Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje

De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje is in autosefale (selsbestjoerende) kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't teffens bekend is as it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Aleksanderje, it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Aleksanderje en Hiele Afrika en de Aleksandrynsk-Otterdokse Tsjerke (offisjeel, Gryksk: Πατριαρχεῖον Ἀλεξανδρείας καὶ Πάσης Ἀφρικῆς, Patriarcheion Alexandreias kaì Pasēs Afrikēs, "Patriargaat fan Aleksanderje en Hiele Afrika"). Dizze tsjerke ferkeart yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en stiet ûnder it bewâld fan 'e yn it Egyptyske Aleksanderje residearjende (Gryksk-otterdokse) paus en patriarch fan Aleksanderje en Hiele Afrika (in titel dy't de haden fan 'e Koptysk-Otterdokse Tsjerke en de Koptysk-Katolike Tsjerke ek drage). It is it op ien nei âldste fan 'e fjouwer histoaryske patriargaten fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke, al erkent it it nominale oekumenysk gesach fan 'e patriarch fan Konstantinopel. De tsjerke brûkt it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it Nije Testamint, as tsjerketaal, en hat tusken de 1,6 en de 1,7 miljoen leden.

Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan
   Aleksanderje
De Sint-Joaristsjerke yn Kaïro.
De Sint-Joaristsjerke yn Kaïro.
algemiene ynformaasje
off. namme Patriargaat fan Aleksanderje en
   Hiele Afrika
stifting 42 n.Kr.
ûnôfhinklik 1054 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke)
erkenning 1965 (Roomsk-Katolike Tsjerke)
titel primaat paus en patriarch fan Aleksanderje
   en Hiele Afrika
sit primaat Aleksanderje (Egypte)
fierdere bysûnderheden
streaming eastersk-otterdoksy
tsjerketaal Hellenistysk Gryksk
ledetal 1.650.000 (skatting, 2012)
webside www.patriarchateofalexandria.com

De tsjerke yn Egypte waard stifte troch Sint-Markus (te uzes better bekend as de apostel Jehannes Markus), yn it jier 42. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje hâldt út de opfolger-tsjerke te wêzen fan dy ier-kristlike mienskip, in bewearing dy't ek de Koptysk-Otterdokse Tsjerke en de Koptysk-Katolike Tsjerke meitsje. De brek tusken it Gryksk-Otterdokse Patriargaat en de Koptyske Tsjerke fûn plak yn it jier 451, doe't op it Konsylje fan Galsedon it dogma oannommen waard dat Jezus Kristus ien persoan wie mei twa folsleine, ûnderskate natueren, de iene minsklik, de oare godlik. De Koptyske Tsjerke (letter opspjalten yn 'e Koptysk-Otterdokse en de Koptysk-Katolike Tsjerke) en guon oare easterske tsjerken holden lykwols fêst oan 'e lear fan it Earste Konsylje fan Efeze (431), dat Jezus it godlike en it minsklike feriene yn ien wêzen (de lear fan it monofysitisme). Sa ûntstiene doe de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, mei dêrûnder de Koptyske Tsjerke, dêr't de grutte mearderheid fan 'e lânseigen kristlike leauwenden yn Egypte ta hearde. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje waard troch dit skisma in minderheidstsjerke (dy't benammen de Grykske minderheid yn Egypte betsjinne), en is dat sûnt ek altiten bleaun.

 
De Gryksk-otterdokse tsjerke yn 'e wyk Hillbrow fan it Súdafrikaanske Jehannesburch (in gebou út 1912 mei monumintestatus, dat ûntwurpen is troch de arsjitekt Hermann Kallenbach).

De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje ûntstie as in selsstannige tsjerke troch it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't de eastersk-otterdokse tsjerken harren losmakken fan 'e Westerske Tsjerke. De Roomsk-Katolike Tsjerke hat mear as 900 jier in titulêre patriarch fan Aleksanderje fan 'e Latynske liturgy beneamd, oant dy tradysje yn 1964 ôfskaft waard foarútrinnende op 'e fermoedsoening, yn 1965, tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Gryksk-otterdokse tsjerken.

Yn 'e njoggentjinde iuw begûn de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje pas wer te groeien, benammentlik trochdat fan 'e 1840-er jierren ôf in protte Griken út Jeropa harren nei wenjen setten yn Egypte. Dat late dêr û.m. ta de oprjochting fan 'e earste Gryksk-otterdokse skoallen en Gryksktalige kranten. Teffens wie der yn dyselde snuorje sprake fan emigraasje fan Gryksk-otterdokse kristenen út Grikelân, mar ek út Syrje en Libanon, nei oare parten fan Afrika. Benammen yn Súd-Afrika, mar ek op oare plakken op it kontinint, foarmen har Gryksk-otterdokse mienskippen. In hoart lang smiet dat grutte betizing op, mei't de lju út Grikelân de bân mei it Patriargaat fan Konstantinopel besochten te bewarjen, wylst dy út Syrje en Libanon by it Patriargaat fan Antiochië hearren bliuwe woene. Einlings waard yn 'e 1920-er jierren besletten dat alle Gryksk-otterdoksen yn Afrika ûnder it Patriargaat fan Aleksanderje falle soene; dêrmei is dat wrâlddiel ûntkomd oan 'e rjochtsfoechlike strideraasjes sa't dy hjoed de dei noch altiten yn Noard- en Súd-Amearika en Oseaanje besteane.

Fan 'e iere tweintichste iuw ôf groeide de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje behalven troch emigraasje ek troch sindingswurk ûnder de lânseigen befolking fan Afrika. Dat spile fral yn 'e Eastafrikaanske koloanjes Uganda, Britsk East-Afrika en Tanganjika. Mei't de Gryksk-Otterdokse Tsjerke minder mei de Westerske kultuer ferbûn wie en sels (op Syprus) ek mei Westersk kolonialisme te krijen hie, stie dy folle kritysker foar de blanke oerhearsking fan Afrika oer as de Roomsk-Katolike Tsjerke en protestantske denominaasjes. Yn Britsk East-Afrika, it lettere Kenia, waard de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan gefolgen yn 'e tiid fan 'e Mau-Mau-opstân, yn 'e 1950-er jierren, troch de Britten slim ferfolge. Geastliken waarden ynternearre yn konsintraasjekampen en tsjerken en skoallen waarden fan oerheidswegen sletten. Inkeld de katedraal, yn Nairoby, bleau iepen, en dat allinnich om't de tsjerklike gemeente dêre fierhinne út etnyske Griken bestie. Yn 1959 die aartsbiskop Makarios III, de lettere earste presidint fan it ûnôfhinklike Syprus, op 'e weromreis nei syn heitelân nei't er troch de Britten fjouwer jier lang yn ballingskip holden wie op 'e Seysjellen, Nairoby oan en stiek yn 'e katedraal in anty-koloniale preek ôf. Dit barren late ta in freonskip tusken Makarios en de lieder fan 'e Keniaanske ûnôfhinklikheidsbeweging, Jomo Kenyatta, en ta in ynformele bân dy't noch altyd bestiet tusken de Gryksk-Otterdokse Tsjerke yn Kenia en de Tsjerke fan Syprus.

 
It paleis fan 'e patriarch yn Aleksanderje.

Resint is der noch in grutte sindingsynspanning dien ûnder it patriargaat fan Petrus VII (1997-2004), dy't net wurch koe yn syn iver by it fersprieden fan 'e Grykske foarm fan 'e eastersk-otterdoksy troch de Arabyske lannen fan Noard-Afrika en oer de rest fan it kontinint. Dêr kaam lykwols in ein oan doe't er op 11 septimber 2004, yn 'e mande mei biskop Nektarios fan Madagaskar en ferskate oare geastliken, omkaam by in helikopterûngemak boppe de Egeyske See. De hjoeddeiske Gryksk-otterdokse patriarch fan Aleksanderje is Petrus VII syn opfolger, Teodoarus II.

Oanhing en fersprieding

bewurkje seksje

Hjoed de dei bestiet de oanhing fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje út 250.000 oant 300.000 (fierhinne etnysk Grykske) kristenen yn Egypte, wat it heechste ledetal fan dizze tsjerke dêre is sûnt de Romeinske Tiid. Fierders libje der likernôch 150.000 etnysk Grykske leauwenden ferspraat oer it Afrikaanske kontinint (benammen konsintrearre yn Súd-Afrika). En ta einsluten binne der dan noch likernôch 1,2 miljoen lânseigen Afrikaanske Gryksk-otterdoksen, wat it totale ledetal fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje op 1.650.000 bringt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, op dizze side.


  NODES
chat 2
Idea 1
idea 1
iOS 3
os 7
web 2