Gouden Tiidrek fan de Pornografy

It Gouden Tiidrek fan 'e Pornografy, ek wol omskreaun as porno chic, wie in fyftjinjierrige perioade yn 'e skiednis fan 'e kommersjele Amerikaanske pornografy dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Seksuele Revolúsje. Yn dy snuorje, dy't rûn fan 1969 oant 1984, ûnderfûnen seksueel eksplisite films positive belangstelling fan 'e ynternasjonale sinema, filmkritisy en it publyk.

Filmposter fan Deep Throat, út 1972, mei Linda Lovelace.

As begjin fan it Gouden Tiidrek wurdt ornaris de publikaasje sjoen fan 'e films Blue Movie (1969), dy't regissearre wie troch keunstner Andy Warhol, en Mona (1970), dy't produsearre waard troch Bill Osco. Dy beide rôlprinten wiene de earste films mei in eksplisite ôfbylding fan echte seksuele omgong dy't yn 'e Feriene Steaten yn in ûnbeheind tal bioskopen draaiden.

Blue Movie en Mona wiene allebeide fan ynfloed op oare bekende films út it Gouden Tiidrek fan 'e Pornografy, lykas Deep Throat (1972), mei Linda Lovelace yn 'e haadrol en Gerard Damiano as regisseur; Behind the Green Door (1972), mei Marilyn Chambers as haadrolspylster en de bruorren Mitchell as regisseurs; The Devil in Miss Jones, ek fan Damiano; en The Opening of Misty Beethoven (1976), fan regisseur Radley Metzger. Neffens Warhol sels wie syn Blue Movie fierders ek fan grutte ynfloed op Last Tango in Paris (1972), in ynternasjonaal kontroversjele eroatyske dramafilm mei Hollywood-akteur Marlon Brando yn 'e haadrol.

Nei't Deep Throat troch presintators as Johnny Carson en Bob Hope yn harren tillefyzjeprogramma's neamd wie, groeide dy pornofilm út ta in grut súkses yn 'e bioskopen, ek al wie it in lowbudgetfilm dy't nei de mjitstêven fan mainstream-films mar amateuristysk makke wie. Yn 1973 ûntjoech The Devil in Miss Jones, profesjoneler makke, mar noch altyd in lowbudgetfilm, him ta de op seis nei súksesfolste film fan it jier. Dy film waard boppedat goed ûntfongen troch filmkritisy yn grutte kranten en tydskriften, ûnder wa de foaroansteande resinsint Roger Ebert, dy't der in posityf stikje oer skreau.

It ferskynsel dat pornofilms troch ferneamde persoanen op 'e tillefyzje besprutsen waarden en serieus nommen waarden troch filmkritisy, wie in unikum yn 'e Amerikaanske maatskippij, dêr't earder sûnt it Pre-Code-tiidrek krekt o sa it near lein wie op alle uterings fan seks yn films. Sjoernalist Ralph Blumenthal fan The New York Times betocht foar sokke nije pornografy dy't rûnom akseptaasje fûn de term porno chic ("sjike porno"). It waard dúdlik dat mei de opbringsten fan bioskoopfertoanings fan pornofilms mei in tige leech budget fierdere foarútgong op it mêd fan technyk en produksje finansierd wurde koe. Dêrtroch soene sokke films ekstreem goed konkurrearje kinne mei mainstream-films fan de filmyndustry fan Hollywood.

Yn behâldende fermiddens yn 'e Feriene Steaten groeide sadwaande de noed dat as der net wat barde om it tsjin te kearen, pornofilms, fanwegen harren ekstreme lukrativens, grutte ynfloed op 'e mainstream-filmyndustry krije soene. Foarôfgeande oan it Gouden Tiidrek fan 'e Pornografy hiene tûzenen steatlike en gemeentlike oerheden yn 'e Feriene Steaten harren eigen wetten en regeljouwing ynfierd tsjin obseniteit, dy't it meitsjen, fersprieden en besjen fan pornografy ta in misdriuw makken. De distribúsje fan pornofilms wie dêrtroch doedestiden sterk beheind, en fan gefolgen gou itselde foar de winst dy't dermei makke wurde koe. Troch it fûnis fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf út 1973 yn 'e rjochtsaak Miller v. California waard de definysje fan wat obseen wie en wat net, lykwols sterk fernauwe, mei in dramatyske delgong fan it tal oanklachten foar obseniteit ta gefolch.

Der liek dus neat te wêzen dat de Amerikaanske pornoyndustry noch yn it paad stie om withoehege winsten te beheljen mei de produksje fan al mar djoerdere films en sa syn ynfloed oer alle aspekten fan 'e Amerikaanske maatskippij út te wreidzjen, wylst fromme kristenen en oare tsjinstanners it knarsetoskjend oansjen moasten. De yntroduksje fan 'e fideorecorder yn 'e iere 1980-er jierren stiek dêr lykwols in stokje foar. Om't de measte fans fan pornografyske films der om foar de hân lizzende redens de foarkar oan joegen om sokke films yn 'e privacy fan harren eigen hûs te besjen, woeks de VHS-fideobân al rillegau út ta it meast brûkte distribúsjemedium foar pornofilms. It gefolch wie dat de pornoyndustry de bioskoopfilm de rêch ta draaide en weromkearde nei lowbudgetproduksjes, wêrmei't der in ein kaam oan it Gouden Tiidrek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

  NODES