Hacksaw Ridge is in Amerikaansk-Australyske biografyske oarlochsfilm út 2016 ûnder rezjy fan Mel Gibson, mei yn 'e haadrollen Andrew Garfield en Teresa Palmer. De titel ferwiist nei de Maedarotswand op it Japanske eilân Okinawa, dy't troch Amerikaanske troepen yn 'e Twadde Wrâldoarloch 'Hacksaw Ridge' (de "Hakseachberchrêch") neamd waard. De film beskriuwt it iere libben en de wierbarde oarlochsûnderfinings fan Desmond Doss, in pasifistyske gewissebeswierde út Firginia dy't út religieuze oertsjûging wegeret om in fjoerwapen oan te reitsjen, mar yn 'e Twadde Wrâldoarloch dochs frijwillich yn militêre tsjinst giet. As hospik rêdt er yn 1945 yn 'e Slach om Okinawa mei gefaar foar eigen libben 75 Amerikaanske soldaten fan 'e dea. Doss wie de earste gewissebeswierde dy't de Medal of Honor taparte krige, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Hacksaw Ridge krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wûn twa Oscars, in Screen Actors Guild Award, in BAFTA, tsien AACTA's en trije Satellite Awards. De film joech in nije ympuls oan 'e karriêre fan regisseur Mel Gibson, dy't sûnt 2006 yn it neigean rekke wie.

Hacksaw Ridge
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Mel Gibson
produsint Bill Mechanic
David Permut
Terry Benedict
Paul Currie
Bruce Davey
Brian Oliver
William D. Johnson
senario Robert Schenkkan
Andrew Knight
Randall Wallace
basearre op The Conscientious Objector
   fan Terry Benedict
kamerarezjy Simon Duggan
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio Summit Entertainment
Cross Creek Pictures
Demarest Media
Argent Pictures
IM Global
AI Film
Vendian Entertainment
Kylin Pictures
Pendemonium Films
Permut Presentations
distribúsje Lionsgate Films (F.S. en F.K.)
Icon Productions (Australaazje)
spilers
haadrollen Andrew Garfield
Teresa Palmer
byrollen Hugo Weaving
Rachel Griffiths
Vince Vaughn
Sam Worthington
Luke Bracey
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Austraalje
premiêre 3 novimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre biografyske oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 139 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $180,4 miljoen
prizen 2 × Oscar
1 × SAG Award
1 × BAFTA
10 × AACTA Award
3 × Satellite Award

Desmond Doss groeit yn 'e 1920-er jierren op yn 'e neite fan Lynchburg, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, yn in húshâlding fan tige religieuze sândedeisadvintisten (kristenen dy't de sneon as de sabbat beskôgje en de snein as in wurkdei). Syn heit Tom Doss is in feteraan út 'e Earste Wrâldoarloch, dy't wrakselet mei in posttraumatyske stress-steuring en mei alkoholisme. Yn 1925, as er in jier as sân is, slacht Doss by in rûzje syn broer Hal mei in bakstien tsjin 'e holle oan. Hy sit der raar ta as er neitiid foar it ferstân kriget dat er Hal sa wol fermoardzje kinnen hie, krekt as Kaïn mei Abel die yn 'e Bibel. In oare kear ûntwrakselet er mids 1930-er jierren as opslûpen jonge syn heit in pistoal dêr't dy yn dronken tastân syn mem mei bedriget. Neitiid rjochtet Doss it pistoal op syn heit, en hoewol't er it net ôffjurret, seit er letter dat er syn heit yn syn hert wol deeglik fermoarde hie. Beide foarfallen meitsje grutte yndruk op 'e jonge Doss, dy't nei it foarfal mei it pistoal in plechtich ûnthjit oan God docht dat er nea wer in fjoerwapen oanreitsje sil.

Yn 1940, as Doss in jongeman fan goed tweintich jier is, helpt er om in jonge nei it sikehûs te bringen, dy't by in ûngemak swierferwûne rekke is. Dêrtroch ûntdekt er by himsels in fassinaasje foar genêskunde. By itselde foarfal treft er yn it sikehûs ek de ferpleechster Dorothy Schutte. Foar Doss is it leafde op it earste gesicht, en troch in net-ôflittende kampanje fan hofmakkerij wit er Dorothy foar him te winnen. Hy fertelt har oer syn belangstelling foar genêskunde, en sy lient him al har learboeken, dy't er fan kaft oant kaft útpluzet. Syn âldelju hawwe it lykwols net sa rom, dat der is gjin jild om Doss in genêskundige oplieding folgje te litten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As de Feriene Steaten troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor aktyf yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle reitsje, nimt Doss syn broer Hal militêre tsjinst. Dat komt harren heit wol op it sear, mei't dy alhiel gjin goede oantinkens oan syn eigen tsjinsttiid ûnder de Earste Wrâldoarloch hat, doe't er ferskriklike dingen sjoen hat en syn bêsten freonen ferlern hat. Nettsjinsteande de rûzje dy't Hal syn beslissing thús opsmyt, beslút Doss om himsels ek as frijwilliger oan te melden foar tsjinst yn it Amerikaanske Leger. Hy kin dan wol gjin fjoerwapen oanreitsje, mar hy ornearret dat er him as hospik ek fertsjinstlik genôch meitsje kin. Syn heit is poerlulk as Doss him fertelt wat er dien hat, en hy beslacht Doss syn ideeën oer hoe't er tsjinje kin sûnder geweld te brûken mei de gek. Dorothy is ek lulk op Doss, mar se stelt foar dat se harren daliks ferloovje sille, sadat se trouwe kinne wannear't Doss nei it ôfrûnjen fan syn training mei ferlof thús komt, foar't er nei it front stjoerd wurdt.

Doss wurdt foar training nei Fort Jackson stjoerd, in legerbasis dêr't er yn in ienheid komt dy't ûnder befel stiet fan kaptein Glover. De training fan 'e manskippen falt ta oan sersjant Howell. It docht bliken dat Doss útblinkt yn lichaamlike fitheid, mar syn wegering om in fjoerwapen oant te reitsjen of om op sneon te trainen soarget fuortendaliks foar swierrichheden. Syn oerhearrigen sjogge syn hâlding as klearebare ynsubordinaasje. Kaptein Glover besiket Doss út it leger te ûntslaan foar psychiatryske ûngeskiktheid, mar de legerpsychiater dy't him ûndersiket, komt ta de konklúzje dat der geastlik neat mis mei him is. Dêrop besykje Glover en Howell om Doss syn wil te brekken sadat er út himsels opstapt, troch him oan ien wei troch ferfelende putsjes ta te partsjen, lykas it himmeljen fan 'e húskes. Ek sette se aktyf de oare rekruten yn syn ienheid tsjin him op, wat op 't langelêst liedt ta in nachtlik wan bruien dat Doss kniesd en oerdutsen mei blauwe plakken efterlit. Doss wegeret lykwols ta te jaan en teffens wegeret er de dieders fan 'e mishanneling oan te wizen.

Wannear't Doss syn ienheid de training trochrûn hat, ferwachtet Doss dat er mei ferlof nei hûs kin om mei Dorothy te trouwen, mar de kolonel dy't oan it haad fan it rezjimint stiet, stelt dat hy nearne hinne mei om't er syn training pas folôge hat as er sjitoefenings dien hat. Doss wegeret op 'e nij, mei as gefolch dat er fêstsetten wurdt yn ôfwachting fan in sitting fan 'e kriichsried. Kaptein Glover siket Doss yn syn sel op om nochris, fergees, op him yn te praten. Hy regelet ek dat Dorothy Doss yn syn sel opsykje kin, yn 'e hoop dat sy him op oare gedachten bringe kin. Doss seit lykwols dat er nea de man wêze sil dy't er yn har eagen wêze koe as er syn opfettings kompromittearret.

Underwilens klaait syn heit Tom himsels yn syn âlde legerunifoarm en beävensearret in moeting mei de eardere kaptein Musgrove, ûnder wa't er yn 'e Earste Wrâldoarloch oan it Westfront yn Frankryk fochten hat. Dy man is no in brigadegeneraal op it Ministearje fan Oarloch yn Washington, D.C. Wannear't Doss foar de kriichsried komt, ûntstriidt er dat er wat misdien hat, mei as gefolch dat er foar de rest fan 'e oarloch de sel yn driget te draaien. Syn heit brekt lykwols yn 'e sitting yn om in brief fan generaal Musgrove te bringen, wêryn't dyselde stelt dat gewissebeswierden beskerming genietsje ûnder de Amerikaanske Grûnwet. De oanklacht tsjin Doss wurdt dêrop ynlutsen en hy wurdt talitten ta de oplieding ta hospik. Foar't er mei syn ienheid útstjoerd wurdt, trout er mei Dorothy.

Mei de Amerikaanske 77e Ynfanterydifyzje wurdt Doss ynset yn 'e Pasifyske Oarloch tsjin Japan. Yn 1945, yn 'e Slach om Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen, kriget syn ienheid de opdracht om 'e Maedarotswand te beklimmen en it boppelizzende plato te feroverjen op it Keizerlike Japanske Leger. De Amerikaanske soldaten, dy't de rotwand oantsjutte as "Hacksaw Ridge", klimme fia in grut net dat by de rotswand delhinget, in meter as santich nei boppen ta. Yn it earste gefjocht mei de Japanners rêdt Doss it libben fan Smitty, ien fan syn slimste narders by de training, troch in Japanske soldaat fansiden te triuwen as dy Smitty besiket dea te sjitten. Smitty kriget dêrtroch in nij respekt foar Doss en as se letter tegearre de nacht yn in ynslachkrater trochbringe, biedt Smitty syn ûntskuldigings oan foar syn eardere behanneling fan Doss.

Kaptein Glover ferkearde yn 'e ûnderstelling dat de oerwinning sa goed as binnen wie en dat der inkeld noch wat lêste restanten fan ferset opdweild wurde moasten, mar de oare moarns by it lemieren komt in grutte Japanske troepemacht út it mânske tunnelstelsel dat de fijân ûnder it plato oanlein hat, en fiert in ferrassingsoanfal op 'e Amerikanen út. Dy binne dêr net op taret en moatte tebekwike. Yn it gefjocht komt Smitty om, wylst sersjant Howell en ferskaten fan Doss syn eardere trainingsgenoaten ferwûne reitsje en efterbliuwe. Fan 'e 155 man fan kaptein Glover slagget it mar 55 om fia de netten by de Maedarotswand del te kommen. De kaptein ropt de help fan 'e Amerikaanske Marine yn, en de swiere kanonnen fan 'e Amerikaanske slachskippen dy't foar de kust fan Okinawa lizze, begjinne dea en ferdjer op it plato del te reinen.

Doss is de lêste dy't de netten berikt. Hy is oerstjoer troch de dea fan Smitty en freget God wat dy no eins fan him wol. As er dêrop it roppen om in hospik heart fan in ferwûne Amerikaanske soldaat fierderop op it plato, nimt er dat foar in antwurd oan. Ynstee dat er de oare Amerikanen by de netten del folget, set er middenmank it bombardemint it plato wer op, dêr't er de ferwûne Amerikaan opspoart, syn sitewaasje stabilisearret en him en nei de netten begjint te slepen. Underweis komt er in oare ferwûne Amerikaan tsjin, dy't er ûnthjit dat er foar him weromkomme sil. By de netten arrivearre, lit er de earste ferwûne oan in tou by de rotswand del sakje. Op 'e grûn wurdt de ferwûne opfongen troch de feralterearre skyldwachten dy't kaptein Glover dêr pleatst hat.

Doss keart werom foar de oare ferwûne Amerikaan, dy't er ek nei de netten sleept en omleech sakje lit. Dêrnei giet er it plato wer op om mear ferwûnen te sykjen. De iene nei de oare bringt er nei de râne fan it plato ta en lit er delsakje. Sa wurket er de hiele dei en de dêropfolgjende nacht troch, wêrby't er ferskate kearen mar nauwerneed oan 'e patrûljearjende Japanners wit te ûntkommen. Uteinlik is er skjin ynein fan alle ynspannings, mar eltse kear as er in ferwûne by de rotswand del sakje litten hat, bidt er oan God om him te helpen om noch ien man mear te finen en yn feilichheid te bringen. Sa rêdt er úteinlik it libben fan 75 Amerikaanske soldaten (en inkele Japanners). De oankomst fan 'e suver einleaze stream deawaande ferwûnen yn it Amerikaanske kamp lûkt lang om let de oandacht fan 'e ofsieren, en kaptein Glover kin syn earen suver net leauwe as him troch de rêden manskippen ferteld wurdt dat it allegearre it wurk is fan ien man: de as nutteleas beskôge pasifistyske gewissebeswierde Doss.

As it wer locht wurdt, fynt Doss op 't langelêst sersjant Howell, dy't ferwûne is oan syn skonken en net mear rinne kin. Wylst de Japanners harren op 'e hakken sitte, sleept er de sersjant nei de râne fan 'e rotswand ta en smyt him der oan in tou oerhinne. Howell makket in neat te sêfte lâning, mar oerlibbet it. Dêrnei springt Doss mei in lêste ferwûne soldaat oan in tou oer de râne, wylst de Japanners fan 'e platorâne ôf it fjoer op him iepenje. Howell en de Amerikaanske soldaten dy't ûnderwilens ûnderoan de rotswand gearklofte binne, sjitte werom en driuwe de Japanners fierder it plato op, sadat Doss en de lêste ferwûne rêden wurde kinne.

Kaptein Glover komt letter by Doss en biedt syn ûntskuldigings oan om't er miende dat Doss in leffert wie. Ek seit er dat de ienheid befel krigen hat om mei fersterkings in nije wraam op it plato te dwaan, mar dy oanfal stiet pland foar sneon. Glover wol sûnder Doss net oanfalle. Doss, dy't ek wol begrypt dat oarloch him net oan 'e regels hâldt, stimt deryn ta om op 'e sabbat oan 'e oanfal mei te dwaan. Dy sneons wurdt de oanfal opholden trochdat Doss earst syn sabbatsgebedens dwaan moat. De oare soldaten en ek de ofsieren fan 'e ienheid steane no kalm te wachtsjen oant hy safier is, en ek in lulk tillefoantsje fan hegere ofsieren bringt dêr gjin feroaring yn. De oanfal set dan úteinliks dochs útein en de Amerikanen klimme wer by de rotswand op. De útputte en nûmeryk ferswakke Japanners wurde oerweldige en it plato wurdt ferovere.

In groep Japanske soldaten komt mei in wite flagge foar it ljocht, mar se beare mar dat se har oerjaan wolle, want ynienen helje se hângranaten foar't ljocht, dy't se nei de Amerikaanske ofsieren smite. Doss, dy't as iennichste net behindere wurdt troch it gewicht fan in gewear en munysje, wit ien op te krijen en werom te goaien, en it slagget him in twaddenien yn 'e loft fuort te skoppen. Dêrmei rêdt er it libben fan Glover en de oare ofsieren, mar sels rekket er by de resultearjende ûntploffings swierferwûne oan syn skonken. It lêste Japanske ferset wurdt yn bloed smoard, en Doss wurdt troch de Amerikaanske soldaten mei tûzen hasten nei de râne fan it klif ta droegen, dêr't er op in brankaar nei ûnderen ta sakje litten wurdt. (Dat wurdt fan ûnderen filme, wat, perfoarst mei opsetsin, de yndruk opropt fan in himelfeart.)

In postskriptum fertelt dat Desmond Doss foar it rêden fan 75 soldaten ûnder suver ûnmooglike omstannichheden de earste gewissebeswierde yn 'e Amerikaanske skiednis waard dy't de Medal of Honor taparte krige. Dy heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding waard him opspjelde troch presidint Harry Truman yn eigen persoan. It houlik fan Doss mei syn grutte leafde Dorothy duorre oant har ferstjerren yn 1991. Sels stoar Doss yn maart 2006 yn 'e âlderdom fan 87 jier.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Andrew Garfield.
 
Teresa Palmer.
haadrollen
personaazje                 akteur/aktrise
Desmond Doss Andrew Garfield
Dorothy Schutte Doss Teresa Palmer


byrollen
personaazje akteur/aktrise
heit Tom Doss Hugo Weaving
mem Bertha Doss Rachel Griffiths
sersjant Howell Vince Vaughn
kaptein Jack Glover Sam Worthington
soldaat "Smitty" Riker Luke Bracey
soldaat Milt "Hollywood" Zane Luke Pegler
soldaat Randall "Teach" Fuller Richard Pyros
soldaat Andy "Ghoul" Walker Goran D. Kleut
hospik Irv Schecter Ori Pfeffer
soldaat "Grease" Nolan Ben Mingay
soldaat "Tex" Lewis Michael Sheasby
soldaat Vito Rinnelli Firass Dirani
soldaat Ralph Morgan Damien Thomlinson
soldaat "Lucky" Ford Milo Gibson
korporaal Jessop Ben O'Toole
luitenant Manville Ryan Corr
kolonel Stelzer Richard Roxburgh
luitenant-kolonel Cooney Matthew Nable
Harold "Hal" Doss Nathaniel Buzolic
de jonge Desmond Doss Darcy Bryce
de jonge Hal Doss Roman Guerriero

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Foarskiednis

bewurkje seksje

Nei de Twadde Wrâldoarloch wegere Desmond Doss withoefolle fersiken om syn libben te romantisearjen foar boeken en films. Hy wie bang dat oaren mei syn dieden oan 'e haal gean soene en se ynakkuraat werjaan of sensasjonalisearje soene. Uteinlik waard er yn 2001 einlings en te'n lêsten oerhelle om syn goedkarring te ferlienen oan in biografyske film. Senarioskriuwer en filmprodusint Gregory Crosby (in pakesizzer fan Bing Crosby) skreau de earste kladferzje fan it skript. It projekt waard oannommen troch David Permut en syn filmproduksjemaatskippij Permut Presentations, dy't finansiering wist te krijen fan it Tsjerkegenoatskip fan Sândedeisadvintisten (SDAC).

It filmprojekt kaam lykwols fjirtjin jier lang muorrefêst te sitten yn 'e tariedingsfaze. Yn 2004 kocht regisseur Terry Benedict it rjocht om in dokumintêre oer Desmond Doss te meitsjen, dy't datselde jiers útkaam ûnder de titel The Conscientious Objector ("De Gewissebeswierde"). Dêrby giene ek de rjochten om in dramatyske film te meitsjen op him oer. Mar nei it ferstjerren fan Doss yn 2006 giene de filmrjochten op syn libben oer op Bill Mechanic, dy't se trochferkocht oan Walden Media. Dy studio ûntwikkele it projekt fierder y.g.m. David Permut. Walden Media woe lykwols de Slach om Okinawa beslist op in bernefreonlike manear sjen litte, en Mechanic, dy't fûn dat soks it ferhaal geweld oandie, wie der jierren mei besteld om 'e filmrjochten werom te krijen.

 
Regisseur Mel Gibson.

Nei't er lang om let de rjochten op it libbensferhaal fan Doss wer yn besit hie, socht Mechanic kontakt mei Mel Gibson, dy't er frege de film te regissearjen. Hy woe dat Gibson der in mingsel fan geweld en kristlik leauwe fan makke, sa't er earder dien hie mei The Passion of the Christ (2004), oer it lijensferhaal út it Nije Testamint. Gibson sloech it oanbod oant twaris ta ôf, mar hast tsien jier letter gied er dochs noch oerstaach. Hacksaw Ridge wie de earste film dy't Gibson regissearre sûnt syn Yndiaanske aventoerefilm Apocalypto út 2006. Syn karriêre wie sûnt, foar in diel troch eigen tadwaan, yn 'e nederklits rekke, mar Hacksaw Ridge waard algemien sjoen as in weromkear nei syn âlde foarm.

Gibson basearre syn rezjy op in senario dat skreaun wie troch Robert Schenkkan en dat letter troch Randall Wallace en Andrew Knight ferfolmakke wie. Inkeld Schenkkan en Knight krigen dêrfoar lykwols in fermelding op 'e ôftiteling. Wallace syn meiwurking gie werom op syn freonskip mei Gibson, mei't de beide mannen yn 1995 gearwurke hiene oan 'e histoaryske film Braveheart. It skript foar Hacksaw Ridge wie basearre op 'e dokumintêre The Conscientious Objector. As produsinten wiene Mechanic, Permut, Benedict, Bruce Davey (de sakepartner fan Mel Gibson), Paul Currie, Brian Oliver en William D. Johnson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Cross Creek Pictures, Demarest Media, Argent Pictures, IM Global, AI Film, Vendian Entertainment, Kylin Pictures, Pendemonium Films en Permut Presentations. Dêrmei wie Hacksaw Ridge in Amerikaansk-Australyske ko-produksje en teffens in ûnôfhinklike film.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Simon Duggan, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rupert Gregson-Williams. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. Utjeften dy't oer it budget hinne giene, moasten betelle wurde út subsydzjes fan 'e Australyske oerheid. Dêrfoar moast de film kwalifisearje as in Australyske produksje. Hoewol't Gibson fan berte in Amerikaan is, holp it dat er yn Austraalje opgroeid wie. Ek it feit dat de film yn Austraalje opnommen waard, spile mei, en teffens wie fan belang dat in grut diel fan 'e cast de Australyske nasjonaliteit hie (Teresa Palmer, Hugo Weaving, Rachel Griffiths, Sam Worthington, Luke Bracey e.o.).

De opnamen foar Hacksaw Ridge setten op 29 septimber 2015 útein en duorren persiis 59 dagen, oant yn desimber fan dat jier. Alle binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Fox Studios Australia yn Sydney. De measte bûtendoarsênes waarden filme op ferskate lokaasjes yn 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales. It terrein fan 'e Newington Armory yn it Olympysk Park fan Sydney gie troch foar de trainingsgrûn fan Fort Jackson. De sênes mei de rotswand waarden opnommen yn in al lang ferlitten stiengat benoarden Goulburn.

In greide net fier bûten Sydney waard mei bulldozers omfoarme ta it slachfjild op it plato, mei in hege ierden wâl deromhinne opsmiten om foar te kommen dat de eukalyptusbeammen út it omlizzende lân op 'e bylden te sjen wêze soene. (Op Okinawa groeie sokke beammen net.) Oare filmlokaasjes wiene Richmond, Bringelly, Oran Park en de Centennial Parklands. By Bringelly waard foar de opnamen 500 hektare bosk kappe, wêrmei't de filmmakkers har de razernij fan 'e Australyske miljeubeweging op 'e hals hellen. De produksje hie lykwols alle fereaske fergunnings krigen fan 'e Australyske oerheid, dy't 720 banen en 19 miljoen Amerikaanske dollar oan ynvestearrings wichtiger fûn as in bosk. Nei't de opnamen dien wiene, waard it perseel neffens de ôfspraken op kosten fan 'e filmmakkers op 'e nij beplante mei beammen.

 
De Fox Studios Australia, dêr't Hacksaw Ridge foar in grut part filme waard..

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Hacksaw Ridge waard yn 'e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk fersoarge troch Lionsgate Films, en yn Austraalje en Nij-Seelân troch Icon Productions, it bedriuw fan Mel Gibson. De film waard foar it earst fertoand op 4 septimber 2016 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, dêr't it publyk nei ôfrin in tsien minuten duorjende steande ovaasje joech. Hacksaw Ridge gie op 3 novimber 2016 yn 'e Australyske bioskopen yn premiêre, en iepene in dei letter ek yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten.

Fan 'e filmkritisy krige Hacksaw Ridge oer it algemien postivie resinsjes. Sa joech Robbie Collin fan The Daily Telegraph de film 4 fan 5 stjerren. Hy neamde de sjochûnderfining "fantastysk oangripend en kniezend". Yn The Guardian parte Andrew Pulver oan Hacksaw Ridge ek 4 fan 5 stjerren ta. Neffens him hie Mel Gibson mei de film in boppeslach makke. Alex Welch fan IGN joech de film in 8 op in skaal fan 1 oant 10 en omskreau him as "ien fan 'e súksesfolste oarlochsfilms út it resinte ferline […] bytiden ôfgryslik, ynspirearjend en hertferskuorrend."

Mike Ryan fan Uproxx priizge Gibson om syn knaphandige rezjy. Hy skreau: "Der wiene twa mominten yn 'e twadde helte fan [de film] dat ik letterlik út myn stoel sprong fan skrik. De ôfskildering fan 'e oarloch yn [dizze] film is de bêste dy't ik sjoen haw sûnt Saving Private Ryan." Yn it tydskrift Rolling Stone krige Hacksaw Ridge fan Peter Travers 31/2 fan 5 stjerren. Hy skreau: "Tanksij guon fan 'e bêste gefjochtssênes ea filme lit Gibson op 'e nij syn geweldige jeften as filmmakker sjen, wêrby't it him slagget om barbarij njonken hertferskuorrende tearens te pleatsen." Ien fan 'e net folle foarkommende resinsinten dy't minder oer Hacksaw Ridge te sprekken wiene, wie Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com. Hy joech mar 21/2 fan 4 stjerren en omsrkreau it as "in film dy't mei himsels yn oarloch is".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hacksaw Ridge in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 282 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] brûkt de wierbarde neilittenskip fan in pasifist om 'e grûnslach te lizzen foar in oangripend hulde yn oarlochstiid foar leauwe, moed en it selsfertrouwen om [ûnder druk] oan jins eigen oertsjûgings fêst te hâlden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Hacksaw Ridge in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 47 resinsjes.

 
It Olympysk Park yn Sydney waard brûkt foar de sênes fan 'e training op 'e legerbasis.

Hacksaw Ridge brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $67,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $113,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $180,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $140,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Nei de Feriene Steaten waard it measte jild ophelle yn Sina, dêr't de opbringst $60 miljoen bedroech.

Yn 2017 waard Hacksaw Ridge by de Oscars nominearre foar prizen yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Andrew Garfield) en bêste lûdsmontaazje. De film wûn 2 Oscars, foar bêste filmmontaazje (John Gilbert) en foar bêste lûdsmixing (Peter Grace, Robert Mackenzie, Kevin O'Connell en Andy Wright). By de Golden Globes waard Hacksaw Ridge nominearre foar trije prizen: bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste akteur yn in dramafilm (Andrew Garfield). By de Screen Actors Guild Awards waard de film ek nominearre foar trije prizen, wêrûnder bêste akteur (Andrew Garfield) en bêste aksje yn in film. De film wûn de Screen Actors Guild Award foar bêste groep stuntlju.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Hacksaw Ridge nominearre yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Andrew Garfield), bêste adaptearre senario, bêste lûd en bêste fisazjy en hierstilearring. De film wûn de BAFTA foar bêste filmmontaazje. By de AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmprizen, waard Hacksaw Ridge nominearre yn 13 kategoryen by de "gewoane" prizen en dêropta nochris yn 5 kategoryen by de ynternasjonale prizen. Dêrûnder wiene bêste aktrise (Teresa Palmer), bêste byrol fan in aktrise (Rachel Griffiths), bêste kostúmûntwerp, bêste hier en fisazjy, bêste ynternasjonale film, bêste ynternasjonale akteur (Andrew Garfield), bêste ynternasjonale byrol fan in aktrise (Teresa Palmer) en bêste ynternasjonale senario. De film wûn 10 AACTA Awards, foar bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Andrew Garfield), bêste byrol fan in akteur (Hugo Weaving), bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste lûd, bêste produksje-ûntwerp en bêste ynternasjonale regisseur.

By de Saturn Awards waard Hacksaw Ridge nominearre yn 'e kategory bêste aksje- of aventoerefilm. By de Satellite Awards waard de film nominearre yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste artdirection en produksje-ûntwerp. De film wûn 3 Satellite Awards, foar bêste akteur (Andrew Garfield), bêste filmmontaazje en bêste lûd. Fierders wûn Hacksaw Ridge ridge ek de Spotlight Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs en de Critics' Choice Awards foar bêste aksjefilm en bêste akteur yn in aksjefilm (Andrew Garfield). Der wiene nominaasjes foar nochris 5 Critics' Choice Awards en teffens foar de Teen Choice Award foar favorite akteur yn in dramafilm (Andrew Garfield).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
INTERN 1