Hamar
Hamar is de haadstêd fan de provinsje Innlandet yn Noarwegen. De stêd hie 29.353 ynwenners yn 2013. Hy grinzet yn it noardwesten oan Ringsaker, yn it noarden oan Åmot, yn it easten oan Løten en yn it suden oan Stange.
Hamar | ||
Hamar | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Innlandet | |
Gemeente | Hamar | |
Sifers | ||
Oerflak | 350,93 km2 | |
dêrfan lân | 337,62 km2 | |
dêrfan wetter | 13,31 km2 | |
Ynwennertal | 31.999 (2022) | |
Befolkingstichtens | 94,8 inw./km | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
hamar Kommune | ||
Kaart | ||
Hamar waard tusken 500 en 1000 nei Kristus stifte oan de mar Mjøsa, de grutste mar fan Noarwegen. Hamar waard yn 1152 haadstêd fan in bisdom. Hamar wie de iennichste midsiuwske stêd yn Noarwegen bûten de kustregio's.
Plakken yn de gemeente
bewurkje seksjeBerne
bewurkje seksje- Pauline Hall (2 augustus 1890), komponiste
- Rut Brandt (10 jannewaris 1920), fersetsstriidster en twadde frou fan Willy Brandt († 2006)
- Audun Grønvold (28 febrewaris 1976), freestyleskiër
- Even Wetten (12 augustus 1982), reedrider
Sport
bewurkje seksjeBy de Olympyske Winterspullen 1994 yn Lillehammer wie Hamar ûnder oare de gasthear foar it keunstriden en it reedriden.
Hamar is yn Nederlân benammen bekend troch syn iisstadion. It plak wie yn it ferline ek al bekend by Nederlânske riders. Foardat yn Nederlân keunstiisbanen oanlein waarden wie Hamar faak it plak dêr't de kearnploech treende at der thús gjin natueriis wie.
Yn it Vikingskipet (in omkeard Wytsingeskip, fanwege de foarm fan it gebou) wurde geregeldwei hurdrydwedstriden hâlden. Sa waard it WK allround foar manlju hjir hâlden yn 1993. Yn 1994 wie Hamar de lokaasje foar it hurdriden fan de Olympyske Spullen en ek yn 1999 en 2004 waard it WK Allround hjir ferriden. Yn 2009 en 2010 waard Sven Kramer wrâldkampioen yn Hamar.
Galery
bewurkje seksje-
Iisbaan fan Hamar Vikingskipet
-
Domtsjerke fan Hamar
-
Ruine fan de katedraal fan Hamar
-
Olympyske keunstriidhal
-
De eardere iisbaan fan Hamar
-
Mjøsa mar
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|