Yn de Midsiuwen wie de Helwei (Dútsk: Hellweg) in wichtige east-west hannelsrûte troch Dútslân, de rûte wie doe al iuwenâld. It wie de meast wichtige dyk tusken de Ryn, east fan it Teutoburger Wâld, fan Duisburch ôf, dêr't de Ryn en de Ruhr gearkomme, nei Paderborn.[1] Yn de 10e en 11e iuw wie de Hellweg de foarkarsrûten fan de Ottoanske en Salyske keningen en keizers dy't teminsten ienris it jier tusken Saksen en Aken reizgen, at sy teminsten net yn Itaalje of op it oarlochspaad wienen.[2]

De Helwei (yn 't read) yn Dortmund yn 1610, kaart fan Detmar Muhler
Hellweg yn Hildesheim

Doe't yn de Ier Moderne Tiid de stienkoal- en stielyndustry opkaam, ûntjoegen de midsiuwske stêden oan dy hannelsrûte har' ta yndustriële sintrums en naam har ynwennertal bot ta.[3]

De Helwei waard brûkt troch Karel de Grutte yn syn Saksyske krigen en stie letter ûnder keizerlik tafersjoch wat ûnderhâld oanbelange. Yn de midsiuwen moasten lâneigners de helwei in breedte fan teminsten trije meter (de lingte fan in lans) gunne en har stik ek ûnderhâlde. De namme fan de brede iepen dyk troch de bosken stammet fan it Nederdútske helwech (brede, heldere dyk ûnder de iepen loft).

De oarsprong fan Hellweg kin ek Salzweg, de "Sâltdyk" wêze, mei woartels yn it grykske hál-s, en it Keltyske hal, dat 'sâlt' betsjut.

In oare ferklearring is "Paad fan de deaden". Yn Grimm syn Worterbuch is Helvegr de wei nei de Hel, de ûnderwrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. John W. Bernhardt, Itinerant Kingship and Royal Monasteries in Early Medieval Germany, sa.936-1075 (2002), "Westphalia as a transit zone— the 'Hellweg'", siden 177 en f., introduces the medieval use of the Hellweg and offers a bibliography.
  2. Bernhardt 2002:177, noting A.K. Hömberg 1960 and Goetz 1990.
  3. J. Hamhaber, Route Industrie Kultur: geographers' perspectives and contributions to an itinerary of industrial heritage 2007.
  NODES