Hannie Lips (Rotterdam, 16 july 1924Laren, 19 novimber 2012), berne as Hannah Phillips en doetiids ek ferneamd as tante Hannie, wie in Nederlânske telefyzjeomropster.

Hannie Lips (1956)

Lips folge yn 1954 Mies Bouwman op as omropster fan de KRO. Sy wie de earste omropster dy't berneprogramma's uankundige. Swaaie waard it hannelsmerk fan Hannie Lips. Ienris de moanne op waarns swaaide hja as ôfskied mei beide hannen foar it antlit nei de bern. Dat barde ûnder oaren nei ôfrin fan it berneprogramma fan de KRO, Dappere Dodo, in marionettensearje fan Bert Brugman dy't tige súkses. In protte bern swaaiden werom.[1]

Op 12 maart 1958 presintearre hja it tredde Eurofyzjesongfestival, it earste dat yn Nederlân barde. It wie it begjin fan de tradysje dat it festaval organisearre wurdt yn it lân dat it jier dêrfoar wûn hie. Nederlân hie yn 1957 wûn mei it lietsje Net als toen fan Corry Brokken.

Lips spile ek in rol, as harsels, yn de telefyzjerige Hokus Pokus dat kan ik ook (1956) en yn de telefyzjefilm Redt een kind (1959), as dûnseres mei Rudi Carrell.

Yn 1960 en 1962 presintearre hja it Nasjonale sjongfestival yn Nederlân. Hja einige har wurkpaad as omropster yn 1966 en ferskynde dêrnei net mear yn de media.

Sy stoar yn de âldens fan 88 jier yn Laren, Noard-Hollân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Postma, Nico Kindertelevisie is 50 jaar jong yn: BN/De Stem [1]
  NODES