Gouden Poarte (Vladimir)

De Gouden Poarte (Russysk: Золотые ворота) is in monumint yn Vladimir, ien fan 'e stêden fan 'e Gouden Ring op likernôch 180 kilometer fan Moskou. De poarte waard yn opdracht fan grutfoarst Andrej Bogoljûbski tusken 1158 en 1164 boud. Nei in grutte stedsbrân waard de poarte op 'e nij boud.

Gouden Poarte

Золотые ворота

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Vladimir
plak Vladimir
koördinaten 56° 07' N 40° 23' E
bysûnderheden
type bouwurk Poarte
boujier 1164
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 371410022580006
kaart
Gouden Poarte (Jeropeesk Ruslân)
Gouden Poarte

De Gouden Poarte is mei oare bouwurken ûnder de namme Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal ynskreaun yn 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Yn 'e poarte hat in museum ûnderdak krige mei as sintraal tema de Mongoalske ynfaazje fan Ruslân yn 'e 13e iuw.

 
Grutfoarst Andrej Bogoljûbski.

De hillige stêden fan 'e easterske otterdoksy (Jeruzalim, Konstantinopel en Kiëv) hiene gouden poarten. Doe't Andrej Bogoljûbski fan Vladimir syn haadstêd makke, woe hy ek sa'n gebou yn 'e stêd ha. Hy liet in poarte fan kalkstien bouwe mei dêrboppe in kapel, dy't op 26 april 1164 waard ynwijd. Fan 'e sân poarten tusken de lange wâlen achter djippe grêften om 'e stêd hinne, bleau allinne de Gouden Poarte oer, dy't oarspronklik fergulde wie mei plaatwurk fan koper. Oer de grêft hinne, lei in brêge dy't tagong joech ta de stêd Vladimir. De bôge fan 'e poarte is fjirtjin meter heech. De massyf iken doarren, dy't oan smei-izeren knieren hongen, binne net bewarre bleaun.

Boppe de latei lei in houten flier, dy't tsjinne as ekstra platfoarm foar de ferdigening by in oanfal. De lokaasjes fan de balken binne hjoeddedei noch yn it mitselwurk fan 'e muorre te sjen. In iepening yn 'e súdlike muorre joech tagong ta it platfoarm, dêr de muorredikte romte joech foar in stiennen trep mei ferwulft. Op itselde nivo oan 'e oare kant wie noch in útgong nei de bolwurken oan 'e súdlike kant. Oan 'e noardlike kant wie in passaazje dy't oer de muorre nei it platfoarm rûn.

De trep yn 'e muorredikte fan 'e súdlike muorre rûn fierder nei it boppeste stiennen platfoarm, dat fan mesken en kantelen foarsjoen wie. Op it midden fan it platfoarm stiet de oan 'e Mem Gods wijde kapel. Foar dy kapel stiene de grutte wite stiennen tsjerken model, dy't boud waarden yn 'e omkriten fan Vladimir en Sûzdal út de tiid foar de Mongoalske ynfallen. Nei alle gedachten fanwegen it gewicht fan 'e kapel moast de poarte op 'e hoeken fersterke wurde mei steunbearen. Om dy steunbearen binne letter de fjouwer lege tuorren boud. De bline bôgen op 'e gevels fan 'e kapel binne typysk foar it type bou út de tolfte iuw. Oarspronklik wiene se dekorearre mei bylden, fresko's en kleuren.

Brannen en fijannelike ynfaazjes hawwe de poarte skeind en fan oansjen feroare. Yn 1449 waard in restauraasje útfierd en yn 1641 waard yn opdracht fan tsaar Michael I in plan makke foar in nije restaurasje, mar de útfiering sette net earder as tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw útein.

 
De poarte yn 'e 19e iuw.

Troch de grutte stedsbrân yn 1778 waard ek de poarte skansearre. In pear jier letter waard by it ûnderhâldswurk oan 'e wâlen de oangrinzgjende dielen sloopt om in tagong op 'e sydkanten fan 'e poarte mooglik te meitsjen. Dêrmei ferlear de poarte foar it measte de ferdigeningsfunksje. Yn 1794 waard in plan oannommen om op 'e hoeken dêr't earder de steunbearen wiene oanbrocht rûne tuorren te bouwen. Yn dy foarmen is it gebou oant hjoeddedei bewarre bleaun, ek al binne der yn 'e 19e iuw ferskate útstellen dien om 'e poarte wer mear yn 'e oarspronklike foarmen werom te bringen.

Yn it midden fan 'e jierren 1990 krigen, lykas yn it ferline, de gevels fan 'e poarte wer ikoanen fan 'e Mem Gods (oan 'e westlike kant) en fan Kristus (oan 'e eastlike kant).

De poarte tsjinnet tsjintwurdich as in museum en yn 'e kapel is in útstalling oer de militêre skiednis. Sintraal stiet in diorama út 1972 mei it dramatyske barren fan febrewaris 1238: de ferdigening fan 'e stêd Vladimir yn 'e tiid fan 'e Mongoalske ynfaazje ûnder lieding fan Batû Khan, de pakesizzer fan Dzjengis Khan.

Der wurde wapens en militêre saken út ferskate perioades útstald: sjitark, 13e-iuwske pylken, ringpânsers, Poalske krúsbôgen út 'e 17e iuw, gewearen út 'e tiid fan Katarina de Grutte, metalen harnassen en musketten út 'e kriich fan 1812, Turkske wapens, in unifoarm en dekoraasjes. Ek is der opmerklik sjitark fan 'e Degtjarjovfabryk yn Kovrov te sjen. In fitrine presintearret romtepakken fan 'e kosmonaut Valery Kûbasov, dy't berne is yn Vladimir.

 
De Gouden Poarte by nacht.
  • Neffens ûndersyk fan bygelyks de Sovjet-argeolooch Nikolaj Voronin hie de Gouden Poarte fan Vladimir gjin gelikense yn it midsiuske Jeropa. Njonken in defensive funksje tsjinne de poarte ek as tagong ta de stêd en hie it bouwurk mei de tsjerke in religieuze funksje.
  • Neffens de oerlevering bleau de koets fan Katarina de Grutte yn 1767 yn in grutte plasse ûnder de smelle bôge fan de poarte fêstsitten, doe't hja troch Vladimir nei Nizjni Novgorod reizge. It wie de keizerin dy't dêrnei opdracht joech om de wâlen oan wjerskanten fan 'e poarte foar in part te ûntmanteljen. Letter waarden de bolwurken folslein sloopt. Oerbliuwsels binne der te sjen efter it gebou fan it Pedagogyske Ynstitút flakby de Gouden Poarte.
  • Doe't de Gouden Poarte boud waard stoarte in diel fan it ferwulft yn. Aldergelokst ferstoar nimmen en prins Andrej Bogoljûbski joech opdracht ta in Te Deum. Tagelyk liet er de ploech bouwers ferfange. Neffens de oerlevering bestie de nije ploech út Italjaanske boumasters, dy't troch keizer Frederik Barbarossa stjoerd waarden. Bogoljûbsky en Barbarossa wiene freonen fan inoar. De nije bouploech foltôge de poarte en har wurk foldie de prins sa goed, dat hja de opdracht krigen mear stiennen gebouwen yn 'e nije haadstêd del te setten, lykas katedralen, tsjerken en de residinsje fan 'e prins.
  • Yn it midden fan 'e 19e iuw wiene der plannen om yn it ramt fan 'e oanlis fan wetterlieding yn 'e stêd de poarte te ferbouwen ta in wettertoer. It plan gyng net troch in net fier fan 'e Gouden Poarte waard in nije wettertoer boud, dêr't tsjintwurdich ek in museum yn fêstige is.
  • Alhoewol't de stêd him manmoedich fersette tsjin de Mongoalske Tataren yn febrewaris 1238 slagge it net om in ferovering tefoarren te kommen. Dat slagge de islamityske ynkringers net troch de Gouden Poarte yn te nimmen, mar troch in gat te slaan yn 'e muorre fan 'e wâlen. Nei de ferovering fan 'e stêd soene de mei koper besleine doarren út de hingsels tild wêze om se mei te nimmen as kriichsbút. By de tocht oer de rivier de Kljazma briek lykwols it iis en mei de hynders en wein en al ferdwûnen mei de manlju ek de doarren yn it wetter. De doarren binne nea werom fûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Золотые ворота (Владимир)


  NODES