Helen Allingham (berne as Helen Mary Elizabeth Paterson, Swadlincote, Derbyshire, 26 septimber 184828 septimber 1926) wie in Ingelsk byldzjend keunstnares, akwarellist en yllustrator yn it Fiktoriaansk tiidrek.

Helen Allingham
keunstner
Helen Allingham yn 1903
Helen Allingham yn 1903
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 26 septimber 1848
stoarn 28 septimber 1926
wurkpaad
wurksum as Yllustrator, akwarelist

Libben en wurk

bewurkje seksje

Helen Paterson wie in dochter fan plattelânsdokter Alexander Henry Patterson en de âldste fan de sân bern yn it gesin. Al gau nei har berte ferhuze de famylje nei Altrincham yn Cheshire. Yn 1862 ferlear se har heit en in trijejierrige suster oan diftery, wêrnei't de húshâlding nei Birmingham ferhuze dêr't famylje fan har heit wenne.

Helen har tekentalint die al bliken yn har jonge jierren, faaks ek ynspirearre troch it wurk fan har beppe Sarah Smith Herford en har muoike Laura Herford. Se skreau har yn by de Birmingham School of Design en letter by de "Female School of Art", dy't ûnderdiel wurde soe fan de Londenske Royal College of Art. Yn 1867 waard hja talitten ta de oplieding oan de Royal Academy of Arts yn neifolging fan har muoike Laura, dy't yn 1864 de earste frou wie dy't dêr talitten waard. Se joech har stúdzje lykwols op om, ta stipe fan har mem, en wurk te sykjen as yllustrator. Dat slagge en hja makke mei súkses yllustraasjes foar berneboeken en feuilletons. Hja krige in folsleine goedbetelle baan by it blêd The Graphic. Har wurk ferskynde ek yn it literêre tydskrift The Cornhill Magazine. Yn 1874 krige se de prestizjeuze opdracht om de yllustraasjes te fersoargjen by de searje te publisearjen nije roman fan Thomas Hardys, Far from the Madding Crowd. Se skreau har yn foar jûnslessen by de Slade School of Fine Art, dêr't hja yn de kunde kaam mei de skriuwster en yllustratrise Kate Greenaway, mei wa't se har hiele libben lang freonen bliuwe soe.

 
It pantsje molke

Troch alle nije kontakten, dy't se opdie yn de keunstwrâld moete se de Ierske dichter William Allingham (1824-1889), dy't redakteur fan wie fan Fraser's Magazine en nau befreone wie mei ûnder mear Thomas Carlyle. Hy wie hast twa kear sa âld as har, mar se troude mei him yn 1874. Nei har trouwen hâlde se op mei it meitsjen fan yllustraasjes en rjochte se har, mei sukses, folslein op it akwarellearjen. It pear wenne sân jier lang yn it Londenske Chelsea en krige trije bern, twa jonges en in famke, dy't hja ek yn har wurk feriuwige. Yn dy perioade eksposearre se mear as hûndert wurken.

Yn 1881 ferhuze it gesin nei Witley yn it greefskip Surrey, dêr't hja ynspiraasje fûn yn it lânskip en de gebouwen fan har nije omjouwing, sawol yn Surrey sels as yn de omlizzende greefskippen en op it eilân Wight. It smiet har meast bekende en meast favorite wurken op, dêr't in protte sleet yn siet. Ek makke se wurk yn Feneetsje en makke se ferskate portretten.

Doe't yn 1888 de sûnens fan har man yn 'e delgong rekke, ferhuze de famylje werom nei Londen, dêr't William yn 1889 ferstoar. Se moast doe op 'e nij sels de kost fertsjinje foar har húshâlding. Troch de noch altyd grutte populariteit fan har wurk slagge har dat goed. Yn 1890 waard hja as earste frou lid fan it ferneamde selskip de Royal Watercolour Society. Se bleau skilderjen en eksposearjen oant har dea yn de âldens fan 78 jier.

Neilittenskip

bewurkje seksje

Yn 2000 waard de Helen Allingham Society stichte.[1]

It museum Burgh House yn Hampstead, hat it grutste argyf en de grutste samling fan har wurk.[2]

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES
design 1
eth 1