République d'Haïti
Flagge fan Haïty Wapen fan Haïty
Flagge Wapen
Lokaasje fan Haïty
Offisjele taal Frânsk Kreoalsk
Haadstêd Port-au-Prince
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
27.750 km²
0,6­%
Ynwenners (2009) 9.035.536
Munt Gourde (HTG)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 1 jannewaris
Lânkoade HTI
Ynternet .ht
Tillefoan 509

Haïty is in republyk op it westlik part fan it eilân Hispanjoala yn de Karibyske See. De haadstêd is Port-au-Prince. Haïty leit eastlik fan it eilân Kuba, en grinzet yn it easten oer 275 kilometer oan de Dominikaanske Republyk.

Haïty heart by de earste lannen fan de wrâld, is it lân polityk net stabyl en hat it de lêste jierren faak te krijen hân mei natoerrampen, foar it lêsten troch de ierdskodding yn jannewaris 2010. Troch dizze swiere ierdskodding waard in grut part fan it lân ferwoaste, dêr't benammen de haadstêd hurd by troffe is.

Haïty wurdt begrinzge troch:

 
Wennings yn Kap-Haïty

Haïty omfiemet it westlike part fan it grutte Antiljaanske eilân Hispanjoala (de eastlike helte foarmet de Dominikaanske Republyk. Ta it grûnbesit hearre ek de eilannen Gonâve en Tortue.

Fan it easten út nei it westen rinne fjouwer berchrigen troch it lân. De heechste berchpyk is Pic la Selle op in hichte fan 2,680 meter.

Eartiids wie it eilân bedutsen mei grutte reinwâlden, hjirfan is it grutste part weikapt. Tsjintwurdich bestiet it lânskip benammen út savannen en komt noch mar yn in inkeld berchgebiet reinwâld foar. Troch it ûntbosken fan de steile hellings ûntstienen modderstreamen en eroasy dat ten koste gie fan de lânbou en makket it lân ekstra kwetsber foar orkanen en cyclonen.

 
Kaart Haïty

De oarspronklike ynwenners, de Arawak Yndianen - hja libben op it eilân Hispaniola doe't Kristoffel Kolumbus it ûntduts. Yn de neikommende 25 jier wienen alle Arawaks fermoarde.

Yn de iere 27e iuw, sette de Frânsen út ein mei har nije koloanje op Hispaniola, en yn 1697 ferkeapet Spanje it westlik part fan it eilân oan Frankryk, it hjoeddeistige gebiet Haïty. De Frânske koloanje, basearre op bosk en sûker besibbe yndustry, waard ien fan de meast wolwêzende eilannen yn it Karibysk gebiet, dit koe allinnich troch it bringen fan Afrikaanske slaven en it ferneatigjen fan de omjouwing.

Yn de lette 18e iuw kamen rekke as in heal miljoen Haïtaanske slaven ûnder Toussaint L'Ouverture yn opskuor. Nei in hurde bloedige striid, ferklearre Haïty himsels yn 1804 in ûnôfhinklike republyk. Hjoed de dei binne der in soad histoaryske tinkstiennen betinkend oan dy tiid; ien fan de grutsten is La Citadelle Laferriere.

 
Befolkingsûntwikkeling tusken 1961 en 2003

Eartiids waard it lân ynearsten troch de Yndianen befolke. De tsjintwurdige befolking fan Haïty stammet foar it grutste part ôf fan de Afrikaanske slaven dy't nei it lân brocht waarden en sprekke Kreyòl, in op it Frânsk basearre taal. Fierders is der in lytske Frânsktalige kloft fan healbloeden of mulatten, neikommelingen fan meastentiids in blanke heit en in swarte men, en dy't de belangrike posysjes fan it lân ynnimmen.

De grutte fan de befolking fan Haïty bestiet út om-ende-by njoggen miljoen persoanen en nimt hurd yn oantal ta. Der is in protte bernestjerte en analfabetisme, aids is wiidferspraat. In protte minske ferlitte it plattelân en gean nei de stêd te wenjen. Fanwege de grutte earmoede en de ûnfeilige situaasje emigrearre ek in soad nei de FS en de Dominikaanske Republyk.

It animistyske leauwen dat de slaven út Afrika meibrochten hat him op Haïty fermongen mei it katolike leauwen fan de Spaanske oerhearskers. Hjirút is Haïtiaanske foarm fan vodoe ûntstean. De katolike tsjerke hat besocht dizze vodoe út te rûgjen, mar sûnder súkses. It grutste part is offisjeel katolyk, mar in protte Haïtianen beöefenje dêrneist ek it vodou. De lêste desennia hat it protestantisme ek opgong makke.

Haïty foarmet it minst ûntwikkele lân yn it westlik healrûn en is ien fan de earmste lannen op 'e wrâld. Yndikaasjes op it sosjaal en ekonomyske mêd litte sjen dat Haïty in efterstân hat op 'e oare earme lannen op 'e wrâld sûnt 1980. Haïty hat no it 153ste plak fan de 177 lannen yn de F.N. ûntwikkelings yndeks. Likernôch 80 % fan de ynwenners libben yn earmoede, op dit mêd is it lân twadde leechste op 'e wrâld ranglist.

Hast 70,5% fan alle Haïtianen is ôfhinklik fan de agraryske sektor, hokker bestiet út lytse boerebedriuwen.

  NODES