije fûgels (Neoaves).
Binnen it tuskenskift fan de nijkakigen (Neognathae) ûnderskiede de goes- en hineftigen har fan 'e nije fûgels troch in primitivere lichemsbou. De mantsjes fan alle goeseftige soarten, útsein de razerfûgels, beskikke oer in penis (eins in pseudopenis, mei't dit orgaan fysiologysk sjoen net itselde is as de penis fan sûchdieren). By de hineftigen wurdt de groei fan sa'n penis ûnderdrukt troch beskate hormoanen, wylst de nije fûgels hielendal gjin penis hawwe. Fierders hawwe alle goeseftigen, yn tsjinstelling ta de hineftigen, swimfluezzen tusken de teannen, in oanpassing oan harren akwatyske libbenswize. Ek by de pear soarten dy't har neitiid wer oanpast hawwe oan in fierhinne lânbûn libben, is dit skaaimerk beholden bleaun.
Skiftopbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Cited texts, op dizze side.
|