Grogu
Grogu, lange tiid inkeld bekend as "it Bern" en troch de fans (mar net troch wurknimmers fan filmstudio Lucasfilm) wol oantsjut as Baby Yoda, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2019 yntrodusearre yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian en kaam letter ek foar yn The Book of Boba Fett. De geastlike heiten fan it personaazje binne tillefyzjeprodusinten Jon Favreau en Dave Filoni. Grogu is in bûtenierdsk wêzen fan itselde, ûnbekende ras as de Jedi-master Yoda. Hoewol't er al fyftich jier libbe hat, is er troch de tige lange libbensdoer fan syn soarte noch mar in jong bern.
Grogu personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bynamme | it Bern | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | bûtenierdsk (ras ûnbekend) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-jongeling | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Din Djarin Boba Fett Fennec Shand | |
geastlike heit | Jon Favreau en Dave Filoni | |
ûntstean | 2019 |
Yn The Mandalorian besykje de restanten fan it boasaardige Galaktysk Keizerryk Grogu yn 'e hannen te krijen, mei't se him fanwegen syn oanberne Krêftgefoeligens brûke wolle foar eksperiminten. Se nimme de Mandaloriaanske preemjejager Din Djarin yn 'e earm om him op te spoaren. As dyselde lykwols foar it ferstân kriget wat syn oprdrachtjouwers fan doel binne, naait er mei Grogu út. Yn The Mandalorian en The Book of Boba Fett wurdt Grogu werjûn troch in marionet, oanfolle mei kompjûtergenerearre special effects. De lûden dy't er produsearret, waarden foar in part ynsprutsen troch David Acord. Mank de fans fan Star Wars kige Grogu in oerweldigjend positive ûntfangst.
Skepping fan it personaazje
bewurkje seksjeGrogu waard betocht troch Jon Favreau dy't as tillefyzjeprodusint de showrunner wie (mei de deistige lieding) oer de science fiction-searje The Mandalorian. Favreau woe mei it personaazje it mystearje ferkenne dat bestiet om it ûnbekende ras fan bûtenierdske wêzens fan Jedi-master Yoda hinne. As personaazje waard Grogu fierder ûntwikkele yn iere petearen dy't Favreau deroer fierde mei útfierend produsint Dave Filoni, dy't sadwaande ek in oandiel yn 'e skepping hie. Hoe't Grogu derút kaam te sjen, waard fêstlein troch konseptkeunstner Christian Alzmann.
De rol fan Grogu waard yn The Mandalorian en The Book of Boba Fett fierhinne fertolke troch in marionet dy't foar in diel animatroanysk (op ôfstân bestjoerber) is, hoewol't er yn 'e postproduksjefaze aksintuëarre waard mei kompjûtergenerearre special effects. De marionet waard produsearre troch special effects-bedriuw Legacy Effects en koste likernôch $5 miljoen om te meitsjen. Hy wurdt bestjoerd troch twa technisy, wêrfan't de iene de eagen en de mûle bewege lit en de oare de gesichtsútdrukkings beävensearret. De lûden dy't er produsearret, binne in mingsel fan minsklike fokalisearrings troch folwoeksenen (David Acord) en poppen, mei dêrtrochhinne opnamen fan 'e lûden dy't makke wurde troch de leppelhûn (Otocyon megalotis), in soarte foks út East-Afrika en Súdlik Afrika, en de rôlsturtbear of kinkadjû (Potos flavus), in Súdamerikaanske sibbe fan 'e waskbear.
Fiktive biografy
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjeDe namme fan it personaazje dat "it Bern" neamd wurdt, bliuwt yn The Mandalorian lang ûnbekend. Pas yn 'e fyfde ôflevering út seizoen 2, Chapter 13: The Jedi, komt oan it ljocht dat er Grogu hjit. Dan wurdt ek mear oer syn eftergrûn bekend. Hy is fyftich jier âld, mar troch de lange libbensdoer en de dêrmei gearhingjende stadige ûntwikkeling fan syn mysterieus ras fan bûtenierdske wêzens is er likegoed noch in jong bern. (Dat ras fan bûtenierdske wêzens hat mei sin nea in namme krigen om't Star Wars-betinker George Lucas in sfear fan riedseleftigens bewarje woe om 'e âlde Jedi-master Yoda hinne, dy't der ek ta heart.) It docht bliken dat Grogu omreden fan syn Krêftgefoeligens al tige jong nei de Jedi-timpel op Coruscant ta stjoerd is om in oplieding ta Jedi-ridder te folgjen. Hy hat de Grutte Suvering fan 'e Jedi troch de trewanten fan keizer Palpatine oerlibbe troch ûnder te dûken en syn fermogens yn 'e Krêft te ûnderdrukken.
Yn The Mandalorian
bewurkje seksjeSeizoen 1
bewurkje seksjeYn seizoen 1 fan The Mandalorian akseptearret in mysterieuze Mandaloriaanske preemjejager in opdracht fan in rike mar riedseleftige man, dy't inkeld bekend is as 'de Kliïnt'. Syn taak is om in 'bedriuwsmiddel' op te spoaren en by de Kliïnt ôf te leverjen. It wurdt al mei gauwens dúdlik dat de Kliïnt de restanten fan it Galaktysk Keizerryk fertsjintwurdiget. De Mandaloriaan folget it spoar fan it bedriuwsmiddel nei de planeet Arvala-VII, dêr't er ûntdekt dat it 'bedriuwsmiddel' eins in bûtenierdsk bern is. Dat hied er net ferwachte, mar dochs nimt er it Bern finzen. Underweis werom nei de Kliïnt groeit der in bân tusken him en it Bern. De Mandaloriaan foldocht oan syn opdracht troch it Bern by de Kliïnt ôf te leverjen, dy't de wittenskipper dr. Pershing opdracht jout om "it nedige materiaal" oan it Bern "te ûntlûken". De Mandaloriaan betinkt him, komt werom en rêdt it Bern, wêrnei't se tegearre op 'e flecht slane.
Om itende te bliuwen nimt de Mandaloriaan as hierling ferskate riskante putsjes oan. Dêrby nimt er it Bern gauris op sleeptou, mar ek lit er him wolris efter op 'e noed fan lju dy't er fertrout, lykas de widdo Omera of de monteur Peli Motto. Ferskate preemjejagers en hierlingen ûntdekke it Bern, mar wurde deamakke troch de Mandaloriaan foar't se op basis fan dy kennis hannelje kinne. Yn 'e foarlêste ôflevering fan seizoen 1, Chapter 7: The Reckoning, nimt Greef Karga, de lieder fan it Preemjejagersgilde, kontakt op mei de Mandaloriaan. Hy wol dat dy him helpt om mei de Kliïnt ôf te weven en ûnthjit dat de Mandaloriaan en it Bern neitiid feilich wêze sille foar leden fan it gilde. It is in falstrik, mei't Karga fan doel is de Mandaloriaan dea te meitsjen en it Bern werom te jaan oan 'e Kliïnt, mar as er sels deadlik ferwûne rekket en it Bern de Krêft brûkt om him te genêzen, ljochtet er út tankberens de Mandaloriaan oer de mûklaach yn.
Underwilens is bekend wurden dat de Mandaloriaan eins Din Djarin hjit. Yn Chapter 8: Redemption, de slotôflevering fan seizoen 1, fynt in klimaktyske konfrontaasje fan him en syn bûnsgenoaten mei de troepen fan 'e Keizerlike ofsier moff Gideon plak. Dêrby wurdt it Bern foar koarte tiid ûntfierd, mar rêden troch de androïde IG-11. It Bern en Djarin-en-dy ûntkomme en sykje help fan 'e Mandaloriaanske stamme fan Djarin, mar dy blykt fierhinne útrûge te wêzen troch de stoarmtroepers fan moff Gideon. Se fine de Wapensmid, de liedster fan 'e stamme, en guon oaren libben werom, en de Wapensmid nimt it Bern formeel yn 'e stamme op as fûnling. Se jout Djarin opdracht om oare leden fan it ras fan it Bern te sykjen en him by harren te bringen, en seit dat hy oant dy tiid de heit fan it Bern wêze sil. As de troepen fan moff Gideon it selskip efterhelje, offeret IG-11 himsels op sadat Djarin en de oaren mei it Bern fan 'e planeet ûntkomme kinne.
Seizoen 2
bewurkje seksjeYn seizoen 2 beselskippet it Bern Djarin op syn syktocht nei oare Mandalorianen dy't him helpe kinne om it folk fan it Bern te finen. Nei in earste oanwizing bejouwe se har nei de planeet Tatooine, dêr't Cobb Vanth, de marshal fan Mos Pelgo, in Mandaloriaanske wapenris draacht hoewol't er sels gjin Mandaloriaan is. Djarin is dêr min oer te sprekken, mar meitiid krije de beide mannen respekt foar inoar, sasear sels dat Djarin de soarch foar it Bern oan Vanth opdraacht as er sels omkomme soe yn 'e striid mei in kraytdraak dy't Mos Pelgo teheisteret. Yn Chapter 10: The Passenger nimt Djarin in bûtenierdsk wêzen oan board fan syn skip, dat er omreden fan har uterlik de "Kikkertfrouwe" neamd. Hy moat har en har aaien nei de planeet Trask bringe. Underweis yt it Bern in pear fan 'e aaien op, ek al is dat him strang ferbean. Nei oankomst op Trask lit Djarin it Bern efter op 'e noed fan 'e Kikkertfrouwe en har man. Wylst er fuort is, komme de aaien út en foarmet it Bern in telepatyske bân mei de 'kikkertfiskjes'.
Djarin hat yn 'e tuskentiid fan Bo-Katan Kryze, de eardere hearskeresse oer Mandalore, heart dat har âlde bûnsgenoate, de Jedi-ridder Ahsoka Tano, op 'e planeet Corvus te finen is. Mei't syn romteskip op 'e reis mei de Kikkertfrouwe slimme averij oprûn hat, keart Djarin earst werom nei Nevarro, dêr't Greef Karga en de eardere kommando fan it Rebelleferbûn Cara Dune sûnt harren lêste moeting de planeet befrijd hawwe fan 'e Keizerlike oerhearsking, op ien Keizerlik bolwurk nei. Yn ruil foar it reparearjen fan syn romteskip seit Djarin syn help ta om dy basis te feroverjen.
Yn Chapter 13: The Jedi reizgje Djarin en it Bern ôf nei Corvus, dêr't Djarin Ahsoka Tano opspoart. Sy blykt troch de Krêft mei it Bern kommunisearje te kinnen, wat foar Djarin net mooglik wie. Sa komt foar it earst út dat de namme fan it Bern Grogu is en wat syn eftergrûn is. Djarin besiket Ahsoka safier te krijen dat se Grogu as har padawan oannimt, mar sy wegeret dat om't Grogu ûnderwilens sterke gefoelens foar Djarin ûntwikkele hat en se mei har master Anakin Skywalker út 'e earste hân wit wêr't soks foar in Jedi ta liede kin. Ynstee wiist se him troch nei de Jedi-Timpel op Tython, dêr't Grogu fia de Krêft kontakt meitsje kin mei in oare Jedi en syn eigen lotsbestimming kieze kin.
Yn Chapter 14: The Tragedy bringt Djarin Grogu nei dy timpel ta, dêr't Grogu begjint te meditearjen. Al rillegau dûke de stoarmtroepers fan moff Gideon op, en nettsjinsteande it krewearjen fan Djarin en fan 'e preemjejager Boba Fett en de hiermoardneresse Fennec Shand, mei wa't Djarin troch hantsjebakken in oerienkomst sletten hat, wurdt Grogu finzen nommen. Hy wurdt oerbrocht nei de kruser fan moff Gideon en yn in sel pleatst. Letter lit Gideon him nei dr. Pershing bringe om alle bloed oan syn lichem te ûntlûken. Yn Chapter 16: The Rescue docht Djarin mei in kloft útinoarrinnende bûnsgenoaten, ûnder wa Boba Fett, Fennec Shand, Cara Dune en Bo-Katan Kryze, in wraam op 'e kruser fan moff Gideon. Dêrby wurdt Grogu befrijd en Gideon finzen nommen, mar de ûntsnappingsrûte wurdt ôfsnien troch in ôfdieling stoarmtroepers en Djarin-en-dy reitsje besingele. Se wurde rêden troch de hommelse ferskining fan 'e Jedi-master Luke Skywalker, mei wa't Grogu earder yn 'e Jedi-Timpel op Tython kontakt makke hie. Hy weeft handich mei de Keizerlike troepen ôf en biedt oan om Grogu mei te nimmen om him ta Jedi op te lieden.
Yn The Book of Boba Fett
bewurkje seksjeGrogu keart werom yn 'e ôflevering Chapter 6: From the Desert Comes a Stranger fan 'e spin-offsearje The Book of Boba Fett. As ûnderdiel fan syn training troch Luke Skywalker helpt syn nije master him om ferkrongen oantinkens út it ferline op te heljen, oer syn tiid yn 'e Jedi-timpel op Coruscant en wat er belibbe hat ûnder de Grutte Suvering fan 'e Jedi troch de boasaardige keizer Palpatine. Djarin komt del om Grogu op te sykjen, mar sjocht fan in moeting ôf as Ahsoka Tano him fertelt dat soks de training fan it jonkje behinderje kinne soe. Hy lit by Ahsoka lykwols in geskink foar Grogu efter: in maljenkolder dy't makke is troch de Wapensmid. Ahsoka jout it troch oan Luke, dy't har yn fertrouwen nimt en bekent dat er net wis is oft Grogu wol folslein oan it paad fan 'e Jedi tawijd is. Om't er net rjocht wit wat er dermei oan moat, riedt Ahsoka him oan om op syn gefoel te fertrouwen. Dêrop beslút Luke om Grogu kieze te litten tusken de maljenkolder en de ljochtsabel fan Luke syn âlde master Yoda, en dêrmei tusken in weromkear nei Djarin en in bestean as Jedi.
Yn 'e sânde en lêste ôflevering, Chapter 7: In the Name of Honor, arrivearret Grogu yn 'e hangaar fan Peli Motto op Tatooine, dêr't er yn Luke syn X-wjukjager ôfset wurdt troch de robot R2-D2. Dan docht bliken dat Grogu keazen hat foar de maljenkolder ynstee fan 'e ljochtsabel. Motto bringt him neitiid nei Mos Espa, dêr't er weriene wurdt mei Djarin en dêr't hy en Motto Djarin, Boba Fett, Fennec Shand en harren bûnsgenoaten helpe yn 'e striid tsjin in legermacht fan it Pyke-misdiesyndikaat û.l.f. Cad Bane. Dêrby bêdet Grogu in op 'e rin jage rancor del troch it wêzen yn 'e sliep falle te litten. Neitiid set er tegearre mei Djarin mei ûnbekend bestimming ôf fan Tatooine.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |