In grêfskrift of epitaaf is in koart gedicht of inkele sinnen dy't wijd binne oan de ferstoarne en op de grêfstien gravearre binne - it liket op in epigram. Meastentiids wurdt de ferstoarne eare mei it grêfskrift. Faak ek wurdt in Bibeltekst op it grêf opnomd, of allinnich de letters R.I.P (Requiescat in pace, Latyn foar 'rêst yn frede').

It epitaaf op de grêfstien fan Shakespeare

Grêfskriften wurde yn Fryslân al lang samle. Sa steane se bygelyks yn de Skoalmastersboekjes (1858-1859) en yn Friesche Oudheden en der is in kolleksje R.-baron van Breugel Douglas. Yn de topografyske atlas fan it Frysk Genoatskip steane tekeningen fan A. Martin. Yn de 20e iuw samlen N.J. Waringa, A.L. Heerma van Voss, D.D. Osinga en J. Belonje. De grêfskriften dy't foar bygelyks genealogy, heraldyk, keunsthistoarje en doarpsskiednis fan belang binne wurde samle troch it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Nei 1950 ferskynden al bondels oer Achtkarspelen, It Bilt en Ljouwert Galileeërtsjerke.

Yn novimber 2007 is by útjouwerij Van Wijnen Friezen uit vroeger eeuwen ferskynd. Yn it boek fan mear as 1000 siden wurdt troch auteur Hessel de Walle ûnder oaren in oersjoch jûn fan sa goed as alle grêfskriften út Fryslân fan foar 1811. Op de hiemside fan 'e auteur binne oanfollingen en wizigingen te finen: Friezen uit vroeger eeuwen

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Grafschriften.
  • Walle, Drs. Hessel de, Friezen uit vroeger eeuwen, (Franeker: Wever Van Wijnen, 2007).
  NODES
Done 1