Hakke (lichemsdiel)

De hakke is by minsken it justjes útstykjende efterste diel fan 'e foet, dat rjocht ûnder it ankel sit. De hakke bestiet út 'e hakbonke (calcaneus) mei omjaand weefsel en hûd. De wat efterútstykjende (of 'dorsale') foarm tsjinnet om minsken, dy't rjochtop geane, te helpen om har lykwicht te hâlden. Mei de foarfoet en de úteinen fan 'e teannen is de hakke ien fan 'e dielen fan 'e foet dy't by stean en rinnen it gewicht drage. Dêrom groeit der op 'e soal fan 'e hakke in tsjûke laach yl. De hakke is mei de trijehadige kûtspier (triceps surae) yn it kût fan 'e ûnderskonk ferbûn troch de haksine (Nederlânsk: Achillespees). As dy trochsnien wurdt (bgl. by in ûngelok of foarhinne ek wol by wize fan liifstraf) kin men net mear goed rinne om't de foet dan net mear mei de tean omleech beweegd wurde kin.

De hakke fan in minske.

By langskonkige sûchdieren, sawol by hoefdieren as by bisten mei klauwen dy't eins op 'e teannen rinne, is de hakke in ein boppe de grûn posisjonearre. By soalgongers rêst de hakke, lykas by minsken, op 'e grûn. By fûgels sit de hakke by de nei efteren wizende knier (gewricht) healwei de poaten, dy't troch leken ornaris oansjoen wurdt foar de knibbel, mar dy't eins it ankel is. (De echte knibbel sit by fûgels sa heech dat er ferburgen is ûnder de fearren.)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


  NODES
Note 1