Dizze side giet oer Hasdrubal Gisko. Foar de broer fan Hannibal, sjoch: Hasdrubal Barka.

Hasdrubal Gisko (ferstoarn yn 202 f.Kr.), dat in latinisearre foarm is fan de namme ʿAzrubaʿal soan fan Gersakkun (Punysk: 𐤏𐤆𐤓‬‬𐤁‬𐤏𐤋 𐤁𐤍 𐤂‬𐤓𐤎𐤊‬𐤍), wie in Kartaachske generaal dy't yn de Twadde Punyske Oarloch tsjin de Romeinen focht yn Ibearje (Hispania) en Afrika.

Hasdrubal Gisko waard yn 214 f.Kr. nei Hispanje stjoerd nei't Hasdrubal Barka, de broer fan Hannibal, yn de maitiid fan 215 f.Kr. yn de Slach by Dertosa ferslein waard. My it oankommen fan Hasdrubal Gisko yn Hispanje betsjutte dat de ein fan de lieding fan de famylje Barka dêre. Yn 212 f.Kr. besleaten de Romeinske generaals yn Hispanje, de bruorren Publius Kornelius Skipio I en Gnaius Kornelius Skipio Kalvus, de Kartagers oan te fallen. Publius Skipio marske op nei de Kartaachske striidkrêften ûnder lieding fan Hasdrubal Gisko en Mago Barka, de jongere broer fan Hannibal en Hasdrubal Barka, dy't fersterke waarden troch de Numidyske kavalery ûnder lieding fan Massinissa. Yn de Slach by Castulo waarden de Romeinen ferslein en Publius Skipio sels sneuvele dêrby. Daliks dêrnei tôge Hasdrubal fluch nei it leger fan Hasdrubal Barka en stean him by. De meiïnoar foarme Kartaachske striidkrêften lokten Gnaius Skipio yn de fal by Ilorca en fersloegen de Romeinen fannijs, dêr't Gnaius ek sneuvele.

Nei't Hasdrubal Barka nei Itaalje ferfear nei't er de Slach by Baecula tsjin de Romeinen ferlear, garre Hasdrubal Gisko hierlingen út Lusitaanje wei. Yn 207 f.Kr. moete er Mago Barka fannijs by Gades yn it suden fan Hispanje. Yn 206 f.Kr. fersterke er syn ynfantery oant likernôch 70.000 manlju en syn kavalery oant 4.500 manlju. Nettsjinsteande dat waarden se troch Skipio Afrikanus, de soan fan Publius Skipio, oanfallen en ferpletterjend ferslein yn de Slach by Ilipa.

Hasdrubal flechte nei Noard-Afrika, dêr't er Syffaks, de kening fan de Berberske stamme fan de Massesyljers yn westlik Numydje, besocht oer te heljen in alliânsje mei Kartago oan te gean. Hasdrubal bea Syffaks syn dochter Sofonisba oan te boaskjen. Doe't Skipio yn 204 f.Kr. yn Afrika oankaam stie der foar de striidkrêften fan Syffaks en Hasdrubal, mei in ynfantery fan 80.000 manlju en in kavalery fan 13.000 manlju, oer. Wylst ûnderhannelings geande wiene stutsen Skipio en syn nije bûnsmaat Massinissa, in Numydjer dy't fan de Kartaachske nei de Romeinske kant oerstapte tagelyk dat Syffaks fan de Romeinske nei de Kartaachske kant oerstapte, it Kartaachsk-Numidysk kamp yn brân. Neffens Polybius ferlearen de Kartagers en de Numydjers dêrtroch goed 40.000 manlju

Syffaks waard mooglik troch syn frou Sofonisba oerhelle net op de haal te gean, en fersterke mei Hasdrubal it leger mei 4.000 Keltibearyske hierlingen. Hja giene fannijs op kriichspaad, mar waarden finaal ferslein troch Skipio en Massinissa yn de Slach op de Grutte Flakten. Hasdrubal gie werom nei Kartago dêr't er himsels yn 202 f.Kr. tekoart die om tefoaren te kommen troch in Kartaachske binde ophongen te wurden.

As in generaal wie er net yn deselde klasse as de bruorren Barka, alhoewol't Titus Livius him as "de bêste en meast ûnderskate generaal nei de trije soannen fan Hamilkar dy't út dizze kriich fuortkaam" beskreau.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES