Harry Potter and the Order of the Phoenix

Harry Potter and the Order of the Phoenix is in Ingelsk boek skreaun troch J.K. Rowling. It is it fyfte part fan in rige fan sân oer Harry Potter. It boek beskriuwt it fyfte jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

Harry Potter and
the Order of the Phoenix
algemiene gegevens
auteur J.K. Rowling
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy, berneboek
1e publikaasje 2003, Londen
oarspr. útjwr. Bloomsbury Publishing
rige
rige Harry Potter
● foarich diel Harry Potter and the
   Goblet of Fire
● folgjend diel Harry Potter and the
   Half-Blood Prince
kodearring
ISBN 0 74 75 51 006

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch Jetske Bilker by Utjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fan it earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Order of the Phoenix' soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Oarder fan 'e Feniks' wêze moatte.

Der is ek in film nei it boek útkomme, dy Harry Potter and the Order of the Phoenix hjit.

Harry's ferplichte simmerfakânsje by omke Vernon en muoike Petunia yn 'e Privet Drive is dit jier noch dreger as oare jierren: net allinnich wurdt er troch 'e Mûzema's wer âlderferskuorrendst behanneld, ek syn bêste freonen like him dizze simmer hielgear te negearjen. Harry fynt dat er eat dwaan moat, makket net út wat, om sa rap mooglik weromkeare te kinne nei Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus. Mar dan fynt de fakânsje lykwols in ûnferwacht ein, en it wurdt sels ûnwis of Harry noch wol oan syn fyfte skoaljier op Swiniastate begjinne mei. Nuvere foarfallen steapelje harren op en Harry docht ûntdekkings dy't it him ûnmooglik meitsje rêstich te bliuwen...
Oersette omslachtekst fan 'e Hollânske ferzje fan it boek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
os 2