De Hollânske Isel (Nederlânsk en offisjeel: Hollandse IJssel of ferâldere Hollandsche IJssel) is in ôfspjalting fan de Ryndelta dy't fan de rivier de Lek by Nieuwegein westlik rint troch Iselstein, Gouda, Kapelle oan de Isel en Krimpen oan de Isel en einiget yn de Nije Maas.

Lokaasje Hollânske Isel
Hollânske Isel yn Aldewetter (Oudewater)

De namme docht tinken dat de rivier troch Hollân rint, dochs rint de rivier ek foar in part troch Utert. De namme "Hollânsk" waard taheake om betizing tefoaren te kommen mei de "Gelderske" Isel.

De namme "Isel" komt fan it Germaansk i sala, dat "tsjuster wetter" betsjut.

Oarspronklik wie de Hollânske Isel in ôfspjalting fan de Lek justjes foarby Vreeswijk, dat hjoed-de-dei in wyk fan Nieuwegein is. Dy ferbining waard ôfdamme en de Hollânske Isel foarmet hjoed-de-dei foar wetterôffier fan it omlizzende lân.

Yn tiden fan floeden fan de Noardsee, koe it wetter troch de Nije Wetterwei nei de Hollanske Isel streame om dêr leech lizzend lân ûnder te strûpen. By de Deltawurken waard in stielen konstruksje makke, dy't yn inkelde minuten it wetter keare koene. Dy beskermingsbouwurken waarden boud oan de mûning fan de Hollânske Isel yn 1957.

  NODES