Helena (Montana)
Helena is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Montana. De stêd waard stifte yn 1864, nei't der goud yn de omkriten fûn waard.
Helena | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Montana | |
County | Lewis en Clark | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 28.190 (2010) | |
Oerflak | 36,3 km² | |
Befolkingsticht. | 710,5 / km² | |
Stêdekloft | 74.801 | |
Hichte | 1.237 m | |
Oar | ||
Stifting | 30 oktober 1864 | |
Tiidsône | Mountain (UTC-7) | |
Simmertiid | Mountain (UTC-6) | |
Offisjele webside | ||
Webside fan Helena |
De pleatslike krante is Independent Record. De stêd hat in fleanfjild ta har foldwaan, Helena Regional Airport (HLN).
Skiednis
bewurkje seksjeDe stêd waard op 30 oktober 1864 stifte, nei de fynst fan goud troch de Four Georgians oan de Last Chance Gulch. De haadstrjitte fan Helena hjit Last Chance Gulch en folget de bochten fan de oarspronklike wetterrin troch it âlde sintrum.
De stêd hjitte yn it earstoan Crabtown, neamd nei John Crab, ien fan de fjouwer Four Georgians (de oaren wiene John Cowan, D. J. Miller en Reginald (Robert) Stanley). Doe't der mear goudsikers nei de stêd teinen en dy hieltiten grutter waard, waard besletten om de namme te feroarjen. John Sommerville stelde út om de namme fan syn berteplak, Sint Helena yn Minnesota te kiezen. De útspraak (Hel-E-na) noaske de goudsikers net, sy seine leaver 'HEL-e-na', mei de klam op 'hel'. It foarheaksel Sint fûnen sy ek tefolle, dat de nije namme waard Helena. Dy namme helle it lykwols mei mar twa stimmen mear as it alternatyf, Tomah.
De stêd waard foar it earst yn kaart brocht yn 1865 troch kapitein John Wood. In protte diken fan no folgje de kringeljende paden fan de goudsikers en streamkes. Sa komt it dat it strjitteplan fan it âlde Helena net de strakke blokstruktuer fan de measte Amerikaanske stêden hat.
Yn 1886 wennen der sa'n 50 miljonêrs yn Helena, mear as op hokker plak yn de wrâld ek. Der waard foar likernôch 3,6 miljard dollars (omrekkene nei de wearde fan 2010) oan goud fûn yn Last Chance Gulch oer in tiidrek fan rûchwei 20 jier.
It offisjele symboal fan Helena is in tekening fan The Guardian of the Gulch, in houten toer dy't yn 1886 boud waard en noch altyd op Tower Hill stiet. De toer tsjinne as útsjochpost om brân te sinjalearen nei in tal grutte brannen tusken 1869 en 1874. De toer ferfong in ienfâldiger foargonger dy't yn 1870 op itselde plak boud waard.
-
Helena, Montana yn 1870.
-
Kaart fan Helena, 1899
-
Helena, Montana yn 2006.
Demografy
bewurkje seksjeBefolkingsgroei
bewurkje seksjeDe getallen oer 1900 - 1990 binne ôfrûne.
Jier | Ynwennertal |
---|---|
1900 | 10.800 |
1906/07 | 16.800 |
1910 | 12.500 |
1916 | 13.600 |
1920 | 12.000 |
1930 | 11.800 |
1940 | 15.100 |
1950 | 17.600 |
1960 | 20.200 |
1970 | 22.700 |
1980 | 23.900 |
1990 | 24.600 |
2000 | 25.780 |
2010 | 28.190 |
Berne yn Helena
bewurkje seksje- Gary Cooper (1901-1961), akteur
- Margaret Craven (1901-1980), skriuwster
- Forrest H. Anderson (1913-1989), politikus en rjochter
- Norman J. Holter (1914-1983), biofysikus
- Thomas Lee Judge (1934-2006), politikus, gûverneur fan Montana
- Patricia Nell Warren (1936), skriuwster en sjoernaliste
- John Patrick Williams (1937), politikus
- Max Baucus (1941), politikus
- Dirk Benedict (1945), akteur
- Patricia Belcher (1954), aktrise
Stoarn yn Helena
bewurkje seksje- Dolly Akers (1901-1986), politika en aktiviste
- Forrest H. Anderson (1913-1989), politikus en rjochter