Hallum

doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân

Hallum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hallum leit noardeastlik fan Hijum, westlik fan Wânswert en súdwestlik fan Marrum. Op 1 jannewaris 2023 hie Hallum 2.675[2] ynwenners. De doarpskearn leit rûnom de Sint-Martinustsjerke oan ferskate strjitten.

Hallum
Langebuorren
Langebuorren
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 2.675 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 29,95 km², wêrfan:
- lân: 29,69 km²
- wetter: 0,25 km²
Befolkingsticht. 90 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 5° 47' E
Offisjele webside
www.hallumonline.nl
Kaart
Hallum (Fryslân)
Hallum

De buorskippen Fiifhuzen en Hallumerhoeke hearre ek by Hallum. Earder hearde Alde Leie (diel) ek by Hallum, mar dat is sûnt 1984 in selsstannich doarp.

 
Hallum om 1950 hinne

In ferklearring fan de namme fan Hallum (yn de âlde stavering Hâllum) kin 'doarp op de hichte' wêze. De namme soe ôflaat wêze fan it Aldfryske wurd 'havilla' of 'hal', dat 'hichte' betsjut. In oare ferklearring soe 'hiem fan Halle' wêze kinne. 'Hal' kin ek ferwize nei 'hillich' of it hiem fan de goadinne 'Hal, Hel, Holda' of 'Hollier'. Wer oaren tinke dat it wurdt 'hal' (of 'health') hoeke of skûlplak betsjut.

Skiednis fan it doarp

bewurkje seksje

Yn Hallum binne yn 2007 produksjeresten fan in koperslagger fûn út de tiid om 400 hinne. Der sieten twa ringen en in diel fan in knyft by. Boppedat sieten der ek in tal fibula’s en potdiggels by.

It doarp is ûntstien op in terp op de kwelderwâl tsjin de Waadkust oan. Der wurdt tocht dat it begjin fan Hallum yn de Romeinske tiid leit. Yn 11e iuw waard der in seedyk, no de Hege Hearrewei, oanlein. Hallum kaam sa yndyksk te lizzen. Stadichoan is doe it bebouwen begûn; der kamen tsjerkepaden mei huzen dêroan. Yn in âlde kronyk wurdt Hallum in 'hofstêd' neamd. Dat wol sizze in wichtige parochy. Letter waard der ek bûten de terp boud, foaral by de feart.

Oant 2019 wie Hallum it grutste doarp fan de gemeente Ferwerderadiel. Yn dat jier gyng Hallum mei de rest fan de gemeente op yn de doe nije gemeente Noardeast-Fryslân.

De Hallumer Trekfeart

bewurkje seksje

It doarp waard ûntsletten troch de Hallumer Mear nei Bartlehiem. 'Mear' betsjut grinsskieding. Yn 1648 waard der in jaachpaad neist de feart oanlein, tsjintwurdich is dêr it nijbouplan 'Oer de Feart' oanlein. Boatsjeminsken hawwe dêr harren boat foar it hiem lizzen. De Hallumer Feart biedt ek perspektyf foar rekreaasje.

 
Yn de omkriten fan Hallum is dúdlik dat it kleasterbesit fan Mariëngaarde en Nazareth en de stinslokaasjes elkoar oanfolje
 
Sytsjemastate yn al syn gloarje
 
Sloterdijkhûs (1723)

Om Hallum hinne leinen eartiids ferskillende states:

  • De wichtichste wie Goslingastate (of Aebingastate), dy't fuort sûdlik fan de doarpskearn lei. Nei de Goslinga's is de state oergien nei de Roorda's. Dy waarden wer opfolge troch de Burmania's. Op it plak fan de eardere state waard yn 1905 in pleats boud. Fan de state binne it 18e-iuwske hek, in pear túnfazen en in sinnewizer bewarre bleaun.[3]
  • In oare state wie Sytsjemastate, dy't eastlik fan it âlde doarp stie. Dy waard al yn 1307 neamd as wenplak fan Oene Sytsjema, grytman fan Ferwerderadiel. Letter binne dêr de Burmania's kommen. Sytsjemastate is yn 1798 ôfbrutsen. De stiennen waarden brûkt om de Waltastate yn Boazum, dy't net rjochtlik ôfbrutsen wie, op 'e nij te bouwen. [4]
  • Tsjin Hijum oan lei súdwestlik fan Hallum Ondersmastate, dêr't ûnder oaren riedshear en diplomaat Allard Pieter fan Jongstal wenne. Yn de 16e iuw is dêr in nije state boud. Yn 1800 wie dy al wer ôfbrutsen. De state is ek bekend as it 'Hûs fan Berou' of 'Jongestalstate'.
  • Westlik fan de state stie de Offingastate, dy't nei alle gedachten yn 1738 ôfbrutsen is. [5]

Oare states wiene noardwestlik fan Hallum de Feitsmastate en de Jayemastate. Op Jayemastate hat Schelte Jajema wenne. Hy is yn 1228 yn in gefjocht sneuvele. De nammen fan de states bliuwe yn 't ûnthâld troch nei de states ferneamde strjitnammen. Op it plak fan de eardere states steane tsjintwurdich pleatsen. Fan de Feitsmastate is it terrein noch goed te werkennen troch de grêft. Oan de gevel fan de kop fan de pleats binne oansetkrullen ferwurke, dy't mooglik fan de eardere poarte fan de state stamme. Yn de gevel fan it hûs is it alliânsjewapen Feitsma-Douma en it jiertal 1602 oanbrocht.[6]

De kleasters

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kleaster Mariëngaard.

Under Hallum foelen twa kleasters. De ferneamde abdij Mariëngaarde en it nonnekleaster Genezareth, ek wol Nazareth neamd.

De Martinustsjerke

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Sint-Martinustsjerke (Hallum).
 
De Martinustsjerke mei sealtek (1732)
 
Sint-Martinustsjerke

De tsjerke is wijd oan Sint-Marten. Neffens de libbensbeskriuwing fan Freark fan Hallum moat op it plak earder in tsjerke stien hawwe. Deryn wurdt ek beskreaun dat de pommeranten fan Hallum rûzje hienen. Dat moast útfochten wurde. In part flechte de tsjerke yn. De oaren wisten dêr wol rie op en stieken de tsjerke yn 'e brân. It âldste stik is de oanbou oan de noardkant. Letter hat dêr, nei't der wol tocht wurdt, it alter fan de fikarus, kapelaan, stien. Op dy oanbou stie in tuorke, yn 'e folksmûle 'De lytste toer' neamd. Dêr kin it oarspronklike angelusklokje yn hongen hawwe. Dy oanbou kin om 1100 hinne boud wêze as tsjerke. Der kaam ek in súdlike oanbou. De Hallumers sprekke oer de 'Koarte Gaarde'. Dat is in ferbastering fan Corps du Garde. Yn Frânske tiid wie der in Frânske besetting yn Hallum. De Hallumer toer wie in part fan it seinstelsel dat Napoleon oer syn hiele ryk brûkte foar it trochjaan fan befellen.

Yn 1804 stoarte by wurk de sealtektoer yn. Ek it noch mar 40 jier âlde Hinsz-oargel waard ferwoaste. De Hallumers gienen oan 'e slach en yn 1806 waard de spitse toer lykas dy der noch stiet foltôge. Yn 1811 hie Johan Adolf Hillebrand ek wer in nij oargel foar de tsjerke boud, de masterfeint fan de oargelbouwers Albertus fan Gruisen en Soannen. Hardorff en oaren brochten der faak feroarings oan.

De preekstoel is makke yn 1773. Hy is ryk fersierd mei moai snijwurk fan Embderveld. Ek sit der oan de oargelkas snijwurk. Yn de tsjerke hingje noch roubuorden dy't in oantinken jouwe oan de eardere Hallumer slachten. Yn 1876 makke Jacob Douma it getten izeren stek om it tsjerkhôf hinne.

De Hoekstien

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side De Hoekstien (Hallum).
 
De Hoekstien

Yn 1836 waard der troch Hendrik de Cock in ôfskieden tsjerke stifte. De gemeente groeide en der waard besletten om in eigen dûmny te beroppen. Dat waard Marten Annes Ypma fan Minnertsgea. Der waard ôfpraat dat salang hy noch by Tamme Foppes de Haan studearre, hy 200 gûne traktemint krije soe. As er klear wie, krige er 400 gûne. Yn 1845 wie dat safier. Doe blykte it dat de Hallumers fergetten wienen wat hja fersein hienen. Ypma krige in berop fan in emigraasjeferieniging en gie yn 1846 nei Amerika. De Hallumers betochten te let dat it sa net moatten hie.

De ôfskieden gemeente is letter mei de dolearjende gemeente tegearre gien. Yn 1913 waard de âlde tsjerke troch de tsjintwurdige tsjerke ferfongen neffens in ûntwerp fan de op 'e Gordyk berne arsjitekt Tjeerd Kuipers. Yn 1946 hat in part de Frijmakke Grifformearde Tsjerke stifte.

Yn 2006 hat de fúzje fan de grifformearde tsjerke mei de herfoarmen plak hân. Sûnt draach de protestantske gemeente nei it eardere kleaster de namme 'Prostestantske Gemeente 'Mariëngaarde'. As motto is der keazen foar wat oan de eardere Hallummer pastoar Freark fan Hallum taskreaun wurdt: 'God loovje en jins brea diele mei wa't it minder hawwe'. De eardere grifformearde tsjerke krige de namme De Hoekstien.

De Fermoanje

bewurkje seksje

De fermoanje is der yn 1875 delset. Hallum hat al hiel lang in menniste-gemeente. Sûnt 1780 hiene de mennisten harren gebou oan de Langebuorren (nû. 53). Dat is tsjintwurdich in wenhûs. De mennisten hawwe harren fermoanje sûnt 1912 oan de Offingawei. De dûmny wurdt dielt mei de mennisten fan Sint Anne.

 
De Sawn Stjerren

It doarp hat in feriening fan Doarpsbelang en in kommisje foar it jierlikse doarpsfeest. It doarp hat twa skoallen: Op 'e Dobbe en It Fundamint. It iepenloftswimdbad hjit "De Sân Stjerren". It doarpsblêd hjit it Sân Stjerren Nijs. It histoarysk argyf komt te stean by it argyf op de side fan de LC.

Hallumers wurde foar 'Koekefretters' útmakke.

 
It Fûnemint
 
Op 'e Dobbe
  • De Koekefretters - shantykoar
  • Gospelgroep God Unlimited
  • Hallumer fanfare
  • Toanielferiening 'Foar ús wille' Hallum
  • KV Hallum - kuorbal
  • Wykels-Hallum - fuotbal
  • Keatsferiening Hallum
  • D'r Boppe op - biljerten
  • Turnlust - gymnastyk
  • Havot - folleybal
  • Tennisferiening Hallum
  • Diep Triest - darten

Berne yn Hallum

bewurkje seksje
 
Freark fan Hallum

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje

Yn 1744 wie it ynwennertal 1.009, mar tsjintwurdich wenje der folle mear minsken.

Jier 1744 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2008
Befolking 1009 2617 2492 2367 2293 2282 2775 2747
Jier 2015 2020
Befolking 2748 2663
 
Hallumer bakfabryk

Om 1800 hinne hie Hallum acht sûkereifabriken. Hallumers wurde foar koekefretters útskolden en wurdt ek wol it bakkersdoarp neamd. Der stiet in banketfabryk en in fabryk dêr't toastjes makke wurde. Nei in lange tradysje fan it meitsjen fan bakken kundige Van der Meulen yn 2022 oan it bakfabryk yn Hallum en Broeksterwâld te sluten.[7] Op it terrein fan it ferdwûne koeke- en banketfabryk fan Hellema waard it multifunsjoneel soarchsintrum Hof van Hallum boud. Yn de eardere mingerij/foarmerij en de direksjewente fan it fabryk sil in bakkerijmuseum anneks teeskinkerij, "It Hellemahûs", komme.

Fierders is der noch in metaalfabryk, dat begûn is as ûnderstypjend foar de suvelfabryk. Oan de oare kant fan de strjitwei rjochting Hallumerhoeke is sûnt de jierren 1980 in lytsskalich bedriuwepark oanlein.

  De Wikipedy hat ek in side Kleasterpoldermûne.

Oan de Hallumerfeart/Trekwei stiet súdeastslik fan it doarp de Genezareth-kleastermûne, in muonts dy't yn 1850 boud waard. Eigner is de stifting De Fryske Mole. Fanwegen de útwreiding fan it yndustryterrein west fan it doarp moast yn 1999 de Hoekstermûne ôfbrutsen wurde. De mûne ferhûze ûnder protest fan de Hallumers nei Burchwert, dêr't de mûne wer opboud waard om de yn 1959 ôfbaarnde Aylvamûne te ferfangen.[8] De yn 1848 boude nôt- en pelmûne 'De Reiger' (ek 'Sytsma's mûne') oan de Hearreweisterfeart is al yn 1927 ôfbrutsen.

 
Tsjerkepaad

Alle jierren wurdt op de lêste sneon fan augustus de autocross fan Hallum hâlden, dêr't sa'n 150 koereurs oan meidogge. Der wurdt yn fiif klassen riden: de Grand National Stockcar F1-klasse, de regioklasse H.A.C. 1600 (ferneamd nei de organisearjende partij de Hallumer Autocross Club), de frije klasse (foar de Durk Wagenaarbokaal), de keverklasse en de rodeoklasse. Oan de Grand National, foarhinne de massastart neamd, dogge sa'n 30 stockcars F1 mei, dy't stride om de Kafee H17-bokaal.

Bartlehiem Skeelertocht

bewurkje seksje

Sûnt 1988 wurdt alle jierren mei start en finish yn Hallum de Bartlehiem Skeelertocht organisearre. De wedstriid oer 100 kilometer stiet bekend as iepen Nederlânsk kampioenskip en is acht kear wûn troch Erik Hulzebosch. De rider dy't it measte oanfalt yn 'e wedstriid kriget de Willem Poelstra Wikselbokaal, dy't ferneamd is nei de op 16 oktober 1999 ferstoarne marathonrider Willem Poelstra (24) út Hijum. Tagelyk mei de wedstriid wurdt ek in toertocht organisearre.

Grutste puzel fan de wrâld

bewurkje seksje

Yn novimber 2011 wie de grutste (yn searje makke) puzel fan de wrâld klear. Dy puzel fan 6x2 meter waard makke troch Henk Braak. Hy hie 14 moanne wurk om it 17 kilo swiere gefaarte mei 32.256 puzelstikjes dien te meitsjen. De foarstelling is in plaat fan keunstner Keith Haring besteande út kleurrike puzels besteande út 32 rjochthoeke foarstellings. Om de grutte puzel tsjin de muorre te krijen moast in raam wike, sadat ien grutte muorre ûntstean koe. Foarôfgeand hie Braak al ris in puzel fan 24.000 stikjes makke, dy't in grut oerwâld foarstelde.

 
Pleats Mariëngaarderwei (1810)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·  
  NODES